Plasse
De plasse of skedel is in hiel ferskaat oan bonkestruktueren, dy't tegearre dat part fan it skelet foarmje dy't foarm jout oan de holle fan in minske of oan de kop fan in dier. De foarnaamste funksje fan de plasse is beskerming jaan oan de harsens.
- Dizze side giet oer de bonken dy't foarmjouwe oan 'e holle. Foar oare betsjuttings, sjoch: plasse (betsjuttingsside).
De minsklike plasse
bewurkje seksjeDe minsklike plasse bestiet út 22 bonken en dêrtroch it meast útwreide diel fan de skelet.
De ferskate bonken fan de minsklike plasse:
- Bonken yn de harsensplasse (8):
- Foarhollebonke (os frontale)
- Wandbonke (os parietale) (2)
- Sliepbonke (os temporale) (2)
- Efterhollebonke (os occipitale)
- Kylbonke (os sphenoidale)
- Bonken yn de anlitplasse (14):
- os ethmoidale
- Jokbonke (os zygomaticum) (2)
- Boppetsjeak (os maxilla)
- Noasbonke (os nasale) (2)
- Undertsjeak (mandibula)
- Ferwulfbonke (os palatinum) (2)
- Trienbonke (os lacrimale)(2)
- (vomer)
- (conchae nasale inferior) (2)
Utsein dizze 22 bonken binne yn de hals it tongbonke (os hyoideum), en yn beide earen hammer (malleus), ambyld (incus) en stiichbûgel (stapes).
-
frontaal (Gray's Anatomy, plaat 190)
-
lateraal (Gray's Anatomy, Plaat 188)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - plasse