Noasholte
De noasholte is in mei lucht folde romte efter en krekt boppe de noas, yn de midden fan it gesicht.
Funksje
bewurkje seksjeDe noasholte is it earste stik fan it luchtweistelsel dêr't de ynademe lucht trochhinne giet. Hjir wurdt de ynademe lucht kondysjonearre. Troch it grutte oerflak fan de noasskelpen wurdt de lucht ferwaarme of kuolle oant ûngefear 1 graad ferskil mei de lichemstemperatuer, de lucht wurdt fochtiger makke, en stofdieltsjes wurde derút filtere wêrnei't se troch trilhierkes tagelyk mei it slym ôffierd wurde nei de farynx (kielholte).
De noasholte is sterk trochbloede. By guon bisten, lykas hûnen, wurdt it bloed yn de hierfetten fan de noasholte kuolle, it bloed dat nei de harsens streamt.
Om rûke te kinnen, rinne lytse senuwen fan de boppekant fan de noasholte, troch gatsjes yn it seefbonke nei de bulbus olfactorius. De senuwrizels foarmje mei elkoar de nervus olfactorius (rooksenuw).
Syktes
bewurkje seksjeSyktes oan de noasholte binne meastentiids firus-ynfeksjes (lykas ferkâldenens). Oare syktes binne noasholtekanker as polipen yn de noas.