In keamer (fan it Frânske chambre) is in gruttere romte yn in gebou, lykas in hûs, paleis, kastiel, sikehûs of kantoargebou. De meast foarkommende soarten fan keamers binne de koken, wenkeamer, sliepkeamer, badkeamer en bykoken. Sokke fertrekken wurde troch muorren, in flier en in plafon ôfsletten fan 'e rest fan it gebou en binne tagonklik troch ien of mear doarren. Ornaris hawwe se ek ien of mear finsters, dy't ljocht fan bûtendoar talitte en iepenset wurde kinne foar frisse lucht of ferkuolling.

In modern hûs mei in iepen plan, wêrby't koken en wenkeamer ien romte foarmje.
Dizze side giet oer it fertrek. Foar oare betsjuttings, sjoch: keamer (betsjuttingsside).

In balkon is gjin keamer om't it gjin plafon of muorren oan alle kanten hat. In garaazje is gjin keamer om't it gjin diel útmakket fan in hûs, hoewol't yn (of boppe) in garaazje wol keamers ynboud wurde kinne. Lytsere romten yn in gebou, lykas in húske, hal, gong of oerrin, wurde ornaris net oantsjut mei de term 'keamer'. Ek de kelder en de souder binne yn prinsipe gjin keamers (want it binne ferdjippings), mar as se mar ien fertrek omfetsje, kinne se wol foar keamers trochgean. In tige grutte keamer neamt men in seal.

Keamers hawwe ornaris in funksje dy't al blykt út 'e namme: in sliepkeamer is om yn te sliepen, in ytkeamer om yn te iten en in studearkeamer om yn te studearjen of oare soksoarte dingen te dwaan, lykas boekhâlden. In wenkeamer is de beneaming foar it diel fan it hûs dêr't de bewenners it grutste part fan 'e dei trochbringe. Yn âldere huzen is dat fertrek faak opdield yn in ytkeamer en in sitkeamer, mar in modernere yndieling is om dêr ien romte fan te meitsjen, mei in diel foar in yttafel om by te iten en in oare diel mei in salontafel om noflik te sitten en gasten te ûntfangen. Noch wer nijer binne wenten mei in hiel iepen plan, wêrby't ek de koken, dêr't men iten klearmakket, by de wenkeamer lutsen wurdt.

Ferskillende soarten keamers binne:


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.