In praatprogramma, ek wol oantsjut mei de Ingelske term talkshow, is in tillefyzje- of (minder faak) radioprogramma, wêrby't it haadoandiel út praten bestiet. Ornaris hat dêrby de presintator fan it oangeande programma yn 'e studio ien of mear persoanen te gast, mei wa't hy of sy efterinoar of soms ek trochinoarhinne in fraachpetear oangiet.

Der besteane ferskillende subsjenres fan it praatprogramma. Ien fan 'e bekendsten dêrfan is dy dy't poer oan it nijs of de aktualiteit wijd is, en dy't sadwaande faak tige earnstich fan toan is (bgl. Pauw of Buitenhof). Oare praatprogramma's geane oer in beskaat ûnderwerp, lykas sport (Voetbal Inside), sûnens (Dr. Phil), it sakelibben (Business Class) of dingen dy't taspitst op in froulik publyk (Oprah, Koffietijd). Wer oare praatprogramma's binne humoristysk fan toan (Jensen, Late Night with Jimmy Fallon), wêrby't it faak suver de bedoeling liket om safolle mooglik fragen sa ad rem mooglik te beäntwurdzjen, ek al is dêrtroch de eigentlike ynformaasje-oerdracht frijwol nihyl.

By in protte Amerikaanske praatprogramma's hat de presintator in assinstint, de ko-presintator, dy't yn it Ingelsk faak as sidekick oantsjut wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.