Wicket Wystri Warrick

Wicket Wystri Warrick is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Ewok fan 'e boskmoanne Endor, dy't in libben liedt as jager-sammelder as er behelle rekket yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk. Wicket waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Letter wied er ek te sjen yn twa tillefyzjefilms en in tekenfilmsearje op 'e tillefyzje.

Wicket Wystri Warrick
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Ewok
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt jager-sammelder,
kriger
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
prinsesse Leia
Chewbacca
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1983

Fertolking bewurkje seksje

Wicket waard yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (en de lettere beide tillefyzjefilms) spile troch Warwick Davis, in akteur mei dwerchgroei dy't doe alve jier wie. Hy rekke by de produksje fan Return of the Jedi belutsen nei't syn beppe op 'e radio in oprop heard hie foar tige koarte akteurs om audysje te dwaan. Yn jannewaris 1982 fûnen de earste opnamen plak dêr't Ewoks yn foarkamen.

Davis soe earst in Ewok-figurant spylje, mar hy loek de oandacht fan Star Wars-betinker George Lucas mei beskate aspekten fan syn aktearjen. Sa koed er syn tonge troch it masker fan it Ewok-kostúm stekke, en teffens hied er it foar de moade om 'e holle skean te hâlden op in befreegjende manear. Dat lêste wie wat dat ynspirearre wie troch itselde hâlden en dragen fan Davis syn hûn. Doe't Kenny Baker, de akteur dy't yn 'e Star Wars-films de robot R2-D2 spile en dy't ek de rol fan Wicket op him nimme soe, siik rekke troch itensfergiftiging, waard Davis ynset as syn ferfanger.

Ferskinings bewurkje seksje

It personaazje Wicket Wystri Warrick waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Hy is in jager-sammelder en in kriger op 'e boskmoanne Endor, dy't prinsesse Leia moetet nei't se in efterfolging op glydmotors oerlibbe hat. Hja slút freonskip mei him en hy nimt har mei nei it doarp fan syn Ewok-stamme yn 'e toppen fan 'e beammen fan it oerwâld. Letter is Wicket ien fan 'e oanfierders fan 'e Ewoks as dy prinsesse Leia en de oare leden fan it kommandoteam fan it Rebelleferbûn te help komme nei't dyselden by in wraam op in fasiliteit fan it Galaktysk Keizerryk op Endor finzen nommen binne.

Wicket en de oare Ewoks wiene sa populêr, dat der neitiid twa tillefyzjefilms oer harren makke waarden: Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en Ewoks: The Battle for Endor (1985). Yn beide films kroep Warwick Davis op 'e nij yn 'e hûd fan Wicket. Yn Caravan of Courage: An Ewok Adventure lijt de minsklike húshâlding Towani skipbrek op Endor. Wylst se harren romteskip besykje te reparearjen, rekket it gesin útinoar as in reuseftich wêzen dat de Gorax neamd wurdt, de âldelju ûntfiert. In groepke Ewoks kriget begrutsjen mei de lykme-allinne efterbleaune minskebern. Oanfierd troch Wicket beslute se Cindel Towani en har âldere broer Mace te helpen om harren âlden te rêden.

Ewoks: The Battle for Endor spilet likernôch in healjier letter. De reparaasjes fan it romteskip fan 'e Towani's binne hast klear as de boasaardige hear Terak, syn heks-eftige helpster Charal en harren binde plonderders it doarp fan 'e pleatslike Ewoks oanfalle. Gâns Ewoks wurde finzen nommen, en Mace en syn âlden reitsje dea as se harren freonen te help komme. It famke Cindel, no in jong weesbern, en Wicket pike tegearre út en fine beskûl by Noa Briqualon, in oare minske dy't ek op 'e boskmoanne strâne rekke is. As Charal Cindel fynt en ûntfiert, geane Noa en Wicket derefteroan om har te befrijen, wat liedt ta in kontrontaasje mei Terak.

Fierders wie Wicket ek it haadpersonaazje yn 'e tekenfilmsearje Ewoks, dy't fan 1985 oant 1986 makke waard. Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) hat Wicket oan 'e ein fan 'e film in cameo, as er tegearre mei syn soan Pommet ferskynt. Wicket waard dêrby op 'e nij spile troch Warwick Davis, wylst dy syn echte soan Harrison Davis de rol fan Pommet op him naam.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono