C-3PO (Ingelske útspr.: [ˌsiːˈθɹiːpioʊ], likernôch: "sii-zrii-pi-joo"), soms stavere as See-Threepio, is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. It is in minskfoarmige robot, in androïde (hoewol't alle robots yn Star Wars oantsjut wurde as androïden), mei spesjalistyske kennis fan talen en gewoanten. C-3PO makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch Anthony Daniels. Dyselde spile de rol ek yn acht oare Star Wars-films. C-3PO is gauris yn it selskip fan in oare robot, R2-D2. It duo, mar fral C-3PO, soarget yn 'e films foar de komyske noat. Nettsjinsteande syn oerdreaune leffens en ûnbewustens fan 'e wichtige foarfallen dy't om him hinne barre, spilet er bytiden krúsjale rol.

C-3PO
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt protokolandroïde
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
R2-D2
Luke Skywalker
Anakin Skywalker
prinsesse Leia
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Yn it meastepart fan 'e films en tillefyzjesearjes dêr't er yn ferskynt, hat C-3PO in uterlik dat bestiet út glânzgjend ferguld op metalen beplating, mei in fersulvere rjochterûnderskonk fan knibbel oant ankel. Syn uterlik ferskilt lykwols fan film ta film. Sa is er yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace te sjen sûnder beplating, yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones mei in matte koperne beplating, en yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens mei in readmetalen lofterearm.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Oarspronklike Star Wars-trilogy

bewurkje seksje

It publyk kaam mei C-3PO (spile troch Anthony Daniels) yn 'e kunde yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983). Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) ferskynt foar it earst oan board fan it romteskip de Tantive IV, dêr't prinsesse Leia foarôfgeande oan har arrestaasje troch Darth Vader, de hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen, yn it binnenste fan 'e androïde R2-D2 ferstoppet. Neitiid jout se R2-D2 en C-3PO opdracht om dy blaudrukken by de Jedi-master Obi-Wan Kenobi op 'e planeet Tatooine te bringen. De beide androïden wurde lykwols fongen troch Jawa's, in ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op dy planeet, dy't harren ferkeapje oan 'e boer Owen Lars.

Lars syn omkesizzer en pleechsoan Luke Skywalker ûntdekt yn R2-D2 it boadskip fan prinsesse Leia oan Obi-Wan. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan. Neitiid reizget C-3PO mei R2-D2, Obi-Wan en Luke nei de delsetting Mos Eisley, dêr't Obi-Wan de smokkelders Han Solo en Chewbacca ynhiert om harren nei de planeet Alderaan te bringen, dêr't de blaudrukken fan 'e Deadsstjer by it Rebelleferbûn ôflevere wurde moatte. By oankomst blykt Alderaan lykwols troch de Deadsstjer ferneatige te wêzen. De Millennium Falcon, it romteskip fan Han, komt fêst te sitten yn 'e lûkstriel fan it romtestasjon, mar de opfarrenden ûntkomme oan finzenname en ynfiltrearje de Deadsstjer. Dêr befrije se prinsesse Leia, dy't dêr finzen holden wurdt, mar se ferlieze Obi-Wan oan in duël mei Vader foar't it harren slagget om te ûntkommen. As R2-D2 letter skansearre rekket yn 'e Slach by Yavin (wêryn't de Deadsstjer ferneatige wurdt), biedt in oerstjoere C-3PO oan om ûnderdielen te donearjen foar de reparaasje.

Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) identifisearret C-3PO in ferkenningsrobot yn 'e neite fan 'e rebellebasis op 'e iisplaneet Hoth, wat de rebellen der opmerksum op makket dat de lokaasje fan 'e basis net mear geheim is. As stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk neitiid de basis oanfalle, slagget it de measte rebellen om te ûntkommen. C-3PO set dêrby ôf yn 'e Millennium Falcon mei Han Solo, Chewbacca en prinsesse Leia. Nei ferskate aventoeren bedarje se yn 'e Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, dêr't de stikken rekke Millennium Falcon reparearre wurde moat. Se wurde gastfrij ûnthelle troch Lando Calrissian, de bestjoerder fan 'e Stêd yn 'e Wolkens, dy't in âlde freon fan Han is. As C-3PO lykwols op ferkenning útgiet, wurdt er by it binnengean fan in keamer delsketten troch in stoarmtroeper dy't bûten byld bliuwt.

Hy wurdt letter troch Chewbacca yn stikken weromfûn yn 'e in recyclingfasiliteit, mar it slagget him net om op 'e tiid in warskôging te jaan. Nei't oan it ljocht kommen is dat Lando ûnder ien tekken skûlet mei Vader, wurde Han, Chewbacca en Leia finzen nommen. Chewbacca mei de stikken fan C-3PO hâlde, dy't er yn syn sel wer yninoar besiket te setten, yn 't earstoan sûnder folle súkses. Nei't Han Solo troch Vader yn karbonyt beferzen weijûn is oan 'e preemjejager Boba Fett, rint Lando oer en befrijt er Leia en Chewbacca, wêrnei't se mei in noch mar heal werboude C-3PO yn 'e Millennium Falcon de Stêd yn 'e Wolkens ûntflechtsje. R2-D2, dy't mei Luke arrivearre is foar in befrijingsaksje, jout him by de groep en set oan board fan 'e Millennium Falcon útein mei de echte reparaasje fan C-3PO.

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) stjoert Luke C-3PO en R2-D2 mei in boadskip nei it haadkertier fan 'e gangster Jabba de Hutt, op 'e planeet Tatooine. Dyselde hâldt nammentlik de noch altyd yn karbonyt beferzen Han Solo fêst. Jabba beslút de beide androïden te hâlden, wêrnei't C-3PO him as tolk tsjinnet. Sadwaande is C-3PO op 'e eftergrûn oanwêzich by de finzenname fan Leia en Chewbacca troch Jabba, de oankomst fan Luke, dy syn duël mei de rancor en de rêding troch Luke en Lando fan al harren freonen as Jabba him, Han en Chewbacca oan 'e sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon fuorje wol. By dat lêste gefjocht rekket C-3PO skansearre as in húsdier fan Jabba ien fan syn fotoreseptors útskuort, foar't er op 'e flecht jage wurdt troch in stroomstjit fan R2-D2.

Neitiid beselskippet C-3PO mei R2-D2, Luke, Leia, Han en Chewbacca in kommando-ienheid fan 'e rebellen nei it oerflak fan 'e boskmoanne Endor, dêr't se in generatorfasiliteit sabotearje moatte dy't it enerzjyskyld opwekket foar de twadde Deadsstjer fan keizer Palpatine. Op 'e moanne komme se yn kontakt mei de lânseigen Ewoks, dy't Luke, Han, Leia, Chewbacca en R2-D2 finzen nimme, mar C-3PO omreden fan syn beplating fan ferguld as in godheid beskôgje. As de Ewoks harren minsklike finzenen bedriigje, brûkt Luke de Krêft om C-3PO sweve te litten, wat sabeare syn godlike krêften bewiist. Dêrop dogge de Ewoks wat C-3PO seit en litte se syn freonen los. Dy jûns fertelt C-3PO de Ewoks oer de skiednis fan 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk, dêr't se bot fan ûnder de yndruk binne. De oare deis, as de rebellen in wraam op 'e generatorfasiliteit dogge, rinne se yn in fâle dy't opset is troch keizer Palpatine, en wurde se finzen nommen. De Ewoks komme harren lykwols mei mannemacht te help en ferslane de Keizerlike stoarmtroepers, sadat de generatorfasiliteit sabotearre en de twadde Deadsstjer ferneatige wurde kin.

Star Wars-prequeltrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), dy't 32 earder spilet as de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope, wurdt yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) de oarsprong fan C-3PO toant, as in robot dy't troch de njoggenjierrige Anakin Skywalker op Tatooine yninoar nifele is út twaddehâns ûnderdielen. As Anakin it selskip fan Jedi-master Qui-Gon Jinn en keninginne Padmé Amidala fan Naboo moetet, dêr't ek R2-D2 diel fan útmakket, komme de beide androïden foar it earst mei-inoar yn 'e kunde. Letter helpe se Anakin tegearre as diel fan syn pitcrew om in race te winnen. As Anakin neitiid as learling oannommen wurdt troch Qui-Gon Jinn en mei dyselde ôfset, bliuwt C-3PO op Tatooine efter by Anakin syn mem Shmi.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, wurdt Shmi ûntfierd en martele troch in groep Tuskenkapers, in lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens op Tatooine. Anakin, no folwoeksen en in padawan fan master Obi-Wan Kenobi, fernimt har pine fia de Krêft en reizget nei Tatooine ta. Hy hat Padmé Amidala op sleeptou, dy't nei har termyn as keninginne no senator is, en oan wa't er as liifwacht tawiisd is. C-3PO bringt harren yn kontakt mei Cliegg Lars, mei wa't Shmi yn 'e tuskentiid troud is. As Anakin syn mem stjerrend weromfûn hat, wennet C-3PO har begraffenis by.

Neitiid reizget C-3PO mei Anakin, Padmé en R2-D2 nei de planeet Geonosis ta, dêr't Obi-Wan ûnderwilens finzen nommen is troch de Sith greve Dooku. Dêr folget er R2-D2 nei in fabryk dêr't oarlochsrobots produsearre wurde. Troch in brike set wurdt him de holle fan 'e romp skuord, dy't dêrnei op it lichem fan in oarlochrobot pleatst wurdt, wylst de holle dy't foar de oarlochsrobot bedoeld wie, op syn lichem komt te sitten. Beynfloede troch de programmearring fan 'e oarlochsrobot nimt C-3PO mei tsjinnichheid diel oan 'e klimaktyske gefjochtssêne yn 'e arena, wêrby't er tsjinholden wurdt troch de Jedi Kit Fisto. Nei't syn holle en lichem troch R2-D2 wer oaninoar set binne, is C-3PO oan 'e ein fan 'e film tsjûge fan 'e geheime trouwerij fan Anakin en Padmé

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) is C-3PO ien fan mar in selekt selskip dat op 'e hichte is fan it swierwêzen fan Padmé. Nei't Anakin ta proai falt oan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft en in hantlanger fan keizer Palpatine wurdt, dy't him de nije namme Darth Vader jout, binne C-3PO en R2-D2 by him as er alle oanwêzigen yn it haadkertier fan 'e Jedi op Coruscant útmoardet. C-3PO rasjonalisearret dy oarlochsmisdie troch derop te wizen dat syn master op 't heden in protte stress hat.

Neitiid bejout Vader him mei R2-D2 nei de planeet Mustafar, dêr't er de lieders fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels om hals bringt. Padmé reizget him mei C-3PO efternei, en nei harren lêste konfrontaasje, wêrby't Vader Padmé smoart oant se bewusteleas rekket, bringe C-3PO en R2-D2 har yn feilichheid. Letter is C-3PO derby as Padmé befalt fan in twilling, dy't se Luke en Leia neamt, en koart dêrnei ferstjert. Dêrnei wurde C-3PO en R2-D2 eigendom fan Bail Organa, de senator foar Alderaan, de nije pleechheit fan Leia. Dyselde jout befel om it ûnthâld fan C-3PO te wiskjen om it bestean en de lokaasje fan 'e beide poppen geheim te hâlden, wêrnei't er harren oerdraacht oan Raymus Antilles, de kaptein fan 'e Tantive IV.

Star Wars-ferfolchtrilogy

bewurkje seksje

De Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) is C-3PO te sjen mei in reade earm, mar oan 'e ein fan 'e film kriget er wer in earm mei fergulde beplating. Hy spilet in rol op 'e eftergrûn as lid fan it team fan fersetslju om Leia hinne as se Han Solo, Chewbacca, Rey, Finn en de androïde BB-8 oppikt op 'e planeet Takodana. Letter wurdt C-3PO weriene mei R2-D2, nei't dy himsels wer op 'e nij opstart hat nei jierren yn sliepstân trochbrocht te hawwen.

 
Akteur Anthony Daniels, dy't C-3PO yn alve films spile, mei de holle fan C-3PO.

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) tsjinnet C-3PO benammen as assistint fan Leia en, wylst hja bewusteleas is, ek fan fersetspiloat Poe Dameron. Sa't syn wenst is, sit er oanhâldend yn noed oer gefaarlike misjes dy't oaren útfiere. Oan 'e ein fan 'e film sjocht er foar it earst yn jierren Luke Skywalker wer werom, dy't nei him knypeaget ear't er syn lêste striid oanbynt mei Kylo Ren.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) beselskippet C-3PO Rey, Finn, Poe, Chewbacca en BB-8 nei de planeet Pasaana, dêr't se in kontaktpersoan fan Luke moetsje sille dy't ynformaasje hat oer in artefakt fan 'e Sith. Dy kontaktpersoan blykt Lando Calrissian te wêzen. Nei't se it artefakt bemachtige hawwe, sjogge se dat it in Sith-dagge is, foarsjoen fan tekst dy't, as er ûntsifere wurde kin, in oanwizing befettet oer de lokaasje fan 'e weropstiene Palpatine en de nije float fan 'e Ivige Sith. Mei't C-3PO mear as sân miljoen foarmen fan kommunikaasje oersette kin, liket dat in putsje foar him, mar it docht bliken dat yn syn programmearring in obstakel ynboud sit dat foarkomt dat er de taal fan 'e Sith oerset.

De fersetslju witte op 'e planeet Kijimi in hacker te finen dy't it problematyske stikje software fan C-3PO omsile kin, mar inkeld troch syn ûnthâld te wiskjen. As er reäktivearre wurdt nei't er de tekst fertaald hat, beselsskippet C-3PO de oaren oant se in fersetsbasis berikke, dêr't it R2-D2 slagget om syn ûnthâld werom te bringen út in back-up dy't datearret fan krekt foar de earste misje fan Rey. Oan 'e ein fan 'e film fiert C-3PO mei de rest fan it Ferset de oerwinning op 'e Earste Oarder en de Sith.

Yn 'e lange animaasjefilm Star Wars: The Clone Wars (2008) beselskippet C-3PO (ynsprutsen troch Anthony Daniels) de Jedi-ridder Anakin Skywalker en dy syn padawan Ahsoka Tano. Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story (2016) hawwe C-3PO en R2-D2 in cameo as se mei prinsesse Leia troepen fan it Rebelleferbûn nei Scarif beselskipje. Solo: A Star Wars Story (2018) is anno 2022 de iennichste Star Wars-film dêr't C-3PO net yn foarkomt. Fierders wied er wol te sjen yn 'e lange animaasjefilm Ralph Breaks the Internet (2018)

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Op 'e tillefyzje wie R2D2 yn 1978 te sjen yn 'e Star Wars Holiday Special, en teffens hiene C-3PO en R2-D2 de haadrol yn harren eigen tekenfilmsearje Star Wars: Droids (1985), wêryn't harren aventoeren folge waarden foarôfgeande oan har moeting mei Luke Skywalker yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. Oare Star Wars-tekenfilmsearjes wêryn't C-3PO in rol hie, wiene Star Wars: Clone Wars (2003-2005), Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), Star Wars: Rebels (2014-2018), Star Wars: Forces of Destiny (2017-2018), Star Wars: Galaxy of Adventures (2018-2020) en Star Wars: Resistance (2018-2020). Ek wied er tsjen yn ferskate Lego Star Wars-produksjes.

Behalven yn films en op 'e tillefyzje komt it personaazje C-3PO ek yn in protte Star Wars-romans foar. Ien fan 'e opmerklikste ferskinings hat er yn The Courtship of Princess Leia, fan Dave Wolverton, út 1984, wêryn't prinsesse Leia deroer prakkesearret om út praktyske omtinkens te trouwen mei de smoarrike prins Isolder fan 'e machtige planeet Hapes. Troch in misferstân kriget C-3PO de yndruk dat Han Solo, dy't ek om Leia stiket, in ôfstammeling is fan 'e keningen fan syn thúsplaneet Corellia. Hy konkludearret dat soks Han by útstek geskikt makket om mei in prinsesse te trouwen, dat hy biedt oan om Han syn assistint en riejouwer te wurden by syn hofmakkerij.

Hoewol't er skokt is wannear't Han Leia ûntfiert om har mei te nimmen nei Dathomir, bringt dat him oangeande Han syn gaadlikens as brêgeman net op oare gedachten. Hy docht oanhâldend war om Han en syn dieden yn it bêst mooglike ljocht te pleatsen, ta yrritaasje fan Leia, en hy skriuwt sels in liet mei as titel De Deugden fan Kening Han Solo, dat er hearre lit mei op 'e eftergrûn it lûd fan in folslein symfony-orkest. It hat in tige oansteklik refrein, dat Leia neitiid ta har argewaasje net mear út 'e holle kriget. Letter ûntdekt C-3PO dat Han inkeld ôfstammet fan in troanpretendint. Dan begjint er it houlik ôf te rieden, mar Leia hat dan al foar Han keazen, en C-3PO is oanwêzich by de trouwerij.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Anthony Daniels
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Anthony Daniels

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono