Darth Vader
Darth Vader is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Vader is de wichtichste antagonist yn 'e films fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), en, as Anakin Skywalker, de wichtichste protagonist fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). Star Wars-betinker George Lucas hat dy seis dielen fan 'e Skywalker Saga wol oantsjut as "de trageedzje fan Darth Vader". It personaazje ferskynde it alderearst yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Darth Vader waard yn 'e oarspronklike filmtrilogy spile troch David Prowse en neisyngronisearre mei it stimlûd fan James Earl Jones. Yn 'e prequeltrilogy waard Anakin Skywalker spile troch Jake Lloyd en Hayden Christensen. Darth Vader wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e meast ikoanyske smjunten út 'e filmskiednis.
Darth Vader personaazje út Star Wars | ||
De ikoanyske helm en cape fan Darth Vader. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Anakin Skywalker | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske / cyborg | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Sith-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Luke Skywalker Leia Organa Padmé Amidala Obi-Wan Kenobi Palpatine Ahsoka Tano Qui-Gon Jinn | |
attributen | ljochtsabel, helm, masker | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Namme
bewurkje seksjeNeffens eigen sizzen assosjearre Star Wars-betinker George Lucas de wichtichste antagonist út syn wurk mei "dûnker wetter". Dêrom eksperimintearre er foar dat personaazje mei ferskate nammen dy't útgiene fan 'e Ingelske term dark water. Uteinlik kaam er út by 'Darth Vader', om't er it sprekkend fûn dat Vader yn it Dútsk en Nederlânsk "heit" betsjut, wylst Darth Vader eins de heit fan haadpersoan Luke Skywalker blykt te wêzen.
Foarmjouwing
bewurkje seksjeDe ferneamde helm fan Darth Vader waard mei opsetsin foarmjûn om te lykjen op 'e helmen fan 'e soldaten fan 'e Dútske Wehrmacht yn 'e Twadde Wrâldoarloch. De bedoeling dêrefter wie om fan Darth Vader in sa sinister mooglike persoanlikheid te meitsjen.
Fiktive biografy
bewurkje seksjeOarspronklike Star Wars-trilogy
bewurkje seksjeDarth Vader ferskynde foar it earst op it wite doek yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Dêryn is er in ûnmeilydsume cyborg (spile troch de Ingelske akteur David Prowse), waans wiere identiteit ferburgen wurdt ûnder syn ikoanyske helm en it gesichtsbedekkende masker dat him yn libben hâldt. Oare tige opmerklike skaaimerken binne syn djip stimlûd (ynsprutsen troch James Earl Jones) en syn swier sykheljen. Hy is de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dy't tagelyk ek de Sith-master Darth Sidious is.
Palpatine hat Darth Vader derop útstjoerd om 'e geheime blaudrukken fan syn nijste massaferneatigingswapen, de Deadsstjer, op te spoaren, dy't stellen binne troch it Rebelleferbûn. Vader nimt prinsesse Leia Organa finzen, de senator fan 'e planeet Alderaan, dy't er fan belutsenens by de tsjeafte fertinkt, en lit har martelje. Hja wegeret lykwols ynformaasje priis te jaan. De blaudrukken hat se ferburgen yn 'e androïde R2-D2, dy't se neitiid nei de planeet Tatooine stjoerd hat om 'e Jedi-master Obi-Wan Kenobi te sykjen.
Leia wurdt rêden as Obi-Wan de Deadsstjer ynfiltrearret yn it selskip fan syn nije learling Luke Skywalker en de smokkelders Han Solo en Chewbacca. It docht bliken dat Obi-Wan de âlde learmaster fan Darth Vader is, en sy beiden fjochtsje in duël mei de ljochtsabel út wêrby't Vader Obi-Wan deadet. Underwilens witte Luke, Leia, Han en Chewbacca te ûntkommen yn Han syn romteskip, de Millennium Falcon. Mei't er in stjoerderke ferstoppe hat oan board fan dat skip, slagget it Vader om 'e lokaasje fan 'e rebellebasis op 'e moanne Yavin-IV gewaar te wurden. As de rebellen de Deadsstjer oanfalle, sjit Vader yn syn TIE-jager links en rjochts de X-wjukjagers fan 'e rebellen del, mar Han en Chewbacca komme mei de Millennium Falcon tuskenbeiden en skansearje de TIE-jager, sadat dy ûnbestjoerber rekket. Dêrtroch slagget it de rebellen en ferneatigje de Deadsstjer, wêrby't Luke if krúsjale skot lost.
Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) rekket Vader obsedearre troch syn syktocht nei de jonge Luke, dy't 'sterk yn de Krêft' is. Hy fiert de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk oan by in wraam op in wichtige basis fan 'e rebellen op 'e iisplaneet Hoth, mar Luke wit op 'e tiid te ûntkommen. As Vader letter fia holografyske byldtechnyk mei keizer Palpatine kommunisearret, wit er dy derfan te bepraten dat Luke in weardefolle bûnsgenoat wêze soe as er oerhelle wurde kin nei de tsjustere kant fan 'e Krêft.
Vader hiert in kliber preemjejagers yn om Luke en syn freonen te folgjen en op basis fan 'e ynformaasje dy't de preemjejager Boba Fett him letter bringt, set er yn 'e Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, in mûklaach op, wêrfoar't er de pleatslike bestjoerder, Lando Calrissian, ta meiwurking twingt. As Han, Leia, Chewbacca en de androïde C-3PO dêr arrivearje om 'e stikken rekke Millennium Falcon reparearje te litten, wurde se finzen nommen. Vader lit Han martelje en dêrnei ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt, om te testen oft er op dy wize súksesfol immen finzen hâlde kin (hy is ntl. fan doel om itselde mei Luke te dwaan). Mei't er fierders gjin belang mear by de beferzen Han hat, jout er dy oan 'e preemjejager Boba Fett, om mei werom te nimmen nei Tatooine, dêr't de gangster Jabba de Hutt in hege preemje op Han syn holle set hat. Sa't Vader al ferwachte hie, hastiget Luke him halje-trawalje nei Bespin ta om syn freonen te help te kommen. Vader wachtet him op en se fjochtsje in duël mei de ljochtsabel út. Dêrby slacht Vader Luke in hân ôf en fertelt er him in skokkende wierheid: hy is nimmen oars as Anakin Skywalker, Luke syn deawaande heit. Luke is raar gesteld, mar ûntkomt ear't Vader him finzen nimme kin.
Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) hâlde Darth Vader en keizer Palpatine persoanlik tafersjoch op 'e bou fan in twadde Deadsstjer. Mei't Luke leaut dat syn heit net folslein kwea wêze kin, jout erhimsels oer oan Vader en besiket er dyselde oer te heljen nei de ljochte kant fan 'e Krêft. Vader bringt him oan board fan 'e Deadsstjer om Palpatine te moetsjen. De keizer en Vader stokelje mei opsetsin Luke syn lulkens op, troch bedrigings te uterjen yn 'e rjochting fan Leia, fan wa't ûnderwilens dúdlik wurden is dat se Luke syn twillingsuster is. Dat liedt ta in nij duël tusken him en Vader, wêrby't hy Vader slim ferwûnet en diskear hìm in hân ôfslacht (hoewol't it in hânproteze blykt te wêzen, krekt sa't er dy no sels hat).
De keizer stiet der neitiid by Luke op oan en nim Vader syn plak yn. It iennichste wat er dêrfoar hoecht te dwaan is Vader te fermoardzjen. Luke stegeret dat oanbod ôf, wêrnei't de razene Palpatine him begjint te marteljen mei Krêftwjerljocht en risselwearret om him dea te meitsjen. As Vader dat sjocht, komt er hommels fanwegen, pakt de keizer op en smyt him yn in reäktorskacht, dêr't er te pletter falt. Dêrby ferwûnet de keizer him lykwols sa slim mei Krêftwjerljocht, dat er koarte tiid letter komt te ferstjerren oan elektrokúsje. Ear't dat bart, freget er Luke om syn masker ôf te dwaan. Nei de oerwinning fan 'e rebellen op 'e twadde Deadsstjer, kremearret Luke syn heit op 'e boskmoanne Endor, wêrnei't er Anakin as geast yn 'e Krêft yn it selskip fan Obi-Wan Kenobi en Yoda sjocht.
Star Wars-prequeltrilogy
bewurkje seksjeDe Star Wars-prequeltrilogy, dy't twaentritich earder begjint, leit út hoe't Anakin Skywalker ferwaard ta Darth Vader. Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) is Anakin (spile troch Jake Lloyd) in njoggenjierrige slaaf dy't mei syn mem Shmi op 'e planeet Tatooine wennet. Hy is in bejeftige piloat en monteur, dy't syn eigen protokolandroïde boud hat (C-3PO) en meidocht oan saneamde podraces om jild te fertsjinjen foar syn eigner Watto. Hy fertelt yn 'e film op in stuit dat hy en syn mem foarhinne eigendom wiene fan 'e froulike gangster Gardulla de Hutt, mar dat dy harren by in weddenskip oer de útkomst fan in podrace ferlern hat oan 'e Toydariaan Watto.
Hy moetet de Jedi-master Qui-Gon Jinn, dy't mei syn learling Obi-Wan Kenobi en keninginne Padmé Amidala fan Naboo in needlâning op Tatooine meitsje moatten hat. Qui-Gon sjocht daliks hoe 'sterk yn de Krêft' oft Anakin is. As er fan Shmi heart dat er sûnder heit oanset is, rekket er derfan oertsjûge dat Anakin de Utkarde is, dêr't de âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. By in saneamde podrace troch de woastyn ferslacht Anakin de Dug Sebulba. Mei't Qui-Gon en Watto in weddenskip ôfsletten hiene op 'e útkomst fan wedstryd, slagget it de Jedi-master en keapje Anakin frij. Hy nimt de jonge op sleeptou en beslút, tsjin 'e goerie fan 'e leden fan 'e Hege Jedi Ried yn, om him as learling oan te nimmen. As Qui-Gon letter yn in gefjocht mei de Sith Darth Maul omkomt, beslút Obi-Wan om 'e plannen fan syn master yn 'e praktyk te bringen en Anakin op te lieden ta Jedi.
Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, is de njoggentjinjierrige Anakin (spile troch Hayden Christensen) noch altyd de padawan fan Obi-Wan. Meitiid is er machtiger, mar ek arroganter wurden, en hy mient dat syn master syn ûntjouwing ôfremmet. Nei't der in mislearre moardoanslach dien wurdt op Padmé, dy't no har thúswrâld Naboo fertsjintwurdiget yn 'e Galaktyske Senaat, wurdt Anakin har as liifwacht tawiisd. Se reitsje fereale opinoar en begjinne yn it geheim in romantyske relaasje, wat rjocht tsjin 'e gedrachskoade fan 'e Jedi yngiet.
As Anakin troch de Krêft fernimt dat syn mem Shmi pine hat, reizget er mei Padmé op sleeptou werom nei Tatooine om har te befrijen. Dêr oankommen, ûntdekt er dat Shmi inkele jierren nei syn ôfreis mei Qui-Gon Jinn frijkocht is troch de boer Cliegg Lars, sadat se mei him trouwe koe. Lars fertelt Anakin dat syn mem koartby ûntfierd is troch Tuskenkapers, in ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine. Anakin set ôf om syn mem te rêden, mar koart nei't er har fûn hat, stjert se oan 'e ferwûnings dy't har troch har ûntfierders tabrocht binne. Alhiel breinroer fan razernij moardet Anakin de hiele stamme fan Tuskenkapers út, foar't er syn mem begraaft by it boerespultsje fan Cliegg Lars.
Neitiid reizget er mei Padmé nei de planeet Geonosis, dêr't Obi-Wan, dy't op ûndersyk útgien wie om 'e ferantwurdliken op te spoaren foar de oanslach op Padmé, finzen holden wurdt troch de Sith greve Dooku. Dyselde wit ek Anakin en Padmé finzen te nimmen, en mei Obi-Wan wurde se ta de deastraf feroardiele, dy't útfierd wurde sil troch in gefjocht foar publyk tsjin ferskuorrende wylde bisten yn in arena. Se wurde rêden troch in bataljon kloansoldaten, oanfierd troch de Jedi-masters Yoda en Mace Windu. Yn it gefjocht ferwûnet Dooku Obi-Wan en slacht er Anakin de rjochterhân ôf, mar Yoda komt tuskenbeiden en ferdigenet de oare Jedi, wêrnei't Dooku útpykt. Nei't er in hânproteze oanmetten krigen hat, trout Anakin yn it djipste geheim mei Padmé.
Trije jier letter is Anakin yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) in Jedi-ridder en in held út 'e oanhâldende Kloane-oarloggen, wêryn't de Jedi it mei harren leger fan kloansoldaten opnimme tsjin 'e androïdestriidkrêften fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, in los ferbân fan planetestelsels dy't har fan 'e Galaktyske Republyk losmeitsje wolle. As kânselier Palpatine ûntfierd wurdt troch de separatistyske generaal Grievous, wurdt er befrijd troch Anakin en Obi-Wan. De beide Jedi reitsje dêrby yn gefjocht mei greve Dooku. Obi-Wan rekket bewusteleas, mar Anakin wurdt syn tsjinstanner oermânsk, en op oantrúnjen fan Palpatine ûnthalzet er Dooku koelbloedich.
Nei't Anakin weromkeard is nei Coruscant, dêr't de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is, fertelt Padmé him dat se swier rekke is. Koart dêrnei begjint Anakin foarsizzende nachtmerjes te krijen, wêryn't sy yn it kreambêd ferstjert. Underwilens beneamt Palpatine Anakin as syn persoanlike fertsjintwurdiger yn 'e Hege Jedi Ried. De oare leden fan 'e Ried begjinne no erchtinkend te wurden oer de bedoelings fan 'e kânselier, al hawwe se noch altyd net foar it ferstân dat hy ien-en-deselde is as de Sith-master Darth Sidious. Se beslute dêrom Anakin as lid fan 'e Ried te akseptearjen, mar ûnthâlde him de rang fan Jedi-master, dêr't er rjocht op mient te hawwen. Ek besykje de oare leden him te brûken om Palpatine te bespionearjen, mei as gefolch dat er syn fertrouwen yn harren ferliest.
As Palpatine syn wiere identiteit oan Anakin útbringt, rapportearret Anakin dat oan Mace Windu, de foarsitter fan 'e Ried, dy't Palpatine dêrnei oermasteret en finzen nimt. Palpatine brûkt lykwols Anakin syn leafde foar Padmé om him te ferlieden ta de tsjustere kant fan 'e Krêft, mei't er him ynskúnt dat er har inkeld dêrmei rêde kin. Dêrom keart Anakin him tsjin Windu, sadat Palpatine dyselde deadzje kin. Dêrnei swart Anakin trou oan 'e Sith, en Palpatine jout him syn nije namme Darth Vader. Op befel fan Palpatine nimt Vader de lieding oer it 501e Legioen fan it kloanleger, wêrmei't er nei timpel giet dy't de Jedi op Coruscant ta haadkertier tsjinnet en dêr alle Jedi útmoardet, de bern ynbegrepen.
Dêrnei reizget Vader ôf nei de fulkanyske planeet Mustafar, dêr't er de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels fermoardet, mei't Palpatine dy no net mear brûke kin. In skokte Padmé reizget him efternei en smeekt him op Mustafar om 'e tsjustere kant fan 'e Krêft ôf te swarren, mar Vader wegeret. As er de oanwêzigens fan Obi-Wan fernimt, mient er dat Padmé mei dyselde gearspant om him yn 'e fâle te lokjen. Dat is net sa, mar yn in fleach fan razernij smoart er har oant se bewusteleas rekket. Obi-Wan ferskynt en hy en Vader begjinne in duël mei de ljochtsabel, dat einiget as Obi-Wan Vader de lidden ôfhout en him foar dea efterlit yn it paad fan in lavastream. Hy is lykwols noch net alhiel dea, en as Palpatine him oantreft, rêdt er him it libben troch de ferlerne dielen fan syn lichem te ferfangen troch meganyske protezes. Op dy manear wurdt Vader in cyborg, heal minske en heal masine, dy't net oerlibje kin sûnder syn masker en helm. As Vader freget oft Padmé feilich is, liicht Palpatine him kâldwei foar troch te sizzen dat hy (Vader) har fermoarde hat doe't er har smoarde. De skriklike skuldgefoelens dy't dat by Vader opropt, banne it lêste bytsje minsklikens by him út.
Star Wars-ferfolchtrilogy
bewurkje seksjeDe Star Wars-ferfolchtrilogy spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Mei't Darth Vader/Anakin Skywalker dan dea is, spilet er dêryn gjin rol. Inkeld yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) hat Anakin in cameo, yn 'e mande mei oare stimmen fan Jedi-masters út it ferline.
The Clone Wars
bewurkje seksjeYn 'e lange tekenfilm The Clone Wars (2008), dy't ûnder de Kloane-oarloggen spilet, wiist Yoda oan Anakin in learling-Jedi ta, yn 'e persoan fan Ahsoka Tano, in Togruta fan Shili. Dat is in ferantwurdlikheid dy't Anakin mar mei tsjinnichheid op him nimt. Yn 't earstoan is de relaasje tusken Anakin en syn nije learling koel, mar nei't se op in gefaarlike misje it respekt fan Anakin wit te winnen, nimt er har mei om 'e jonge soan fan 'e gangster Jabba de Hutt te rêden, dy't ûntfierd is.
Rogue One
bewurkje seksjeYn 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars lyk foar de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, hat Darth Vader in lytse rol wêrby't er Orson Krennic, de direkteur fan it wapenprogramma fan it Galaktysk Keizerryk, it leksum lêst en letter mei stoarmtroepers fan it 501e Legioen it skansearre flaggeskip fan it Rebelleferbûn interet op 'e siik nei de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer.
Tillefyzjesearjes
bewurkje seksjeOp 'e tillefyzje wie Anakin Skywalker ien fan 'e haadpersoanen fan 'e tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005) en it hast lyknammige The Clone Wars (2008-2014 en 2020). De film The Clone Wars (2008) fungearre teffens as pilotôflevering foar dy lêste searje. Beide searjes spylje ûnder de Kloane-oarloggen.
Star Wars: Clone Wars einiget as Anakin en Obi-Wan Kenobi op in misje geane om kânselier Palpatine te rêden fan generaal Grievous, wat de opmaat is foar de film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Star Wars: The Clone Wars folget behalven Anakin en Obi-Wan ek de ferrjochtings fan Anakin syn learling Ahsoka Tano. Yn 'e lêste ôflevering ferskynt Anakin as Darth Vader om 'e wrakstikken fan in romteskip te ûndersykjen dat ferneatige is by de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As er de ljochtsabel fan Ahsoka oantreft, giet er derfan út dat syn learling omkommen is.
Yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: Rebels (2014-2018), dy't fjirtjin jier nei de ôfrin fan 'e Kloane-oarloggen en de útrûging fan 'e Jedi spilet, is Darth Vader yn it earste seizoen inkeld op 'e eftergrûn oanwêzich, mar wurdt er fan it twadde seizoen ôf de wichtichste antagonist. Ien fan 'e protagonisten út 'e searje is Ahsoka Tano, dy't de Grutte Suvering dochs oerlibbe blykt te hawwen. Darth Vader wie ek ferskate kearen te sjen yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny (2017-2018).
Yn desimber 2020 waard bekendmakke dat Hayden Christensen weromkeare soe as Anakin Skywalker yn 'e oankommende live-actionminysearje Obi-Wan Kenobi. Neffens ynwijden sil er deselde rol ek spylje yn 'e oankommende searje Ahsoka.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
bewurkje seksjejierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | David Prowse (fysyk) en James Earl Jones (stim) |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | David Prowse (Darth Vader, fysyk), James Earl Jones (Darth Vader, stim) en Sebastian Shaw (Anakin Skywalker) |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | Jake Lloyd |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | Hayden Christensen |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | Matt Lanter |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | Spencer Wilding (fysyk), Daniel Naprous (fysyk) en James Earl Jones (stim) |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2018 | Solo: A Star Wars Story | |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|