Plo Koon
Plo Koon (útspr.: [ˈploʊ ˈkuːn], likernôch: "ploo kûûn") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Kel Dor, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Plo Koon waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film spile troch akteur Alan Ruscoe, en yn 'e ferfolchfilms Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) troch Matt Sloan. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Plo Koon ynsprutsen troch stimakteur James Arnold Taylor.
Plo Koon personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Kel Dor | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Ki-Adi-Mundi Saesee Tiin Adi Gallia | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjePlo Koon wurdt berne as in Kel Dor op 'e planeet Dorin. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. By in misje nei Shili, de thúswrâld fan 'e Togruta, ûntdekt Koon in Krêftgefoelich famke fan trije jier, dat er meinimt nei de Jedi Timpel om ta Jedi oplaat te wurden. Dat famke is Ahsoka Tano, mei wa't Koon neitiid troch de jierren hinne kontakt hâldt en befreone rekket. Koon ûntjout him ta in foaroansteande Jedi en komt bekend te stean om syn ûnfersteurberens en kalmte. Meitiid wurdt er beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder.
Nabookrisis
bewurkje seksjeYn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Plo Koon noch as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Koon is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Koon, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen. Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan.
Utbrekken fan 'e Kloane-oarloggen
bewurkje seksjeWannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Plo Koon noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is ien fan 'e 212 Jedi dy't troch Mace Windu en Yoda meinommen wurde nei de planeet Geonosis, om dêr Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te befrijen, dy't troch de Sith-ridder greve Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Oars as in protte dielnimmers oan 'e striid oerlibbet Koon it gefjocht yn 'e Petranaki Arena en de Earste Slach om Geonosis. Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Koon wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.
Aventoeren yn 'e Kloane-oarloggen
bewurkje seksjeKoon kriget it befel oer it 104e Bataljon. Ier yn 'e oarloch bynt Koon mei syn troepen de striid oan mei it separatistyske stjerreslachskip fan 'e cyborg generaal Grievous, dat oeral romteskippen fan 'e Galaktyske Republyk ferneatiget. Grievous raamt it romteskip fan Koon, wêrnei't er úteinset mei it ferneatigjen fan 'e rêdingskapsules. In oar oarlochsskip fan 'e Republyk ûnder befel fan Anakin Skywalker en Ahsoka Tano, arrivearret lykwols krekt op 'e tiid om Koon en syn oerlibjende kloansoldaten te rêden. Letter nimt Koon diel oan 'e ferneatiging fan it stjerreslachskip fan generaal Grievous.
As Anakin Skywalker en Mace Windu by Vanqor oanfallen wurde troch in kliber preemjejagers ûnder lieding fan Boba Fett en syn mentor Aurra Sing, en finzen komme te sitten yn it wrak fan harren delstoarte romteskip, binne Koon en Ahsoka Tano dejingen dy't harren rêde. Neitiid docht bliken dat de preemjejagers trije ûnderhearrigen fan Windu yn gizeling nommen hawwe. Koon en Ahsoka spoare Sing-en-dy op 'e planeet Florrum op. By in konfrontaasje wurde Fett en ferskate oaren finzen nommen, wylst Sing om liket te kommen as se mei Fett syn romteskip de Slave I delstoart.
Koon is ek behelle yn 'e evakuaasje fan 'e troepen fan 'e Republyk fan 'e planeet Felucia. Mei Obi-Wan Kenobi, Saesee Tiin en Adi Gallia stelt er in ûndersyk yn nei de dea fan Jedi-master Halsey en syn padawan Knox, dy't fermoarde blike te wêzen troch de deawaande tsjustere Jedi Asajj Ventress. As it team ûnder lieding fan Kenobi, Skywalker en Ahsoka by de rêding fan 'e finzen nommen Jedi-master Even Piell út 'e Sitadel, in kweaferneamd separatistysk tichthûs op Lola Sayu, yn 'e swierrichheden komt, liedt Koon mei Tiin, Gallia en Kit Fisto in float dêrhinne om harren te help te kommen. Neitiid komt oan it ljocht dat Ahsoka tsjin 'e oarders fan har master, Anakin Skywalker, op 'e misje meigien is. As Skywalker oan Koon freget oft hy har dêr opdracht ta jûn hat, liicht Koon foar Ahsoka troch befêstigjend te antwurdzjen.
Letter wurdt Ahsoka Tano beskuldige fan in bomoanslach en dêropfolgjende moard, mei't alle bewizen yn har rjochting wize. Koon wegeret te leauwen dat sy dêr ferantwurdlik foar is, mar oare leden fan 'e Hege Jedi Ried, lykas Mace Windu, Saesee Tiin en Ki-Adi-Mundi, oerstimme him en beslute har út 'e Jedi Oarder te setten en yn it tichthûs te smiten. As Anakin Skywalker letter oan it ljocht bringt dat Ahsoka har freondinne Barriss Offee de wiere skuldige is, besykje Windu-en-dy it goed te meitsjen troch har rehabilitaasje oan te bieden, mar dat wiist Ahsoka desyllúzjonearre fan 'e hân.
Koon is dejinge dy't de tolve jier âlde moard op 'e Jedi-master Sifo-Dyas ûndersiket, nei't de alaarmoprop fan Sifo-Dyas syn romtefear einlings de Jedi Timpel op Coruscant berikt. Hy reizget ôf nei de moanne fan 'e planeet Oba Diah, dêr't Sifo-Dyas oan syn ein kommen is, en fynt dêr de ljochtsabel fan 'e Jedi-master en de brokstikken fan it romtefear. Neitiid beriedt de Hege Jedi Ried him oer de fraach ynhoefier't it plan ta de produksje fan it leger kloansoldaten op Kamino eins út 'e koker fan Sifo-Dyas kommen is. Fierder ûndersyk troch Obi-Wan en Anakin bringt oan it ljocht dat Silman, in assistint fan 'e eardere kânselier Finis Valorum, dy't mei Sifo-Dyas reizge, noch yn libben is, en dat 'Tyranus', dy't opdracht jûn hat ta it delsjitten fan it romtefear fan Sifo-Dyas, nimmen oars is as greve Dooku. Koon en de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried feie de belutsenens fan Dooku by de produksje fan it kloaneleger ûnder it flierkleed út eangst dat de befolking fan 'e Galaktyske Republyk it fertrouwen yn it leger ferlieze soe as dat bekend waard.
Dea
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., hat Plo Koon de lieding oer it 442e Belegeringsbataljon fan 'e Galaktyske Republyk by de gefjochten op 'e planeet Cato Neimoïdia. Kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, furdiget Oarder 66 út, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk troch tadwaan fan greve Dooku foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As Koon nei it beheljen fan 'e oerwinning yn in romtejager oer it slachfjild fan Cato Neimoïdia fljocht, wurdt er ûnferhoeds fan efteren oanfallen troch twa kloansoldaten yn begeliedende jagers. Koon wurdt delsketten en komt om as syn tastel delstoart.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |