Stoarmtroeper (Star Wars)

In stoarmtroeper (Ingelsk: stormtrooper) is in fiktive soldaat út 'e Star Wars-franchise, dy't spilet "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". It binne personaazjes dy't betocht binne troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Stoarmtroepers binne de elitetroepen fan it Galaktysk Keizerryk, dy't har befellen krije út in kommandostruktuer mei de boasaardige keizer Palpatine en syn neiste hantlanger Darth Vader oan 'e top. Dy befellen, wêrûnder opdrachten ta it begean fan oarlochsmisdieden, lykje se sûnder skrupules op te folgjen. Se hearre sadwaande yn Star Wars ta de antagonisten en binne swarde fijannen fan it Rebelleferbûn en letter it Ferset.

stoarmtroeper
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik en froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt soldaten
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Darth Vader
Palpatine
grutmoff Tarkin
attributen wite wapenris
ploffer
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1977

Taris bewurkje seksje

De ikoanyske útris fan 'e stoarmtroepers bestiet út in wapenris mei wite bepânsering en swarte ferbiningsstikken. Dêrta heart in folslein gesichtsbedekkende wite helm mei swarte gatten foar de eagen, de noas en de mûle en ûnderoan, by de hals in pear ljochten dy't as bûslampe fungearje kinne. It standertwapen fan 'e stoarmtroepers is de E-11-ploffer, in lasergewear.

 
In optocht fan Star Wars-fans ferklaaid as Keizerlike stoarmtroepers.

Oarsprong bewurkje seksje

Stoarmtroepers makken har debút op it wite doek yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983). Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) wurdt dúdlik dat se begûn binne as de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, de kriichsmacht fan 'e Galaktyske Republyk, dy't yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) gearstald wurdt foar de Kloane-oarloggen en dêryn oan 'e kant fan 'e Jedi fjochtet. De kloansoldaten binne genetysk ferbettere ferzjes fan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett, dy't troch de wittenskippers op 'e planeet Kamino, dêr't de kloanen yn opdracht fan 'e Jedi-master Sifo-Dyas produsearre binne, brûkt is as sjabloan.

Hoewol't de kloansoldaten ûnder Jedi-ofsieren tsjinje, binne se yn it foarste plak trou oan it regear fan 'e Galaktyske Republyk. As kânselier Palpatine, dy't temûk tagelyk de ûnmeilydsume Sith-master Darth Sidious is, yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) Oarder 66 útgean lit, dy't de kloansoldaten opdracht jout om 'e Jedi te deadzjen, fiere de kloanen dat befel sûnder wjerakseljen út. Sadwaande spylje se de haadrol yn 'e Grutte Suvering fan 'e Jedi, wêrby't de Jedi Oarder yn ien klap frijwol útrûge wurdt. Wannear't Palpatine dêrnei de Galaktyske Republyk foar beëinige ferklearret en yn it plak dêrfoar it Galaktysk Keizerryk oprjochtet, mei himsels as autokratysk regearjend keizer, wurde de kloansoldaten de stoarmtroepers fan it nije ryk.

 
Cosplay fan in stoarmtroeper fan 'e Earste Oarder.

Fierdere ûntwikkeling bewurkje seksje

Yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, dy't rom tweintich jier nei Revenge of the Sith spilet, binne der mank de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk net folle kloansoldaten mear oer. Omreden fan harren fluggere ferâldering binne se tsjin dy tiid foar it meastepart ferfongen troch nije rekruten. It iennichste legerûnderdiel dat dan noch in oansjenlik tal kloansoldaten omfettet, is it 501e Legioen, dêr't Darth Vader persoanlik it befel oer fierd. De nije rekruten wurde op jonge leeftyd ronsele en ûndergeane dêrnei oan militêre akademys ferspraat oer it Stjerrestelsel in yntinsive training en harsensspieling, dy't har strikte loyaliteit oan 'e keizer, strange dissipline en ûnmeilydsume effisjinsje bybringt en eltse foarm fan yndividualisme en empaty mei harren slachtoffers útrûget.

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) beskikt de Earste Oarder, in organisaasje dy't út 'e restanten it Galaktysk Keizerryk gearklofte is, oer in ferbettere soarte stoarmtroepers, dy't tsjinje ûnder opperste lieder Snoke en syn ûnderkommandanten, fan wa't benammen Kylo Ren, generaal Hux en kaptein Phasma yn 'e films oan bod komme. Mei't de Earste Oarder net it fermogen hat om miljoenen soldaten te rekrutearjen en dochs ek ûnwillich is om werom te fallen op 'e produksje fan kloansoldaten, wurde de nije stoarmtroepers fokt en dêrnei fan 'e berte ôf traind en yndoktrinearre, sadat harren libben gjin inkeld oar doel hat as om 'e Earste Oarder te tsjinjen.

Sith-troepers bewurkje seksje

Yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) wurde de saneamde Sith-troepers yntrodusearre, in noch wer ferbettere foarm fan stoarmtroepers, dy't tarist binne yn reade wapenrissen en dy't de Ivige Sith tsjinje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.