Lando Calrissian
Lando Calrissian, waans folsleine namme yn 'e film Solo Landonis Balthazar Calrissian III blykt te wêzen, is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in negroïde sakeman, bestjoerder, gokker, oplichter en playboy, en de oarspronklike eigner fan it romteskip de Millennium Falcon. Hy jout him mei tsjinnichheid by it Rebelleferbûn en de opstân tsjin it Galaktysk Keizerryk "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort", mar klimt al rillegau op ta ien fan 'e generaals fan 'e rebellen. Yn 'e beide lêste films fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983) waard de rol fan Lando spile troch akteur Billy Dee Williams, dy't krapoan fjirtich jier letter yn deselde rol weromkearde yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker. Yn 'e prequelfilm Solo: A Star Wars Story (2018) waard de rol fan Lando oernommen troch Donald Glover. Neffens Amerikaanske kultuerkritisy wie de yntroduksje fan it personaazje fan Lando Calrissian in mylpeal yn 'e fertsjintwurdiging fan swarte minsken yn 'e science fiction-sinema.
Lando Calrissian personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Landonis Balthazar Calrissian III | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | sakeman, gokker, oplichter | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Han Solo Chewbacca Nien Numb prinsesse Leia | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeOarspronklike Star Wars-trilogy
bewurkje seksjeIt personaazje fan Lando Calrissian wurdt yntrodusearre yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983). Han Solo, prinsesse Leia, de Wookiee Chewbacca en de androïde C-3PO ûntkomme yn dy film yn Han syn romteskip, de Millennium Falcon, fan 'e iisplaneet Hoth, dêr't de dêr fêstige basis fan it Rebelleferbûn oanfallen wurdt troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk en op it punt stiet ynnommen te wurden. Nei gâns aventoeren rekket it romteskip stikken, dat se moatte foar reparaasjes oanstekke yn 'e Stêd yn 'e Wolkens, in mynboukoloanje boppe de planeet Bespin. Dêre is it pleatslik bestjoer yn 'e hannen fan Lando Calrissian (spile troch Billy Dee Williams), in sakeman, gokker, oplichter en playboy en in âlde freon fan Han. Hy is teffens de oarspronklike eigner fan 'e Millennium Falcon, dy't er jierren lyn by in kaartspul mei hege ynset oan Han ferlern hat.
It docht lykwols bliken dat Lando ûnder ien tekken skûlet mei Darth Vader, de foarnaamste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Om't dyselde drige hat om 'e Stêd yn 'e Wolkens ûnder direkt tafersjoch fan it Galaktysk Keizerryk te pleatsen, wurket Lando, sij it mei tsjinnichheid, mei oan it opsetten fan in mûklaach foar Han-en-dy. Nei't Han, Leia, Chewbacca en C-3PO finzen nommen binne, lit Vader Han martelje sûnder dat dêr in reden foar is. Letter lit er him by wize fan eksperimint ynfrieze yn 'e (fiktive) stof karbonyt, om te testen oft in minske dat oerlibje kin. (Hy is nammentlik fan doel om itselde te dwaan mei de jonge Jedi Luke Skywalker, in freon fan Han, dy't er troch Han-en-dy as lokies te brûken nei de Stêd yn 'e Wolkens ta lokje wol.) As Han it eksperimint oerlibbet, jout Vader him ynferzen en wol oan 'e preemjejager Boba Fett, om him ôf te fieren nei de planeet Tatooine, dêr't de gangster Jabba de Hutt Han in hege preemje op 'e holle set hat.
Lando sjocht dit allegear oan sûnder it tsjinkeare te kinnen, mar as Vader harren ôfspraken negearret troch Leia en Chewbacca yn finzenskip meifiere te wollen, hat er syn nocht. Hy beoarderet de evakuaasje fan 'e Stêd yn 'e Wolkens en yn it resultearjende trelit befrijt er Leia, Chewbacca en C-3PO en ûntkomt mei harren yn 'e ûnderwilens reparearre Millennium Falcon. R2-D2, dy't krekt tefoaren mei Luke yn 'e Stêd yn 'e Wolkens arrivearre is, jout him by harren, en se pikke Luke op nei't dy syn earste duël mei Darth Vader ferlern hat, mar foar't er finzen nommen wurde kin.
Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) giet Lando undercover as bewekker yn it haadkertier fan Jabba de Hutt op Tatooine. Yn gearwurking mei Luke, Leia, Chewbacca en R2-D2 rêdt er Han Solo foar't dyselde mei Luke en Chewbacca oan 'e sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon opfuorre wurde kin. Tsjin dy tiid is Lando troch syn prestaasjes en kontakten binnen it Rebelleferbûn al opklommen ta generaal. Sadwaande jout er mei admiraal Ackbar lieding oan 'e wraam fan 'e float fan 'e rebellen op 'e twadde Deadsstjer, wêrby't er persoanlik de reäktorkearn ferneatiget. Dat bringt in keatlingreäksje op gong dy't it reuseftige romtestasjon finaal ferneatiget. Nei de slach jout Lando him by de oare rebellen op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor, dêr't se de oerwinning op it Keizerryk fiere.
Star Wars-ferfolchtrilogy
bewurkje seksjeYn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy ûntbriek it personaazje fan Lando Calrissian yn 'e films Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) en Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), ta teloarstelling en lulkens fan in diel fan 'e fans fan Star Wars. Pas yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) kearde Lando werom, op 'e nij spile troch akteur Billy Dee Williams. It gat fan 36 jier tusken Return of the Jedi en The Rise of Skywalker is ien fan 'e langste ynterfallen út 'e filmskiednis tusken portrettearrings fan in personaazje troch deselde akteur.
Yn 'e film besykje Rey, Finn, Poe Dameron en Chewbacca de lokaasje fan in Sith-artefakt oan 'e weet te kommen. Op 'e planeet Pasaana wurde se rêden fan in kloft stoarmtroepers troch in mysterieuze frjemdling dy't nimmen oars as Lando blykt te wêzen. Hy helpt harren it artefakt te finen, mar as Poe him freget om him by it Ferset tsjin 'e út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk fuortkommen Earste Oarder te jaan, wegeret er. Letter, nei it ferstjerren fan Leia, dûkt Lando lykwols dochs op. Hy praat Poe moed yn en reizget neitiid it Stjerrestelsel ôf om feteranen fan it Rebelleferbûn gear te bringen foar in lêste oanfal op 'e Sith en harren float. Krekt as it liket dat it Ferset belies jaan moat yn 'e slach tsjin 'e Sith, komme Lando, Chewbacca en in oare feteraan, Wedge Antilles, opdaagjen mei in farske float fan âlde rebellen, sympatisanten fan it Ferset en oare bûnsgenoaten, wat de striid yn it foardiel fan it Ferset trochslaan lit. Oan 'e ein fan 'e film, as de fersetslju harren oerwinning fiere, rekket Lando yn petear mei in desertearre stoarmtroeper, Jannah, dy't seit dat se net wit wêr't se wei komt; hy antwurdet dat er har helpe sil om dat út te finen.
Oare films
bewurkje seksjeYn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) en de live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story (2016) komt it personaazje fan Lando net foar, krekt likemin as yn 'e trije dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). Mar yn in oare live-actionfilm, Solo: A Star Wars Story (2018) ferskynt in jongere ferzje fan Lando, dy't spile wurdt troch Donald Glover.
Yn 'e film wurdt Lando yntrodusearre as gokker en 'pinsjonearre' smokkelder, dy't eigner is fan in romteskip, de Millennium Falcon, dat fluch genôch is om te ûntkommen mei in hiele lading stellen rouwe brânstof. Sa'n skip hawwe Han Solo, Chewbacca en harren partners Qi'ra en Tobias Beckett krekt ferlet fan. Han besiket it skip te winnen yn in spultsje sabacc, mar Lando spilet falsk en troggelet him al syn jild ôf. Neitiid biedt Lando lykwols oan om him by de dieven te jaan yn ruil foar in persintaazje fan 'e winst. By de dieverij rekket Lando ferwûne, wylst syn androïde en ko-piloat L3-37 sa skansearre rekket, dat se net mear te reparearjen is. Han wit lykwols de Millennium Falcon yn feilichheid te bringen troch de navigaasjedatabase fan L3-37 mei de skipskompjûter te ferbinen. Letter nimt Lando syn winst en syn romteskip mei en set ôf, mar Han spoart him op, ûntdocht him troch bûsehifkjen fan 'e spylkaart dy't er brûkt om falsk te spyljen en wint dan de Millennium Falcon fan him by in nij spultsje sabacc.
Tillefyzjesearjes
bewurkje seksjeOp 'e tillefyzje wie Lando Calrissian yn in gastrol te sjen yn 'e ôfleverings Idiot's Array en The Siege of Lothal fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). Syn dialooch waard dêrby ynsprutsen troch Billy Dee Williams. In live-actiontillefyzjesearje om it personaazje fan Lando Calrissian hinne is anno 2022 yn produksje foar de streamingtsjinst Disney+. It moat in minysearje wurde, dy't Lando komme sil te hjitten. De searje waard yn desimber 2020 oankundige, mar it is noch net bekend wannear't de opnamen begjinne sille of wa't de titelrol fertolkje sil.
Literatuer
bewurkje seksjeIt personaazje fan Lando Calrissian komt ek foar yn in grut tal Star Wars-romans, wêrfan't it grutste part lykwols sûnt 2014, nei de oername fan filmstudio Lucasfilm troch The Walt Disney Company, net mear as kanonyk beskôge, mar as Star Wars Legends bestimpele wurdt. Spesifyk oer Lando geane The Lando Calrissian Adventures, in trilogy dy't yn 1983 publisearre waard troch auteur L. Neil Smith. De trilogy bestiet út 'e dielen Lando Calrissian and the Mindharp of Sharu, Lando Calrissian and the Flamewind of Oseon en Lando Calrissian and the Starcave of ThonBoka.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |