Star Wars: Forces of Destiny

Star Wars: Forces of Destiny is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2017 oant en mei 2018. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Krêften fan Lotsbestimming". Star Wars: Forces of Destiny is net in ferfolchsearje mar in blomlêzing fan op harsels steande ôfleverings, wêryn't eltse kear (op twa ôfleverings nei) in froulik personaazje út 'e Star Wars-franchise beljochte wurdt. Yn totaal waarden der 32 ôfleverings makke.

Star Wars: Forces of Destiny
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Dave Filoni
Carrie Beck
Jennifer Muro
produsint Jacqueline López
útfierend
   produsint
Carrie Beck
Dave Filoni
basearre op Star Wars fan George Lucas
muzyk Ryan Shore
tillefyzjestudio Lucasfilm Animation
Ghostbot
distribúsje Disney Digital Network
spilers
haadrollen Ashley Eckstein
Olivia Hack
Catherine Taber
Vanessa Marshall
Lupita Nyong'o
Daisy Ridley
voice-over Lupita Nyong'o
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction, fantasy,
aksje, aventoer
seizoenen 2
jierren 20172018
tal ôfl. 32
spyltiid (ôfl.) 2-3 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside partners.disney.com/star-wars-forces-of-destiny
besibbe searjes Star Wars: The Clone Wars
Star Wars: Rebels
Star Wars: Resistance

Produksje bewurkje seksje

De produksje fan Star Wars: Forces of Destiny waard op 12 april 2017 oankundige, en op 14 april waard der in spesjale preview fan 'e tekenfilmsearje jûn by de Star Wars-fiering yn Orlando. De searje waard ûntwikkele troch Dave Filoni, Carrie Beck en Jennifer Muro. Jacqueline López wie as tillefyzjeprodusinte by it projekt belutsen foar tekenfilmstudio's Lucasfilm Animation en Ghostbot, wylst Filoni en Beck as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje hiene. De titelmuzyk en de soundtrack wie it wurk fan Ryan Shore.

De distribúsje fan Star Wars: Forces of Destiny waard fersoarge troch it Disney Digital Network. De searje waard útstjoerd op 'e tillefyzjestjoerder The Disney Channel. Star Wars: Forces of Destiny rûn twa seizoenen, fan july 2017 oant en mei maaie 2018. Der waarden yn totaal 32 ôfleverings makke fan elts likernôch 2 oant 3 minuten. It wie de earste tekenfilmsearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise sûnt Star Wars: Clone Wars út 2003-2005 dy't gebrûk makke fan twadiminsjonale animaasje. Alle ôfleverings fan Star Wars: Forces of Destiny binne ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt bewurkje seksje

Star Wars: Forces of Destiny is gjin ferfolchsearje, mar in soarte fan blomlêzing, wêrfan't alle ôfleverings op harsels steane en gauris oare haadpersoanen hawwe. Oer it algemien beljochtet eltse ôflevering in froulik personaazje út 'e Star Wars-franchise, lykas Ahsoka Tano, Rey, Hera Syndulla, Padmé Amidala, prinsesse Leia Organa, Qi'ra, Jyn Erso, Maz Kanata, Rose Tico en Sabine Wren. Foar twa ôfleverings jildt dat lykwols net. Dêrby giet it om The Path Ahead (ôfl. 7 fan seizoen 2) en Porgs! (ôfl. 12 fan seizoen 2). Dy ôfleverings geane oer Luke Skywalker, resp. Chewbacca.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje                       akteur/aktrise
voice-over Lupita Nyong'o
Ahsoka Tano Ashley Eckstein
Qi'ra Olivia Hack
Padmé Amidala Catherine Taber
Hera Syndulla Vanessa Marshall
Maz Kanata Lupita Nyong'o
Rey Daisy Ridley
Jyn Erso Felicity Jones (seiz. 1)
Helen Sadler (seiz. 2)
Sabine Wren Tiya Sircar
Rose Tico Kelly Marie Tran
prinsesse Leia Organa Shelby Young
Ketsu Onyo Gina Torres
Luke Skywalker Mark Hamill


wichtichste byrollen
personaazje akteur/aktrise            
Jedi-ridder Anakin Skywalker Matt Lanter
Hondo Ohnaka Jim Cummings
Jedi-master Yoda Tom Kane
Ezra Bridger Taylor Gray
Tristan Wren Ritesh Rajan
Finn John Boyega
C-3PO Anthony Daniels

Seizoenen bewurkje seksje

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 16 3 july 2017 1 novimber 2017 The Disney Channel
2 16 19 maart 2018 25 maaie 2018

Untfangst en resultaat bewurkje seksje

De webside SyFy Wire neamde Star Wars: Forces of Destiny "in geweldich idee op 'e siik nei in folle bettere útfiering". Dat oardiel waard sa fertsjutske: "Wat in frousintryske ferzje fan Genndy Tartakovsky syn Star Wars: Clone Wars út 2003 wêze kinnen hie, is ynstee in rige ferhalen sûnder ûnderling ferbân, op basis fan in tipelsinnige fisuele estetyk. […] Ek al is it alderaardichst om te sjen dat dizze froulike personaazjes wat mear byldtiid krije, dochs is it noch net genôch."

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)