De hals is it diel fan it lichem dat by wringedieren (wêrûnder de minske) de holle of kop mei de rest fan it lichem (de romp) ferbynt. As sadanich is it ien fan 'e krúsjaalste en kwetsberste lichemdsdielen. Yn 'e ingere sin wurdt mei de hals ek wol inkeld de fintrale side fan 'e hals bedoeld, yn tsjinstelling ta de nekke, dy't it dorsale diel omfettet.

In ôfbyld fan 'e minsklike hals.
Dizze side giet oer it lichemsdiel. Foar oare betsjuttings, sjoch: hals (betsjuttingsside).

Boppe-oan yn 'e hals sit de kiel, dêr't de luchtwegen en it spiisfertarringsstelsel gearkomme efteryn de mûle. Leger rinne troch de hals in stikmannich lichemsdielen dy't fan it alderheechste belang binne. Yn it foarste plak moat de wringe neamd wurde, dy't de harsens fia senuwen mei de rest fan it lichem ferbynt, en sa beweging en libben (want sykheljen) mooglik makket.

Dêrnjonken is der de luchtpiip, dy't de longen fan soerstof foarsjocht, en de slokterm dêr't it iten troch ferfiert wurdt fan 'e mûle nei de mage. Ek de strôte sit yn 'e hals, mei de stimbannen dy't spraak mooglik meitsje. Fierders binne der de halsslachieren, dy't de harsens fan bloed foarsjogge, de skyldklier, dy't in wichtige rol ferfollet yn 'e hormoanhúshâlding, en de byskyldklieren. Manlju beskikke ek noch oer de adamsapel, in diel fan 'e strôte dat soms tige prominint ûnder de hûd útstykje kin, mar dat gjin funksje hat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.