Sebulba
Sebulba is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Dug fan 'e planeet Malastare en in koereur dy't dielnimt oan in race troch de woastyn op 'e planeet Tatooine. Sebulba waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). Hy wie folslein it resultaat fan fisuele effekten; syn dialooch waard ynsprutsen troch stimakteur Lewis MacLeod.
Sebulba personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Dug | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | koereur | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Anakin Skywalker Watto | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeSebulba is in Dug, dy't berne is op Malastare, de thúswrâld fan 'e Dugs. Hy wie ienris in slaaf, mar wist syn frijheid te winnen troch syn talinten as koereur. Sebulba is tige arrogant en kompetatyf, en skrillet net tebek foar falskspyljen as er dêrmei in race winne kin. Dêrom hat er syn podracer foarsjoen fan in ferskaat oan yllegaal wapenreau dat er brûkt om tsjinstanners dy't er oars net de baas kinne soe, lytsman te meitsjen. (Sa sit der yn syn loftermotor bgl. in flammewerper ynboud.)
Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace nimt Sebulba diel oan 'e Boontajûnklassiker, in race troch de woastyn fan 'e planeet Tatooine, dêr't er de ferwachte winner is. Hy bewissiget him fan syn kânsen op 'e oerwinning troch al ier yn race in oare dielnimmer, Mawhonic, út te skeakeljen en neitiid noch ferskate oare koereurs dy't driigje de lieding fan it fjild fan him oer te nimmen.
Ien fan 'e oare koereurs is de njoggenjierrige minsklik slavejonge Anakin Skywalker. Dyselde giet troch sabotaazje fan Sebulba mar dreech fan start en kriget, op 'e nij troch Sebulba syn tadwaan, oan 'e ein fan 'e twadde omgong suver in deadlik ûngemak. Mar syn wetterflugge, troch de Krêft ûnderstipe refleksen rêde him. Anakin komt werom, en Sebulba en hy stride om it earste plak oant Sebulba mei syn cockpit te ticht by de motors fan 'e podracer fan Anakin komt en delstoart. Dat klearret it paad foar it winnen troch Anakin fan 'e Boontajûnklassiker, wêrmei't er tagelyk syn frijheid wint.
Om't er yn it mulle sân fan 'e woastyn delkomt, oerlibbet Sebulba it delstoarten fan syn podracer. Hy giet neitiid troch mei racen oant de Kloane-oarloggen al lang en breed úteinset binne. Dêrnei jout er it podracen deroan en set er útein mei in nije karriêre yn it 'kriichsracen', in noch ekstremere sport.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |