Kaptein (skipfeart)

In kaptein is in seeman dy't oan board fan syn skip de heechstpleatste persoan is, en sadwaande as gesachfierder fungearret. Op lytsere boaten, benammen yn 'e binnenfeart, sprekt men ynstee ek wol fan skipper. De term 'kaptein' komt fan it Grykske wurd κατεπάνω, katepánō, dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it Byzantynske Ryk. In kaptein is de einferantwurdlike foar alles dat op in skip bart. Hy fiert it befel oer de oare opfarrenden (de bemanning) en leit rekkenskip ôf oan 'e rederij en by de autoriteiten. Ek kin it foarkomme dat de kaptein de eigner fan it skip is; yn dat gefal is der dus gjin sprake fan in rederij.

In kaptein.

Om't 'kaptein' in rang is en 'gesachfierder' in funksje, binne dy beide termen net synonym. As de kaptein bygelyks siik is of as er fan board giet wylst it skip yn 'e haven leit, dan draacht er it gesach oer oan 'e twadde yn rang, de earste stjoerman. De term 'kaptein' wurdt benammen brûkt by de skipfeart op see. By skippen yn 'e binnenfeart sprekt men ornaris fan skipper, al wurdt ek dêr, begelyks op passazjiersskippen, wol fan in kaptein sprutsen. As der yn 'e binnenfeart sprake is fan kontinufeart, sille der ferskate skippers of kapteins oan board wêze, wêrfan't op elts beskaat stuit mar ien de gesachfierder is. Op seeskippen is der normaal sprutsen mar ien kaptein, dy't by rêst ferfongen wurdt troch de earste of twadde stjoerman.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.