Blidens
Blidens, blydskip, freugde of opteinens is in positive emoasje by minsken of bisten, in tefredenheid mei de omstannichheden of omjouwing. Wa't bliid of lokkich is, ûnderfynt gjin gebrek of stress, hat positive gefoelens oer de omjouwing of himsels en hat dan ek net folle ferlet om de omstannichheden te wizigjen. In bekende utering fan wille is laitsje, mar soms kin ien ek gûle fan blidens. As de positive gefoelens langere tiid oanhâlde, wurdt fan gelok sprekke. Yntinse, dertene wille wurdt eufory neamd.
Fakentiden ûntstiet de emoasje as oan in langstme foldien wurdt, mar de langstme sels kin ek al in posityf gefoel jaan. It is hjirby wol fan belang dat dit langstme in werklik langstme fan in yndividu is. Faak betizet ien in maatskiplik of kollektyf ideaal mei syn of har yndividueel langstme. As by it ferwerklikjen fan dit ideaal blykt dat it net de foldwaning jout dy't de persoan ferwachte hie (bygelyks: "jild makket lokkich"), levert dit negative emoasjes op, lykas teloarstelling of ferbittering.
Blidens komt faak foar as reaksje op in tsjinstelde, negative emoasje. Ien dy't bygelyks spand is, is ferromme of bliid as de spanning ferdwynt, wylst dêrfoar de situaasje as neutraal oanfield waard. Minsken dy't genêzen binne fan in slimme sykte, hawwe faak in positiver byld op it libben.
De emoasje hat in soad gradaasjes, fan in noflike jûn mei freonen oant de oerdonderjende lokkigens fan ferealens. Wat immen bliid of lokkich makket, ferskilt fan persoan ta persoan, mar hast elkenien hat positive gefoelens oer seksualiteit. Yn de biology wurdt noch ûndersocht oft dit in evolúsjonêre oarsaak hat.
Neurologysk spilet de neurotransmitter serotonine in grutte rol by it fielen fan blidens en wolwêzen. De gefoelens wurde soms neimalke mei drugs as heroïne, dy't de wurking fan dopamineblokkers tsjingean. Dit is wat dizze middels sa gefaarlik oantreklik makket, meidat it te maklik is om in goed gefoel te krijen, mar dat it te koart wurket, wêrtroch't der mear fan it middel nedich is (ferslaving fan gefoelens).