Rinner (Star Wars)
In rinner (Ingelsk: walker) is in fiktyf ferfiermiddel en wapen út 'e Star Wars-franchise. It is in pânsere militêr fiertúch dat himsels op meganyske skonken fuortbeweecht, bedoeld foar dreech begeanber terrein dêr't tsjillen net foldogge. Sokke fiertugen binne bewapene mei swiere laserkanonnen, sadat se gâns skea oanrjochtsje kinne. Der besteane ferskate soarten rinners. De bekendsten binne de fjouwerskonkige AT-AT, dy't yn it foarste plak bedoeld is foar it ferfier fan troepen, en de twaskonkige AT-ST, ûntwurpen foar it útfieren fan militêre ferkenning. Rinners waarden yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Se wurde yn 'e Star Wars-films benammen ynset troch it Galaktysk Keizerryk en de dêrút fuortkommende Earste Oarder.
It ûntwerp fan 'e rinners wie de ferantwurdlikheid fan Industrial Light & Magic (ILM), it special effects-bedriuw fan Star Wars-betinker George Lucas. Foar de opnamen fan 'e sênes mei rinners waarden foar de iere films ornaris miniatueren brûkt, dêr't mei stop-motiontechniken bewegende bylden fan makke waarden. Yn lettere films makke men gebrûk fan digitale fisuele effekten. Fral de AT-AT en de AT-ST krigen grutte populariteit en waarden fia merchandising ek as boartersguod ferkocht, yn 'e mande mei action figures fan 'e haadpersoanen fan 'e films
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |