Fise-foarsitter
In fise-foarsitter of ûnderfoarsitter is immen dy't yn it deistich bestjoer sit fan in organisaasje, lykas in feriening, stifting, kommisje, komitee, politike partij, ynternasjonale organisaasje of steat. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om in funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in feriening foar doarpsbelang of in biljertklub. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in foarsitter, in sekretaris, in skathâlder en eventueel in fise-foarsitter en ferskate algemiene leden.
De taak fan 'e fise-foarsitter is om 'e foarsitter te assistearjen by it útoefenjen fan syn funksje. Yn it gefal dat de foarsitter ôfwêzich is of komt te ferstjerren, wurdt fise-foarsitter automatysk foarsitter. Spesifike foarmen fan in fise-foarsitter binne de fise-preses, de ûnderfoarsitter fan in studinteferiening, en de fise-presidint, dy't de ûnderfoarsitter is fan it bestjoer fan in grutskalige organisaasje of sels fan in lânsbestjoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |