Shepperton Studios
De Shepperton Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske plak Shepperton, yn it greefskip Surrey, in stikje bewesten de Britske haadstêd Londen, dêr't de opnamen foar in protte films en tillefyzjeprogramma's plakfine. De Shepperton Studios meitsje diel út fan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat ek soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e wrâld besit. De Shepperton Studios hawwe in skiednis dy't tebek rikt oant 1931. Yn syn iere bestean waard it studiokompleks wol Sound City neamd (net te betiizjen mei de Sound City Studios yn Kalifornje).
Shepperton Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Shepperton (Ingelân) | |
oprjochte | 1932 | |
oprjochter | Norman Loudon | |
mem | Pinewood Group | |
offisjele webside | ||
www.pinewoodgroup.com/our-studios/uk/shepperton-studios | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Ingelân.
|
Skiednis
bewurkje seksjeIt terrein fan wat no de Shepperton Studios binne, wie oarspronklik it lângoed Littleton Park, dat yn 'e santjinde iuw oanlein waard troch in Thomas Wood, in pleatslike ealman út Surrey. It âlde lânhûs stiet noch altyd en wurdt no brûkt as opnamelokaasje. Yn 1931 kocht de Skotske sakeman Norman Loudon Littleton Park oan om der in studiokompleks fan te meitsjen foar syn nije filmstudio, de Sound Film Producing & Recording Studios. Nei't de bou fan it studiokompleks klear wie, waard it yn 1932 yn gebrûk nommen. Yn it Ynterbellum waarden der sawol lange as koarte films opnommen en ûndergie it kompleks in flugge útwreiding.
Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch (1939-1945) hie it studiokompleks te lijen fan bombardeminten troch de Dútske Luftwaffe, dy't oanlutsen waarden troch it deunby leine fabryk foar de produksje fan militêre fleantugen fan Vickers-Armstrongs te Brooklands. Nei't de Slach om Ingelân troch de Britten wûn wie, waard de filmproduksje yn it kompleks fierder tsjinkeard trochdat de studio's opfoardere waarden. Yn 't earstoan waard der sûker opslein, en letter waarden der sabeare militêre fleantugen produsearre foar gebrûk yn it Midden-Easten, om 'e loftferkenning troch de fijân foar it lapke te hâlden.
Nei't it studiokompleks yn 1945 wer frijkaam foar it doel dêr't it foar boud wie, waard it oankocht troch sir Alexander Korda foar syn bedriuw British Lion Films. Dy studio gie begjin 1950-er jierren oer de kop, mar makke ûnder deselde namme in trochstart ûnder lieding fan Roy en John Boulting. It wierre British Lion Films om bar mei en tsjin, en de studio bestie fuort oant 1975, doe't de Shepperton Studios yn oare hannen oergiene. Tsjin dy tiid wie it terrein dat by it studiokompleks hearde, in hiel stik lytser wurden, want direkteur John Bentley fan British Lion Films hie yn 1973 krapoan 16 fan 'e 24 hektare ferkocht foar huzebou.
Nei 1975 waarden yn 'e Shepperton Studios ferskate filmklassikers opnommen, wêrûnder Alien (1979) en Gandhi (1982). Yn 1978 filme de rockband The Who yn it studiokompleks live-konsertsênes foar de dokumintêre The Kids Are Alright. Yn 1984 kamen de Shepperton Studios yn 'e hannen fan 'e bruorren John en Benny Lee, dy't de gebouwen renovearren, mar troch ynterne strideraasjes en de beurskrach fan Swarte Moandei yn 1987 it eigendom fan harren bedriuw, Lee International, kwytrekken. Dêrtroch foelen de Shepperton Studios yn 'e hannen fan 'e bank Warburg Pincus, dy't doe syn wurkmêd besleat út te wreidzjen nei de film- en tillefyzjeyndustry.
Yn 2001 waarden de Shepperton Studios ferkocht oan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat him alhiel taleit op it fasilitearjen fan film- en tillefyzje-opnamen foar oare partijen. De Pinewood Group is ek eigner fan 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en fan ferskate oare studiokompleksen yn Dútslân, Kanada, de Dominikaanske Republyk en Maleizje. Yn 2019 kundige de streamingtsjinst Netflix oan dat it in fêst kantoar iepenje soe yn 'e Shepperton Studios. Yn 2021 ferlinge Netflix syn kontrakt foar it gebrûk fan it kompleks. Yn 2022 tekene in oare streamingtsjinst, Amazon Prime Video, oangeande de Shepperton Studios krekt sa'n kontrakt mei de Pinewood Group.
Fasiliteiten
bewurkje seksjeDe Shepperton Studios omfiemje 15 ûnderskate soundstages, dy't fariëarje yn grutte fan 280 m² oant 2.800 m². Fiif dêrfan binne tarist mei grutte wettertanks foar it filmjen fan sênes op it wetter of ûnder wetter. It studiokompleks hat, bûtenromte ynbegrepen, in totaal oerflak fan 8,1 ha. Dêrta heart ek it Little House, it oarspronklike lânhûs fan Littleton Park, dat as opnamelokaasje brûkt wurdt.
Produksjes
bewurkje seksjeFilms
bewurkje seksjeIn seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Shepperton Studios opnommen binne:
Tillefyzje
bewurkje seksjeYn 'e Shepperton Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Thomas & Friends (1984-2008), TUGS (1989), Last of the Summer Wine (1990-2010), Red Dwarf (1991-1999, 2009, 2012) en The Vicar of Dibley (1994-2000). Ek realitytillefyzjeprogramma's lykas Dancing on Ice (2011) binne der filme.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|