In soapsearje (of koartwei soap) is in langrinnende en faak deistich (4 of 5 kear wyks) útstjoerde tillefyzjesearje wêryn't fan dei ta dei it libben fan in groep fiktive persoanen folge wurdt. De doelgroep foar sokke programma's bestiet foar it meastepart út froulju en oarspronklik waarden soapsearjes oerdeis útstjoerd, om't húsfroulju gjin fêste wurktiden hawwe.

De akteurs en makkers fan 'e Amerikaanske soapsearje The Bold and the Beautiful, yn 2010.

De namme "soapsearje" is ôflaat fan it Amerikaansk-Ingelske soap opera, in oantsjutting dy't ûntstien is om't de earste soapsearjes (soap is Ingelsk foar "sjippe") sponsorre waarden troch waskmiddelfabrikanten, lykas Procter & Gamble, Colgate-Palmolive en Unilever, en de programma's geregeldwei ûnderbrutsen waarden foar reklamespotsjes foar skjinmakprodukten.

Skaaimerken fan soapsearjes binne dat frijwol it hiele programma út dialogen tusken twa of mear akteurs yn in beheind tal dekôrs bestiet, wêrby't in protte gebrûk makke wurdt fan close-upbylden. It wol en wee fan 'e personaazjes wurdt dêrby útfergrutte, mei in protte swierrichheden op it persoanlike flak (lykas skiedings, bûtenechtlike relaasjes, sykten en selsmoard). Oare skaaimerken binne: tige foarsisbere ferhaallinen; it bestean fan in protte personaazjes dy't like wichtich binne sûnder dat er in echt haadpersonaazje is; it bestean fan in soad ferhaallinen njonkeninoar; it stereotype karakter fan 'e measte personaazjes; en it almar wer fierder gean fan it ferhaal mei nije ferwikkelings sûnder dat der ea in ein oan komt.

As der yngripende dingen foarfalle, lykas ûngemakken, dan wurdt it ûngemak sels net yn byld brocht (dêrfoar is it budget fan soapsearjes oer it algemien fierstente lyts), mar wol de gefolgen (minsken dy't ynpakt yn ferbân yn it sikehûs lizze). Itselde jildt foar slaanderij, de berte fan in poppe, ensfh. Ek as immen komt te ferstjerren, is útsoarte inkeld it praat oer it stjergefal en eventueel de begraffenis te sjen. Faak stjerre personaazjes net oan âlderdom of sykte, mar wurde se ûnder ûndúdlike omstannichheden wei, it leafst yn it bûtenlân, sadat akteurs dy't harsels út 'e searje skriuwe litte eventueel in pear jier letter har rântree meitsje kinne.

Untwikkeling

bewurkje seksje

De ierste soapsearjes waarden yn 'e jierren tritich fan 'e tweintichste iuw yn 'e Feriene Steaten útstjoerd as harkspullen op 'e radio, en yn 'e jierren fjirtich kamen de earste soaps op 'e Amerikaanske tillefyzje. Fanôf de jierren santich waarden guon kwalitatyf bettere soapsearjes, lykas Dallas, Dynasty en Falcon Crest ek jûns útstjoerd. Yn 'e tachtiger jierren begûnen Amerikaanske tillefyzjemakkers soapeleminten te ynkorporearjes yn oarsoartige searjes, lykas de plysjesearje Hill Street Blues en de sikehûsrige St. Elsewhere. Yn 'e njoggentiger jierren ûntstiene der in protte soapsearjes dy't rjochte wiene op in jonger publyk, lykas Beverly Hills, 90210, Melrose Place en Dawson's Creek. Sûnt 2000 is it sjenre fan 'e jûnssoap refitalisearre mei searjes as Desperate Housewives, Grey's Anatomy en Ugly Betty.

Bekende soapsearjes

bewurkje seksje
  •   Amerikaansk:
    • All My Children
    • As the World Turns
    • Beverly Hills, 90210
    • The Bold and the Beautiful
    • Dallas
    • Dawson's Creek
    • Days of Our Lives
    • Desperate Housewives
    • Dynasty
    • Falcon Crest
    • General Hospital
    • Grey's Anatomy
    • Melrose Place
    • One Life to Live
    • Peyton Place
    • Santa Barbara
    • Ugly Betty
    • The Young and the Restless

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.