Jokbonke
De jokbonke (Latyn: Os zygomaticum) makket diel út fan de plasse en sit by in minske oan beide siden fan de holle oan de foarkant, boppe de wang en is ûnderdiel fan de eachkas en fan de wand fan de noasholte. Plak en foarm fan de jokbonken bepale mei hoe't it antlit fan in minske derút sjocht.
- foarhollebonke (Os frontale)
- wandbonke (Os parietale)
- noasbonke (Os nasale)
- triennebonke (Os lacrimale)
- seefbonke (Os ethmoidale)
- kielbonke (Os sphenoidale)
- efterhollebonke (Os occipitale)
- sliepbonke (Os temporale)
- jokbonke (Os zygomaticum)
- boppekaak (Maxillaris)
- ûnderkaak (Mandibula)