Soundstage
In soundstage (útspr.: ['sau̯ndste:ʤ], likernôch: "sauntsteedzj") is in lûdtichte loads of keamer dy't brûkt wurdt foar it meitsjen fan films en tillefyzjeproduksjes en ornaris diel útmakket fan in fêste film- of tillefyzjestudio. De term soundstage betsjut letterlik "lûdspoadium" yn it Ingelsk, en ferwiist nei de akkoestyk fan lûdsopnamen. By it meitsjen fan films of tillefyzjesearjes wurdt de lûdsbân nammentlik apart fan 'e bylden produsearre, wêrby't soms beskate lûden tafoege of fuorthelle wurde. Dêrfoar is in lûdticht fermidden needsaaklik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |