Ploffer (Star Wars)
In ploffer (Ingelsk: blaster) is in fiktyf fjoerwapen út 'e Star Wars-franchise. It is in soarte fan laserpistoal, dat koarte 'ploffen' (blasts) enerzjy ôffjurret. It bekendste model ploffer is de E-11, mear in gewear as in pistoal, dat it standertwapen is fan stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. De smokkelder Han Solo, ien fan 'e haadpersoanen yn 'e Star Wars-films, hat in DL-44-ploffer, dy't folle mear op in pistoal liket. Syn wapen is yllegaal modifisearre, sadat it folle gruttere skea oanrjochtet sûnder dat dêr mear enerzjy foar nedich is.
Gruttere ferzjes fan 'e ploffer binne plofferkanonnen of laserkanonnen, dêr't û.m. rinners mei tarist binne en ek X-wjukjagers en oare lytse romteskippen. It geskut fan 'e grutste romteskippen, lykas de stjerreslachskippen (star destroyers) en de deadsstjerren, wurdt foarme troch de swierste ploffers, dy't turbolasers neamd wurde.
In protte soarten ploffers waarden troch de produksje-ûntwerpers fan filmstudio Lucasfilm basearre op 'e ûntwerpen fan echte fjoerwapens. Sa waard de E-11 basearre op it Sterling-masinepistoal, dat yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw yn gebrûk wie by it Britske Leger. De DL-44 fan Han Solo waard basearre op 'e Mauser C96, in ier en tige súksesfol automatysk pistoal dat yn sawol de Earste Wrâldoarloch as de Twadde Wrâldoarloch brûkt waard troch de Dútsers. It lûd dat it ôfsjitten fan in ploffer feroarsaket, waard betocht troch produksje-ûntwerper Ben Burtt, dy't mei in hammer sloech op in tuikeabel fan 'e stjoertoer fan in radiostjoerder, en it resultearjende lûd fan deunby opnaam.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |