Eirtaé Ballory (útspr.: [ɛːɹˈtaːeː ˈbɑloɹi], likernôch: "êr-taa-ee bal-loar-y"); folút: Eirtama Ballory) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan Eirtaé waard spile troch Friday "Liz" Wilson.

Eirtaé Ballory
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Eirtama Ballory
sekse froulik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt hofdame, keunstneresse,
útfiner
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Sabé
Rabé Tonsort
Saché Adova
Quarsh Panaka
Sio Bibble
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Eirtaé Ballory is berne op 'e planeet Naboo. Se docht mei oan in workshop op it mêd fan aktearjen dy't ferbân hâldt mei har oplieding ta setdesigner, as har troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, frege wurdt om hofdame te wurden fan 'e nije, koartby ferkeazen keninginne Padmé Amidala. Hja wurdt by Panaka foar dy posysje oanrikkemandearre troch in oare jonge gadingmakster foar de funksje fan hofdame, Saché Adova. Eirtaé nimt it oanbod oan en swart se trou oant yn 'e dea oan Padmé.

Yn 'e Nabookrisis, dy't letter dat jiers útbrekt, wurdt Eirtaé yn 'e mande mei de keninginne, de oare hofdames Saché, Sabé, Rabé en Yané, Panaka en syn mannen en gûverneur Sio Bibble finzen nommen troch Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Dyselde wol Padmé in ferdrach ûndertekenje litte dat Naboo alhiel oan 'e Hannelsfederaasje oerleverje soe, mar Padmé wegeret. Underweis nei in finzenekamp wurdt it selskip befrijd troch de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi. Neitiid bliuwt Eirtaé by keninginne Padmé as dyselde nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant reizget, yn in fergees besykjen om stipe los te krijen fan 'e Galaktyske Senaat en fan kânselier Finis Valorum.

Nei't se sûnder wat bedijd te hawwen weromkeard binne nei Naboo, beselskippet Eirtaé de keninginne nei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Nabou lânseigen is. Se is tsjûge fan it militêr bûnsgenoatskip dat Padmé mei de Gungaanske lieder baas Nass slút. Letter bliuwt se by Padmé as dy mei har entoeraazje it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed bestoarmet. Yn 'e gefjochten ferliest Eirtaé Padmé út it each, en as se har letter in paad nei de troanseal ta fjochtet, ûntdekt se dat Padmé en Panaka ûnderwilens Gunray al finzen nommen hawwe. Dêrmei komt in ein oan 'e blokkade en besetting fan Naboo.

Nei't Padmé har termyn as keninginne fan Naboo fjouwer jier letter úttsjinne hat, ferfart Eirtaé nei de Gungaanske ûnderwetterstêd Otoh Gunga, om har leafde foar de poadiumkeunsten te folgjen. Dêr bestudearret se de manear dy't de Gunganen hawwe om fakua oan te meitsjen. Se besiket dêrmei nije manearen foar setdekoraasje te finen, mar ûntdekt ûnbedoeld in nije en bettere kweekmetoade fan blauwieren, dy't yn 'e Nabooaanske lânbou as keunstdong brûkt wurde.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono