Rebelleferbûn (Star Wars)

It Rebelleferbûn (Ingelsk: Rebel Alliance), eins it Ferbûn foar de Weroprjochting fan 'e Republyk (Alliance to Restore the Republic), is in fiktive ynterstellêre fersetsbeweging út 'e Star Wars-franchise. De organisaasje waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It Rebelleferbûn is yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy in koälysje fan dissidinten, revolúsjonêre faksjes en wapene guerriljagroepen dy't har oankantsje tsjin it skrikbewâld fan keizer Palpatine en syn Galaktysk Keizerryk. Harren doel is de weroprjochting fan 'e Galaktyske Republyk, dat in demokratysk, federaal steatsferbân wie. Yn 'e oarspronklike filmtrilogy is it Rebelleferbûn ien fan 'e beide protagonistyske groepen, yn 'e mande mei de dan fierhinne útrûge Jedi Oarder.

Rebelleferbûn
ûnderdiel fan Star Wars
flagge wapen
lokaasje en geografy
lokaasje "yn in Stjerrestelsel
   fier, fier fuort"
polityk
type org. fersetsbeweging
steatshaad Mon Mothma as kânselier
offisjele taal Basaalsk (Basic)
oprjochting 5 f.Sl.Y. (begjin striid) of
2 f.Sl.Y. (formele proklamaasje)
opheffing 5 n.Sl.Y.
weroprjochte as Ferset
weroprjochte 28 n.Sl.Y.
sifers
sterkte 100.000 man[1]

Tiidrekkening bewurkje seksje

Yn 'e skiednis fan Star Wars wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op 'e oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Yavin, sa't dy werjûn waard yn 'e earste Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).

Foarskiednis bewurkje seksje

De Galaktyske Republyk wurdt yn 19 f.Sl.Y. ûnder fuotten helle troch tadwaan Palpatine. Dyselde wie oarspronklik in politikus dy't foar de planeet Naboo yn 'e Galaktyske Senaat siet, hoewol't er temûk ek de Sith-master Darth Sidious wie. Troch jierren fan yntriizjes, sabotaazje en ferrie efter de skermen wit er yn 'e Star Wars-prequeltrilogy op te klimmen ta it amt fan kânselier, wylst er de Republyk sa ferswakket dat er yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk útroppe kin mei himsels as autokratysk regearjend keizer.

It ierste siedsje foar de oprjochting fan it Rebelleferbûn wurdt lein yn inkele fuortknipte sênes út 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, dy't spylje yn 19 f.Sl.Y., mar foar't Palpatine syn momkape ôfsmyt en himsels bekendmakket as Darth Sidious en de Republyk foar beëinige ferklearret.

Yn 'e sêne A Stirring in the Senate, komt in groepke fan seis senators gear, ûnder wa Mon Mothma, de senator foar Chandrila; Bail Organa, de senator foar Alderaan; en Padmé Amidala, de senator foar Naboo. De moeting fynt plak yn it kantoar fan Organa yn 'e Stêd fan 'e Republyk op 'e planeet Coruscant. De dielnimmers beprate manearen om derfoar te soargjen dat kânselier Palpatine it bûtengewoan foech dat er him ûnder de Kloane-oarloggen ta-eigene hat, wer weromjaan sil oan 'e Galaktyske Senaat no't it konflikt de ein berint. Padmé, dy't yn it ferline (sjoch: Star Wars: Episode I – The Phantom Menace) troch Palpatine stipe is doe't se yn 'e benearing siet, moat troch de oaren oertsjûge wurde fan syn minne bedoelings. Mothma en Organa kundigje de oprjochting fan in organisaasje oan dy't tsjin Palpatine rjochte wêze sil.

Yn in oare fuortknipte sêne út deselde film, mei as titel Seeds of Rebellion, komme deselde senators wer gear mei dêropta twa oaren, diskear yn it appartemint fan Padmé op Coruscant. Der wurdt útlein dat der in petysje oan kânselier Palpatine oanbean wurde sil troch twatûzen lykstimde leden fan 'e Senaat, de saneamde Delegaasje fan 2000. Padmé wol de Jedi by it spul belûke, of alteast ien Jedi, Anakin Skywalker, mei wa't se yn it djipste geheim troud is en waans bern se draacht. Op ien nei binne de oare leden fan 'e groep lykwols fan miening dat it te ûnwis is oft de Hege Jedi Ried de kant fan 'e Republyk of de kânselier kieze sil. Sadwaande wurdt besletten de Jedi bûten de saak te hâlden.

Koart dêrnei fiert Palpatine syn steatsgreep út en rjochtet er it Galaktysk Keizerryk op, wêrby't er stipe wurdt troch Anakin Skywalker (no omneamd ta Darth Vader), dy't oerrint en syn neiste hantlanger wurdt. Inkele dagen letter skinkt Padmé it libben oan in twilling en komt dan yn it kreambêd te ferstjerren. Ut oare kanonike Star Wars-boarnen is dúdlik dat de Delegaasje fan 2000 yndie syn petysje oan Palpatine oanbean hat; de measten fan 'e senators dy't dêrby belutsen wiene, waarden neitiid op lêst fan Palpatine oppakt en ferdwûnen efter de traaljes of waarden stânrjochtlik eksekutearre. Mothma en Organa ûntkamen oan dat lot en beholden har senatorskip troch har nei bûten ta hearrich oan 'e hearskippij fan Palpatine foar te dwaan.

Oprjochting bewurkje seksje

Yn 'e folgjende jierren wiene Mothma en Organa yn it djipste geheim drok dwaande mei it lizzen fan kontakten en it útfieren fan tariedend wurk foar de oprjochting fan in fersetsbeweging tsjin it skrikbewâld fan keizer Palpatine. Sa't toand wurdt yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels begjint yn 5 f.Sl.Y. in wapene opstân as in bûnte groep rebellen ûnder lieding fan 'e Twi'lek Hera Syndulla gearkloftet oan board fan it frachtskip de Geast. Tsjin 'e ein fan it earste seizoen fan dy searje komt oan it ljocht dat der njonken de bemanning fan 'e Geast ferskate oare fersetssellen aktyf binne, wêrûnder it Phoenix Squadron fan Jun Sato, de Frij Ryloth Beweging fan Cham Syndulla en it Lothalysk Ferset fan Ryder Azadi. Bail Organa, no de kening fan Alderaan, dy syn frou, keninginne Breha, en teffens de Jedi-master Ahsoka Tano spylje in krúsjale rol by de koördinaasje fan 'e aksjes fan 'e ûnderskate fersetsgroepen, dy't yn dit stadium fierhinne finansierd wurde troch it keningshûs fan Alderaan.

Tsjin 'e ein fan it trêde seizoen fan Star Wars: Rebels, yn 2 f.Sl.Y., feroardielet Mon Mothma it troch it Keizerryk oanrjochte Bloedbad fan Ghorman. Dêrnei ûntkomt se oan in oanslach op har libben troch Keizerlike aginten. Se dûkt ûnder en bringt de ûnderskate fersetsgroepen gear ûnder in feriene lieding, in feit dêr't se in formele proklamaasje, de Ferklearring fan Opstân, oer publisearret. Dat is de formele oprjochting fan it Rebelleferbûn as feriene organisaasje. Yn 'e proklamaasje wurdt oankundige dat it ferbûn fjochtsje sil foar de frijheid fan alle bewenners fan it Stjerrestelsel en him ynsette sil foar de ôfsetting fan keizer Palpatine en de weroprjochting fan 'e Alde Republyk. De bemanning fan 'e Geast en it Phoenix Squadron geane neitiid op yn 'e Massassi Groep op Yavin-IV, ûnder lieding fan generaal Jan Dodonna.

Galaktyske Boargeroarloch bewurkje seksje

Om mei de rebellen ôf te weven en foar iens en foar altyd syn allinnehearskippij oer it Stjerrestelsel te fêstigjen, lit keizer Palpatine de Deadsstjer bouwe, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen dat troch grut-moff Wilhuff Tarkin brûkt wurdt om 'e planeet Alderaan te ferneatigjen omreden fan 'e stipe dy't de rebellen fan it Alderaanske keningshûs ûntfange. Yn 'e films Rogue One: A Star Wars Story en Star Wars: Episode IV – A New Hope stelle de rebellen de blaudrukken fan 'e Deadsstjer. In ôfdieling kringt de Keizerlike sitadel op 'e planeet Scarif binnen en ferstjoert de blaudrukken nei in romteskip fan 'e rebellen, dat se wer trochjout oan 'e Alderaanske korvet de Tantive IV, dêr't Bail Organa syn oannommen dochter prinsesse Leia de bestannen ferberget yn it binnenste fan 'e robot R2-D2.

Krekt foar't de Tantive IV intere wurdt troch Darth Vader en syn stoarmtroepers fan it 501e Legioen, stjoert Leia R2-D2 en in oare robot, C-3PO, nei de planeet Tatooine, om 'e blaudrukken by de ûnderdûkte Jedi-master Obi-Wan Kenobi te bringen mei it fersyk om derfoar te soargjen dat se it Rebelleferbûn berikke. Kenobi en syn nije learling Luke Skywalker soargje der mei help fan 'e smokkelders Han Solo en Chewbacca foar dat de blaudrukken yndie by de rebellen oankommen. Nei't in swakte yn it ûntwerp fan it romtestasjon fêststeld is, fiere de rebellen yn 'e Slach by Yavin in oanfal op 'e Deadsstjer út, wêrby't se it romtestasjon opblaze.

Yn Star Wars-strips wurdt fierder útwreide oer de opstân fan it Rebelleferbûn, werby't ferskate lettere oerwinnings op it Galaktysk Keizerryk beljochte wurde. Dêrûnder binne de ferneatiging fan 'e Keizerlike fasiliteit op Cymoon-I dêr't nije massaferneatigingswapens ûntwikkele wurde, it brekken fan 'e Keizerlike blokkade om 'e planeet Tureen-VII hinne, en it stellen fan it Keizerlike stjerreslachskip Boadskipper. Ek it rekrutearjen, foar it Rebelleferbûn, fan 'e Mon Calamari-Eksodusfloat heart yn dat rychje thús. De Eksodusfloat is foarme nei de Keizerlike besetting fan Mon Cala yn 18 f.Sl.Y. en stiet ûnder lieding fan 'e admiraals Raddus en Ackbar. Ien fan 'e bûnsgenoaten fan 'e rebellen, keninginne Trios fan Shu-Torun, in planeet dy't it meastepart fan 'e technology oan 'e rebellen leveret, blykt lykwols in spion fan Palpatine te wêzen. Har technology makket de float fan 'e rebellen krekt ûnklear, sadat er ferneatige wurde kin troch in Keizerlike float ûnder Darth Vader. Prinsesse Leia wit úteinlik de helte fan 'e rebellefloat te rêden, mar generaal Dodonna komt by it treffen om. Neitiid dielt Mon Mothma de rebellefloat op yn ferspraat operearjende lytsere ienheden om in nije soartgelikense nederlaach foar te kommen.

Yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wurdt yn 3 n.Sl.Y. Basis Echo, in wichtige basis fan 'e rebellen op 'e iisplaneet Hoth, ûntdutsen en moat dy dêrnei halje-trawalje ûntromme wurde. Wylst Keizerlike stjerreslachskippen de planeet blokkearje en stoarmtroepers mei AT-AT-rinners oanfierd wurde foar in grûnoanfal, witte de measte rebellen lykwols fuort te glûpen. Dêrnei binne rebellen twongen om mobyl te bliuwen, en brûke se it flaggeskip fan admiraal Ackbar, de Thús Ien, as haadkertier.

Yn 4 n.Sl.Y. hat it Rebelleferbûn him yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi witten te wergroepearjen. De bou fan in nije Deadsstjer en it nijs dat keizer Palpatine persoanlik delkommen is om dêr tafersjoch oer te hâlden, ferliedt de rebellen en besykje om twa miggen yn ien klap te slaan. Troch in oanfal op 'e Deadsstjer te dwaan, wolle se tagelyk it romtestasjon ferneatigje en de keizer om hals bringe. Dêrfoar wurdt foar it earst yn ferskate jierren de hiele rebellefloat byinoar brocht, dy't troch Mon Mothma ûnder it befel fan admiraal Ackbar en generaal Lando Calrissian pleatst wurdt. Underwilens wurdt in kommando-ienheid û.l.f. prinsesse Leia en Han Solo nei it oerflak fan 'e boskmoanne Endor stjoerd om dêre de fasiliteit te sabotearjen dy't it enerzjyskyld fan 'e noch yn oanbou wêzende Deadsstjer opwekket.

It blykt allegear in mûklaach fan 'e keizer te wêzen, mei't de Deadsstjer al operatyf is en de kommando's yn in falstrik rinne. Hy wol sa yn ien kear de hiele rebellefloat ferneatigje. Troch de ûnferwachtse help fan 'e Ewoks, in primitive bûtenierdske beskaving op 'e Boskmoanne, witte de kommando's lykwols frij te kommen en dochs noch de sabotaazje fan 'e generatorfasiliteit te folbringen. It enerzjyskyld falt fuort en de rebellefloat kin dan gewoan de iepen struktuer fan 'e Deadsstjer yn fleane en de reäktorkearn opblaze, wat ta in keatlingreäksje liedt dy't de hiele Deadsstjer ferwoastget. Keizer Palpatine komt foartiid al om as Darth Vader op in krúsjaal momint ta ynkear komt en syn master oppakt en yn in reäktorskacht smyt, dêr't er te pletter falt.

Neitiid krije de striidkrêften fan it Keizerryk befel om Operaasje Sintel te begjinnen, in plan fan Palpatine foar it gefal dat er sels omkomme soe. Dat is bedoeld om sawol de rebellen út te rûgjen as de organisaasje fan it Keizerryk te ferneatigjen by wize fan straf foar it net foarkommen fan syn dea. Yn 'e Slach by Jakku witte de rebellen lykwols de selsferdylging fan it Keizerryk foar te kommen, wêrmei't se einlings it regear fan Palpatine oer it Stjerrestelsel ta in ein bringe. Mon Mothma akseptearret de kapitulaasje fan it Keizerryk by ûnderhannelings mei de keizerlike grutfizier Mas Amedda. Yn 5 n.Sl.Y. wurdt troch Mothma, prinsesse Leia en oare lieders fan it Rebelleferbûn de Galaktyske Republyk weroprjochte yn 'e foarm fan 'e Nije Republyk.

Ferset bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Ferset (Star Wars).

De striid blykt letter lykwols noch net foarby te wêzen as de restanten fan it Keizerryk gearkloftsje ta de Earste Oarder. Yn 28 n.Sl.Y. rjochtet in diel fan 'e liederskip fan 'e Nije Republyk, dat yn noed sit oer de oanboazjende korrupsje yn 'e Galaktyske Senaat en de ûnwilligens fan dat orgaan om 'e Earste Oarder as in serieuze bedriging te sjen, it Ferset op. Dy organisaasje nimt de wapens op tsjin 'e Earste Oarder. Yn 34 n.Sl.Y. stoart de Nije Republyk effektyf yn as de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder it planetestelsel Hosnian-Primus ferwoastget, de sit fan sawol de Senaat as de Republikeinske float.

Op 't langelêst docht bliken dat de aksjes fan 'e Earste Oarder manipulearre wurde troch Palpatine, dy't út 'e dea opstien is. Nei de Slach by Exegol, yn 35 n.Sl.Y., meitsje de Jedi Rey en Ben Solo yn gearwurking mei it Ferset foargoed in ein oan Palpatine, syn Ivige Sith en de hiele Earste Oarder. Dat iepenet de doar foar de fuortsetting fan 'e Nije Republyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fry, Jason en Urquhart, Paul R., The Essential Guide to Warfare: Star Wars, New York, 2012 (Del Rey Books), ISBN 978-0 34 54 77 620, s. 161.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.