Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith is in Amerikaanske science fiction-film út 2005 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it sechsde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace út 1999 en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones út 2002. Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Ewan McGregor, Natalie Portman en Hayden Christensen. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering III – Wraak fan 'e Sith".

Star Wars: Episode III
Revenge of the Sith
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Revengeofthesith-logo.svg
makkers
regisseur George Lucas
produsint Rick McCallum
útfierend
   produsint
George Lucas
senario George Lucas
kamerarezjy David Tattersall
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ewan McGregor
Natalie Portman
Hayden Christensen
byrollen Ian McDiarmid
Samuel L. Jackson
Frank Oz
Christopher Lee
Matthew Wood
Kenny Baker
Antony Daniels
Temuera Morrison
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 19 maaie 2005
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 140 minuten
budget en resultaten
budget $113 miljoen
opbringst $868,4 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode II – Attack
   of the Clones
● folgjend diel Star Wars: Episode VII – The
   Force Awakens

De film spilet trije jier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e filmsearje. De Galaktyske Republyk is yn 'e Kloane-oarloggen ferwikkele mei de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, en de Jedi-ridders hawwe har ferspraat oer it Stjerrestelsel om yn 'e striid lieding te jaan oan it Grutte Leger fan 'e Republyk. Ien fan harren, Obi-Wan Kenobi, wurdt útstjoerd om generaal Grievous út 'e wei te romjen, dy't oan it haad stiet fan 'e androïdelegers fan 'e separatisten. Underwilens wurdt de jonge Jedi Anakin Skywalker tramtearre troch nachtmerjes wêryn't syn leafste, senator Padmé Amidala, yn it kreambêd ferstjert. Syn eangst om har te ferliezen jout kânselier Palpatine, dy't yn it geheim nimmen oars is as de boasaardige Sith-master Darth Sidious en de arsjitekt fan 'e oarloch, de kâns om him troch manipulaasje oer te heljen nei de tsjustere kant fan de Krêft.

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2005 yn 'e Feriene Steaten en de op ien nei meast opbringende film fan it jier wrâldwiid. Yn 'e Skywalker Saga is it ferfolch op Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith de film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dat yn 2015 útkaam.

PlotBewurkje

Trije jier nei it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels binne de separatisten einlings en te'n lêsten weromkrongen nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel en rint de boargeroarloch op syn ein. De ûnmeilydsume generaal Grievous, de cyborg dy't it befel fiert oer de androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, hat yn in riskante wurp fan 'e dobbelstiennen it meastepart fan 'e striidkrêften dy't er noch oer hat, ynset foar in ferrassingsoanfal op 'e planeet Coruscant, de sit fan it regear fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby is Palpatine, de kânselier fan 'e Republyk, finzen nommen en oerbrocht nei it flaggeskip fan Grievous. Wylst yn 'e loft boppe en de romte om Coruscant hinne de striid noch yn al syn fûleindigens geande is, krije de Jedi-ridders Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker de opdracht om it flaggeskip te ynfiltrearjen en de kânselier te befrijen.

It slagget de beide Jedi en de robot R2-D2 (hoewol net sûnder muoite) om oan board fan it flaggeskip te kommen, dêr't Obi-Wan en Anakin al rillegau Palpatine weromfine en befrije. Se wurde lykwols opwachte troch de Sith-ridder greve Dooku, tsjin wa't se in gefjocht mei de ljochtsabels begjinne. Obi-Wan rekket al ier yn it gefjocht bewusteleas, mar Anakin wit Dooku te ûntwapenjen en oermânsk te wurden. Palpatine fiteret him oan om 'e no warleaze Dooku te deadzjen, en nei eefkes wifke te hawwen, jout Anakin ta oan syn hate foar syn fijân en ûnthalzet er Dooku mei syn ljochtsabel. Palpatine trunet Anakin ek oan om 'e bewusteleaze Obi-Wan oan syn lot oer te litten, mar dat wegeret de jonge Jedi. Mei Obi-Wan by harren besykje se fan it skip te ûntkommen, mar se wurde finzen nommen troch oarlochsandroïden en op 'e brêge fan it romteskip by generaal Grievous brocht. Anakin en de ûnderwilens wer by besleur kommen Obi-Wan, brekke los en weve handich ôf mei de oarlochsandroïden. Grievous sabotearret it dochs al skeinde skip fierder ear't er sels yn in rêdingskapsule ûntkomt. Mei help fan R2-D2 witte de beide Jedi it útinoar fallende flaggeskip op in lâningsbaan op Coruscant del te setten.

Op 'e fêste grûn wurdt Anakin weriene mei syn leafste, senator Padmé Amidala fan Naboo, mei wa't er trije jier earder yn it djipste geheim troud is (sjoch: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones). Hja moatte harren houlik ferbergje om't it oangean fan emosjonele ferbyntenissen foar Jedi strang ferbean is. Padmé fertelt Anakin dat se swier rekke is. Anakin is tige bliid mei dat nijs, hoewol't hy en Padmé allebeide beseffe dat dit it folle dreger meitsje sil om harren relaasje geheim te hâlden.

Dy nachts hat Anakin foar it earst in foarsizzende nachtmerje wêryn't Padmé yn it kreambêd komt te ferstjerren. Neitiid wurdt er allegeduerigen troch sokke fizioenen tramtearre. Hy giet nei de krapoan njoggenhûndert jier âlde master Yoda, dy't jildt as de wiiste fan alle Jedi, en seit tsjin him dat er foarsizzende dreamen hat wêryn't immen fan wa't er hâldt pine hat en stjert. Hy fertelt net dat it om Padmé giet, dat se troud binne of dat Padmé swier is fan syn bern. Yoda antwurdet dat Jedi har ûntdwaan moatte fan alle emosjonele bannen en dat er bliid wêze moatte soe as immen "ien wurdt mei de Krêft" (stjert). Dat is net it antwurd dat Anakin siket.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Troch de jierren hinne is Anakin befreone rekke mei kânselier Palpatine, dy't min ofte mear in heitefiguer foar him wurden is. Wat Anakin net wit, en hast nimmen net, is dat de freonlike en ynnimmende Palpatine eins in fasade is foar de persoan fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious, dy't út is op oerhearsking fan it Stjerrestelsel en him dêrby troch neat en nimmen tsjinhâlde lit. Hy hat syn learing, greve Dooku, ferret om't er it op Anakin foarsjoen hat om syn nije learling te wurden, mei't Anakin tige sterk yn 'e Krêft is. Troch jierren fan manipulaasje hat Palpatine in kleau iepene tusken Anakin en de Jedi Oarder.

Op inisjatyf fan Palpatine beslút de Galaktyske Senaat dat de kânselier (Palpatine dus) tenei in fertsjintwurdiger oanstelle mei yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. De Jedi, oanfierd troch Yoda en Mace Windu, moatte neat hawwe fan dy ynminging yn harren oangelegenheden. Se mistrouwe Palpatine dochs al, mei't de kânselier troch gebrûk te meitsjen fan mesken yn 'e wet yn funksje bleaun is lang nei't syn eigentlike terminen foarby binne, en om't er him ûnder it mom fan 'e oanhâldende Separatistyske Krisis almar mear macht en foech ta-eigenet, wêrfan't de Jedi fermoedzje dat er it net wer frijwillich ôfstean sil.

Om 'e kleau tusken Anakin en de Jedi noch wider te meitsjen, beneamt Palpatine Anakin ta syn fertsjintwurdiger yn Hege Jedi Ried. De oare leden fan 'e Ried beslute dêrop om 'e oanwêzigens fan Anakin by harren rieplachtings ta te stean, mar him de rang fan Jedi-master foarearst te ûnthâlden, wat betsjut dat er inkeld in waarnimmer sûnder stimrjocht wêze sil. Anakin is poer as him dat beslút oansein wurdt. Wannear't de Hege Jedi Ried letter wol dat er foar harren Palpatine bespionearret, ferliest er it meastepart fan syn fertrouwen yn 'e lieding fan 'e Jedi Oarder.

Underwilens ferriedt Palpatine oan 'e Jedi dat generaal Grievous beskûl socht hat op 'e planeet Utapau, en de Hege Jedi Ried nimt it foarsisbere beslút om Obi-Wan dêrhinne te stjoeren mei de opdracht om 'e fijannige lieder te eliminearjen. Dat wie Palpatine syn hiele opset, want mei Obi-Wan út 'e wei hat er frij spul om Anakin fierder te manipulearjen. Hoewol't Anakin fan miening is dat hy mei syn eardere master gean moatte soe, wolle de oare leden fan 'e Ried dêr neat fan witte, om't it neffens harren folle wichtiger is dat immen Palpatine syn dwaan en litten yn 'e rekken hâldt. De ynvaazje dy't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels op Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, úteinset is, moat ek tsjinkeard wurde. Mei't de Jedi troch harren ynset yn 'e boargeroarloch alhiel fersille rekke binne oer it Stjerrestelsel, beslút Yoda om sels it befel oer in ienheid kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk te nimmen en nei Kashyyyk ôf te reizgjen.

Palpatine, dy't weet hat fan it houlik fan Anakin en Padmé en teffens fan 'e foarsizzende dreamen fan Anakin, bringt de jonge Jedi yn ferlieding mei in ferhaal oer de Sith-master Darth Plagueis, dy't troch syn kunde fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft sa machtich wie, dat er foarkomme koe dat minsken stoaren. Op Utapau kringt Obi-Wan it grottestelsel binnen dêr't generaal Grievous him ophâldt. Wylst in ôfdieling kloansoldaten de oarlochsandroïden te liif giet, bynt Obi-Wan de striid oan mei Grievous sels, dy't fjouwer earms hat en dêrom fjouwer ljochtsabels hantearje kin. Nettsjinsteande dat wit Obi-Wan him lang om let te oerwinnen troch mei in ploffer syn hert oan grôt te sjitten, wat ien fan 'e iennichste lichemsdielen fan 'e cyborg is dy't net ferfongen is troch in masinepart.

Nei't Palpatine Anakin in skoft oer it ferhaal fan Darth Plagueis neiprakkesearje litten hat, fertelt er him by in oare gelegenheid dat er Darth Sidious is en biedt er oan om Anakin te learen hoe't er it ferstjerren fan Padmé foarkomme kin. Anakin stiet raar yn twastriid, mar giet nei Mace Windu ta om te fertellen dat Palpatine de Sith-master is dy't efter de oarloch sit. Windu priizget Anakin foar syn trou, mar hjit him om him fierder net mei de saak te bemuoien. Mei trije oare masters fan 'e Hege Jedi Ried, de Nautolaan Kit Fisto, de Iktotchi Saesee Tiin en de Zabrak Agen Kolar, bejout Windu him nei it kantoar fan 'e kânselier om Palpatine te arrestearjen. Dyselde wegeret dêr fansels oan mei te wurkjen en hellet in ljochtsabel te foarskyn. Yn it folgjende gefjocht deadet Palpatine al yn 'e earste pear sekonden Kolar en Tiin, wylst Fisto it mar kwealk langer tsjin him úthâldt. Dêrnei is it in duël fan man tsjin man mei Windu. As dyselde him oermânsk driget te wurden, falt Palpatine him oan mei Krêftwjerljocht. Windu blaast dat lykwols werom yn syn eigen gesicht, sadat de kânselier bliuwend misfoarme rekket. Op 't langelêst wit Windu Palpatine te oermasterjen.

Op dat stuit arrivearret Anakin, dy't Windu syn eardere opdracht yn 'e wyn slein hat. Hy pleitet by Windu foar it sparjen fan it libben fan Palpatine, mei't er leaut dat dyselde de iennichste is dy't Padmé har libben rêde kin. Windu antwurdet lykwols dat de Sith-master te gefaarlik is om yn libben te litten en risselwearret om him stânrjochtlik te eksekutearjen. Dan lûkt Anakin syn ljochtsabel en ûntwapenet Windu troch him de hân ôf te slaan. Palpatine folteret dêrop syn fijân mei Krêftwjerljocht foar't er him út it finster smyt, sadat er te pletter falt. Neitiid swart Anakin trou oan 'e Sith, en Palpatine slacht him ta ridder ûnder de nije namme Darth Vader.

De earste opdracht dy't Vader fan syn nije master kriget, is om mei kloansoldaten fan it 501e Legioen nei de Jedi Timpel te gean, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, om dêr alle oanwêzige Jedi út 'e wei te romjen. Vader docht dat en rûget dêrby eigenhandich de jonge, mei gefoeligens foar de Krêft bejeftige jonge bern út, dy't beskûl sykje yn 'e riedskeamer fan 'e Hege Jedi Ried. Dêrnei hjit Palpatine him om nei de planeet Mustafar te reizgjen, dêr't Grievous foar syn dea de politike lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels yn feilichheid brocht hat. Hoewol't Palpatine sels ferantwurdlik is foar de oprjochting fan dat steatsferbân, kin er it no net mear brûke en moat it útskeakele wurde. Nei in koart besyk oan Padmé, oan wa't er neat fertelt oer wat er dien hat, set Vader mei R2-D2 ôf nei Mustafar.

Underwilens lit Palpatine Oarder 66 útgean, in befel oan alle kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk om harren Jedi-ofsieren út 'e wei te romjen. Hearrigens oan dat befel is troch Dooku yn opdracht fan Palpatine by de produksje fan 'e kloanen op Kamino yn harren psyche ymplantearre, dat sels as se der op tsjin wêze soene, dan noch soene se it befel likegoed útfiere moatte. Sadwaande wurde oeral yn it Stjerrestelsel op frijwol itselde stuit de Jedi troch harren eigen ûnderhearrigen fermoarde, lykas Ki-Adi-Mundi op Mygeeto, Aayla Secura op Felucia, Plo Koon op Cato Neimoïdia en Stass Allie op Saleucami. Op Utapau ûntkomt Obi-Wan mar kwealk oan 'e dea troch him yn in djip sinkgat mei wetter op 'e boaiem falle te litten. Op Kashyyyk wurdt Yoda troch de Krêft de dea fan 'e oare Jedi gewaar. Hy is sadwaande op syn iepenst as twa kloanen him besykje om te bringen en ûnthalzet harren mei syn ljochtsabel. Neitiid hastigje de lieders fan 'e Wookiees, Tarfful en Chewbacca, har om 'e âlde Jedi-master nei in romtekapsule te bringen dêr't er de planeet mei ûntflechtsje kin.

Senator Bail Organa fan Alderaan bejout him nei de Jedi Timpel ta as er fernimt dat dêr fochten wurdt, mar hy wurdt troch de kloansoldaten op ôfstân holden. As er sjocht dat in jonge Jedi dy't út 'e Timpel ûntkomme kinnen hat, bûtendoar troch de kloanen fermoarde wurdt, wit er genôch. Hy bejout him nei syn romtskip, de Tantive IV, en fangt dêrmei sawol Obi-Wan as Yoda op foar't se by harren weromkear op Coruscant yn 'e fâle rinne kinne. Palpatine beleit in algemiene gearkomste fan 'e Galaktyske Senaat, dêr't Organa en Padmé der tsjûge fan binne hoe't de kânselier bekendmakket dat de opstân fan 'e boasaardige Jedi, dy't de macht gripe woene, delslein is. Alle oerlibjende Jedi sille wêr ek yn it Stjerrestelsel as ferrieders fûgelfaai wêze. Under lûd applaus ferklearret er dêrnei de Galaktyske Republyk foar beëinige en rjochtet yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as autokratysk regearjend keizer.

Wylst alle oandacht op 'e Senaat rjochte is, kringe Obi-Wan en Yoda de Jedi Timpel binnen en weve dêr handich ôf mei de besetting fan kloansoldaten. Se ûntdekke it bloedbad dat dêr oanrjochte is en sabotearje it útgeande berjocht oer de Jedi-stjoerder dat alle Jedi opropt om fuortendaliks werom te kearen nei de Timpel. Dêrnei besjocht Obi-Wan de hologrammen fan befeiligingskamera's om derefter te kommen wa't de ferrieder is, mei't in oansjenlik diel fan 'e stoflike omskotten yn 'e Timpel wûnen hat dy't tabrocht binne mei in ljochtsabel. As er sjocht dat syn eigen eardere padawan Anakin de dieder is, kin er it suver net leauwe. Yoda jout Obi-Wan opdracht om mei Anakin ôf te weven, wylst er sels efter Palpatine oan giet.

Om't er net wit wêr't Anakin is, bejout Obi-Wan him nei Padmé, dy't er fertelt oer it ferrie fan Anakin. Padmé wegeret him te leauwen en wol net sizze wêr't Anakin is. Fuort letter set se lykwols ôf nei Mustafar, mei inkeld de androïde C-3PO by har. Obi-Wan, dy't soks al ferwachte hie, reizget as ferstekling mei yn har romteskip. Op 'e fan lavastreamen optillende fulkaanplaneet Mustafar hat Darth Vader ûnderwilens de separatistyske lieders ôfslachte, ûnder wa Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, en Poggle de Mindere, de aartshartoch fan Geonosis.

Wannear't Padmé op 'e planeet arrivearret, smeekt se Vader om werom te kearen fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft om mei har fuort te gean en earne dêr't nimmen harren ken in nij libben op te bouwen. Vader slacht lykwols foar dat Padmé en hy mei Palpatine ôfweve, wêrnei't se tegearre oer it Stjerrestelsel hearskje kinne. Yn walging keart Padmé har fan him ôf en de moeting rint út op in heechoprinnende rûzje. As Obi-Wan út Padmé har romteskip stapt, giet de erchtinkende Vader der daliks fan út dat Padmé mei syn fijannen ûnder ien tekken skûlet. Yn breinroere razernij smoart er har mei de Krêft oant se bewusteleas rekket.

Wylst R2-D2 en C-3PO Padmé yn feilichheid bringe oan board fan har skip, bynt Obi-Wan de striid oan mei Vader. In lang duël mei de ljochtsabel einiget as Vader út in ferlerne posysje wei in domdryste oanfal útfiert, wêrby't Obi-Wan him beide skonken en in earm ôfslacht, sadat er inkeld noch de earm oerhâldt dy't al in proteze is. Vader komt del op 'e igge fan in lavastream, en Obi-Wan sjocht yn ôfgriis ta hoe't de fallen Jedi yn 'e brân fljocht en troch de flammen fertart wurdt. Hy lit syn eardere learling foar dea efter en set ôf mei de noch altyd bewusteleaze Padmé. Op Coruscant ferskaft Yoda himsels tagong ta de priveefertrekken fan Palpatine, rjocht ûnder de Senaat. De Jedi-master en de Sith-master fjochtsje dêr en yn 'e lege Senaat in duël út oant dúdlik wurdt dat se folslein oaninoar weage binne en dat net ien fan beiden winne kin. Om't de tiid tsjin him wurket, moat Yoda belies jaan en de wyk nimme. Hy wurdt oppikt troch Organa, mei wa't er nei de planetoïde Polis Massa reizget. Obi-Wan komt dêr ek mei Padmé en de robots R2-D2 en C-3PO.

Underwilens reizget Palpatine ôf nei Mustafar, dêr't bliken docht dat der tsjin alle ferwachting yn noch libben sit yn it freeslik tatakele liif fan Vader. De keizer bringt syn learling nei Coruscant ta, dêr't er him protezen foar alle lidden oanmjitte lit, en teffens in swart masker en in swarte helm om syn stikkene plasse te bedekken. Dêrmei wurdt Vader in cyborg, heal minske en heal masine. Syn earste fraach, wannear't er wer by sinnen komt, is oft alles goed is mei Padmé. Palpatine ynformearret him lykwols dat Padmé dea is, mei't Vader har yn syn razernij fermoarde hat. Dêrmei bringt er it lêste bytsje minsklikens yn Vader om hals. Op Polis Massa ynformearje de medyske robots Yoda, Obi-Wan en Organa dat Padmé fan lichem sûn is, mar dat se fuortglûpt om't se de wil om te libjen ferlern hat. Mei't se yn ferwachting is fan in twilling, wekke se de befalling op om it libben fan 'e poppen te rêden. Padmé is genôch by kennis om 'e bern in namme te jaan; it jonkje neamt se Luke, en it famke komt Leia te hjitten. Dêrnei hâldt se Obi-Wan mei har lêste siken foar dat Anakin net folslein kwea is, om dan te ferstjerren.

Yoda en Obi-Wan beslute neitiid om 'e twilling foar syn eigen feilichheid útinoar te heljen en te ferbergjen, mei't tsjin eltse priis foarkomd wurde moat dat Vader en Palpatine fan it bestean fan 'e bern ôf komme te witten. Organa, dy't troud is mei Breha, de keninginne fan Alderaan, biedt himsels en syn frou oan as frijwilligers om Leia grut te bringen, mei't se sels gjin bern hawwe. Obi-Wan nimt Luke mei nei Anakin syn thúswrâld Tatooine, dêr't er de poppe oan Anakin syn styfbroer Owen Lars en dy syn frou Beru jout. Neitiid set Obi-Wan him dêr yn 'e woastyn as klúzner nei wenjen om in eachje yn it seil te hâlden, wylst Yoda ôfset nei syn ballingsoard op Dagobah. It stoflik omskot fan Padmé wurdt, nei't it oanpast is om it lykje te litten as binne har poppen mei har ferstoarn, oerbrocht nei har thúswrâld Naboo, dêr't se in steatsbegraffenis kriget mei alle pronk en preal dy't dêrmei mank giet. Underwilens hâlde Palpatine en Vader, yn 'e mande mei grutmoff Wilhuff Tarkin, tafersjoch op 'e earste stadia fan 'e bou fan 'e Deadsstjer.

RolferdielingBewurkje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedi-master Obi-Wan Kenobi Ewan McGregor                     
senator Padmé Amidala Natalie Portman
Jedi-ridder Anakin Skywalker Hayden Christensen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kânselier Sheev Palpatine / Darth Sidious Ian McDiarmid
Jedi-master Mace Windu Samuel L. Jackson
Jedi-master Yoda Frank Oz (stim)
greve Dooku Christopher Lee
generaal Grievous Matthew Wood (stim)
R2-D2 Kenny Baker
C-3PO Anthony Daniels
luitenant-kolonel Cody (en alle oare kloanen) Temuera Morrison
Jedi-master Ki-Adi-Mundi Silas Carson
senator Bail Organa Jimmy Smits
Darth Vader Hayden Christensen (fysyk) en James Earl Jones (stim)
Chewbacca Peter Mayhew
Tarfful Michael Kingma
kaptein Gregar Typho Jay Laga‘aia
Nute Gunray, ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje Silas Carson
ôffurdige Jar Jar Binks Ahmed Best (motion-capture en stim)
Tion Medon, de lieder fan 'e Pau'anen Bruce Spence
kaptein Raymus Antilles Rohan Nichol
Mas Amedda, fise-foarsitter fan 'e Galaktyske Senaat David Bowers
Jedi-master Aayla Secura Amy Allen
Jedi-master Kit Fisto Ben Cooke
Jedi-master Saesee Tiin Kenji Oates
Jedi-master Agen Kolar Tux Akindoyeni
Jedi-master Plo Koon Matt Sloan
Jedi-master Stass Allie Lily Nyamwasa
Owen Lars Joel Edgerton
Beru Lars Bonnie Piesse
Wilhuff Tarkin Wayne Pygram
senator Mon Mothma Genevieve O'Reilly
keninginne Apailana fan Naboo Keisha Castle-Hughes
Sio Bibble Oliver Ford Davies
keninginne Breha fan Alderaan Rebecca Jackson Mendoza
Ruwee Naberrie, de heit fan Padmé Graeme Blundell
Jobal Naberrie, de mem fan Padmé Trisha Noble
Sola Naberrie, de suster fan Padmé Claudia Karvan
Ryoo Naberrie, in muoikesizzer fan Padmé Keira Wingate
Pooja Naberrie, in muoikesizzer fan Padmé Hayley Mooy
senator Orn Free Taa Matt Rowan
Jedi-master Luminara Unduli Fay David
Jedi-master Shaak Ti Orli Shoshan
kaptein Colton, de piloat fan 'e Tantive IV Jeremy Bulloch
Terr Taneel Amanda Lucas*
Zett Jukassa, in Jedi-jongeling Jett Lucas*
Chi Eekway Katie Lucas*
Sly Moore, assistinte fan Palpatine Sandi Findlay
Nae Alawar Rena Owen
Malé-Dee Kee Chan
Jedi-master Cin Drallig Nick Gillard
kloansoldaat Bodie "Tihoi" Taylor
baron Papanoida George Lucas (cameo)
Luke Skywalker en Leia Organa (as poppen) Aidan Barton

*) Bern fan George Lucas.

Produksje en distribúsjeBewurkje

ProduksjeBewurkje

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard regissearre troch George Lucas nei in senario fan himsels. Hy hie de wichtichste plotpunten al yn 1973 optocht, mar moast letter de details noch oanfolje. Lucas sette mei it skript foar de film útein noch foar't it foargeande diel fan 'e Skywalker Saga, mei as titel Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, yn 2002 yn premiêre gien wie.

Hy wie earst fan doel om Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith te begjinnen mei in montaazje fan sân fjildslaggen op sân ûnderskate planeten, om 'e Kloane-oarloggen yn byld te bringen, mar stapte dêr letter fan ôf doe't er besleat dat de film mear oer Anakin Skywalker gean moast. De ein fan it klimaktyske duël tusken Anakin en Obi-Wan Kenobi ûntliende Lucas oan 'e ferboeking fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, wêryn't de geast fan Obi-Wan oan Luke Skywalker fertelt dat it gefjocht einige doe't Anakin "yn in lavaput" foel.

As produsint wie Rick McCallum wer by it projekt belutsen foar Lucas syn eigen filmstudio Lucasfilm. Lucas sels hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wie in budget beskikber fan $113 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Tattersall, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

OpnamenBewurkje

De opnamen foar Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith setten op 30 juny 2003 útein en duorren oant en mei 17 septimber fan dat jier. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney, hoewol't guon sênes filme waarden yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske Hertfordshire. Fierders waard der op lokaasje filme yn Switserlân en Sina, wylst de sênes op 'e planeet Kashyyyk by Phuket, yn Tailân, opnommen waarden. Doe't de opnamen noch geande wiene, barste de fulkaan de Etna, op Sisylje, út. Lucas stjoerde der in kameraploech op ôf dy't bylden út in protte ûnderskate hoeken makke; dy waarden yn 'e postproduksje fan 'e film brûkt as eftergrûn fan 'e sênes op fulkaanwrâld Mustafar. Yn 'e postproduksje waarden ek 2.151 shots mei digitaal oanmakke fisuele effekten tafoege.

DistribúsjeBewurkje

De distribúsje fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op 16 maaie 2005 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes (bûten de kompetysje om), dêr't de offisjele wrâldpremiêre plakfûn. De film iepene dêrnei op 19 maaie 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 3 maaie 2005 by platemaatskippij Sony Classical Records.

In iere ferzje fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith lekte út nei it ynternet. Dêrfoar waarden letter acht persoanen feroardiele foar ynbrek op auteursrjocht en yllegale distribúsje. Dy ferzje waard yn Sjanghai útbrocht as in yllegale dvd mei ûndertiteling yn it Sineesk, mar ek yn it Ingelsk. De Ingelske ûndertiteling wie lykwols de Sineeske oersetting weromfertaald, wat late ta in protte ûnbedoeld hilaryske flaters. Sa waard de titel fan 'e film yn 'e ûndertiteling werjûn as Star Wars: The Third Gathers – The Backstroke of the West ("Stjerre-oarloggen: De Trêde Sammelet – De Rêchslach fan it Westen"). En de gjalp "Nooooooooo!", dy't Darth Vader uteret as keizer Palpatine him fertelt dat Padmé dea is, waard werjûn as "Do not want!" ("Begear net!"). Dêrtroch waard de yllegale ferzje neitiid tige populêr op it ynternet.

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard op 31 oktober 2005 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd. Op 16 septimber 2011 kaam de film foar it earst út op blu-ray, yn 'e mande mei de (doe) oare fiif films fan 'e Skywalker Saga. Op 17 april 2015 kaam Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith op 'e nij yn 'e bioskopen nei't de film yn 3D-format útbrocht wie.

Fuortknipte sênesBewurkje

De dvd-ferzje fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith befettet ferskate koarte dokumintêres en ek in stikmannich fuortknipte sênes. Dêrûnder wiene alle sênes wêryn't Padmé mei in groepke oare senators, ûnder wa Bail Organa en Mon Mothma, in strategy besiket te betinken om Palpatine tsjin te hâlden. Hoewol't yn dy sênes eins it ierste oanbegjin fan it Rebelleferbûn sjen litten wurdt, besleat Lucas se derút te heljen om it ferhaal mear oer Anakin Skywalker gean te litten.

Fierders waard ek de sêne wêryn't Yoda arrivearret yn syn ballingsoard op Dagobah fuortknipt om't Lucas fûn dat der tefolle einsênes yn 'e film sieten. Ek in sêne wêryn't aktrise Bai Ling figurearre as in senator waard fuortknipt. Neffens har wie dat om't se yn juny 2005 neaken yn 'e Playboy stie, mar neffens Lucas hied er tsjin dy tiid mei de filmmontaazje al lang en breed dien wurk makke, en wie it fuortknippen fan har sêne al in jier earder bard.

UntfangstBewurkje

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith oer it algemien positive resinsjes. De film waard troch de measte resinsinten beskôge as it bêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. J.R. Jones, fan 'e Chicago Reader, dy't in hekel hie oan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace en Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, wie posityf oer Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en skreau dat de film "yn ferhâlding in betochtsum ferhaal" hie. Yn The New York Times konkludearre A.O. Scott dêrnjonken dat Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith "de bêste fan 'e fjouwer ôfleverings [is] dy't [George] Lucas regissearre hat". Ek fûn er dat de film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back belykje koe as "de wielderichste en meast útdaagjende film út 'e syklus."

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte oan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith 31/2 fan 4 stjerren ta, deselde skoare dy't er The Phantom Menace jûn hie, mar oansjenlik better as de 2 fan 4 stjerren dy't útlutsen hie foar Attack of the Clones. Ebert skreau: "[Lucas] mei dan yn Episode II: Attack of the Clones fêst kommen wêze te sitten yn earnst en teory, mar de Krêft is diskear yn in better humeur, en Revenge of the Sith is in geweldich stikje entertainment." Dêr heakke er oan ta: "De dialooch is de hiele film troch wer it swakste punt." Ek fan oare resinsinten krige Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith in protte krityk op 'e dialooch, benammen yn 'e romantyske sênes. Yn 'e taspraak dy't er hold doe't er yn 2005 in oeuvrepriis fan it Amerikaansk Filmynstitút ûntfong, joech George Lucas ek ruterlik ta dat dialooch altyd syn swakste plak west hie as senarioskriuwer. Der wie fan filmkritisy en fans ek in protte krityk op it aktearjen fan Hayden Christensen yn 'e rol fan Anakin Skywalker, dat omskreaun waard as "houterich".

Party Amerikaanske konservativen bekritisearre Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith fierders om't de film neffens harren fan "progressive foaroardielen" tsjûge en eins in kommentaar wie op it regear fan 'e Amerikaanske presidint George W. Bush en de Irakoarloch. Guon websiden rôpen dêrom sels op ta in boycot fan 'e film. George Lucas ferdigene syn wurk troch derop te wizen dat de plot fan 'e film yn grutte halen skreaun wie ûnder de Fjetnamoarloch, en dat de eleminten dêr't konservativen yn 'e film oanstjit oan namen op dat konflikt sloegen ynstee fan op 'e Irakoarloch. Dêr foege er lykwols oan ta: "De parallellen tusken Fjetnam en wat we no dogge yn Irak binne alderraarst."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 302 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei [dizze film] bringt George Lucas syn twadde Star War-trilogy ta in passend spannende en faak ek oangripende – hoewol noch altyd wat hobbelige – ein." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 40 resinsjes.

ResultaatBewurkje

OpbringstBewurkje

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $380,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $488,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $868,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $113 miljoen betsjut dat in winst fan $755,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn Noard-Amearika de meast opbringende film fan 2005, en wrâldwiid de op ien nei meast opbringende film fan it jier, nei Harry Potter and the Goblet of Fire.

PrizenBewurkje

Hoewol't Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith troch de filmkritisy better ûntfongen waard as de foargeande beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, waard de film yn 2006 nominearre foar mar ien Oscar, te witten yn 'e kategory bêste fisazjy (Dave Elsey en Nikki Gooley), dy't wûn waard troch The Chronicles of Narnia: The Lion, the Witch and the Wardrobe. Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wie de iennichste Star Wars-film dy't net nominearre waard foar de Oscar foar bêste special effects.

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn tsien kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Hayden Christensen), bêste aktrise (Natalie Portman), bêste byrol fan in akteur (Ian McDiarmid) en bêste senario. De fillm wûn 2 Saturn Awards, foar bêste science fiction-film en bêste filmmuzyk. De film wûn ek de Empire Award foar bêste science fiction- of fantasyfilm, de People's Choice Awards foar favorite film en favorite dramafilm, de Teen Choice Award foar favorite aksjefilm en de priis foar de Hollywoodfilm fan it Jier op it Filmfestival fan Hollywood.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–20??) • Ahsoka (2023–20??) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (20??–20??) • Lando (20??–20??) • Rangers of the New Republic (20??–20??)
tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022)