Captain America: The First Avenger
Captain America: The First Avenger is in Amerikaanske histoaryske superheldefilm en oarlochsfilm út 2011 ûnder rezjy fan Joe Johnston, mei yn 'e haadrollen Chris Evans en Hugo Weaving. De titel betsjut: "Kaptein Amearika: De Earste Wreker", en ferwiist sawol nei de superheld Captain America as nei it superheldeteam de Avengers, beiden út 'e strips fan Marvel Comics. It ferhaal folget Steve Rogers, in lichaamlik fragile jongeman, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch by in topgeheim eksperimint transformearre wurdt ta de supersoldaat Captain America. Hy moat de geheime nazy-organisaasje Hydra tsjinkeare, dy't û.l.f. de ek mei boppeminsklike krêften bejeftige Reade Skedel stribbet nei oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Captain America: The First Avenger krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film makket diel út fan Phase 1 fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget as sadanich op Thor. De folgjende film fan 'e rige is The Avengers, út 2012, mar it direkte ferfolch op Captain America: The First Avenger is Captain America: The Winter Soldier, út 2014.
Captain America: The First Avenger | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Johnston | |
produsint | Kevin Feige | |
senario | Christopher Markus Stephen McFeely | |
basearre op | Captain America fan Joe Simon en Jack Kirby | |
kamerarezjy | Shelly Johnson | |
muzyk | Alan Silvestri | |
filmstudio | Marvel Studios | |
distribúsje | Paramount Pictures (<july 2013) | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Evans Hugo Weaving | |
byrollen | Hayley Atwell Tommy Lee Jones Toby Jones Sebastian Stan Dominic Cooper | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 july 2011 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 124 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $140–216,7 miljoen | |
opbringst | $370,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Marvel Cinematic Universe | |
● foarich diel | Thor | |
● folgjend diel | The Avengers |
Plot
bewurkje seksjeYn 'e hjoeddeistige tiid ûntdekke wittenskippers earne yn it Noardpoalgebiet in âld, yn it iis ynferzen, reuseftich fleantúch.
Yn maart 1942 kringe luitenant-generaal Johann Schmidt, in ofsier dy't yn nazy-Dútslân oan it haad stiet fan 'e geheimsinnige organisaasje Hydra, en syn mannen yn 'e Noarske stêd Tønsberg yn in tsjerke binnen. Dêr stelle se de 'Tesseract', in mysterieus objekt dat ûnneamlik grutte godlike krêften befettet. Schmidt nimt it foarwerp mei werom nei syn geheime basis yn 'e Alpen, dêr't er it oerdraacht oan 'e briljalte wittenskipper dr. Arnim Zola. Dyselde ûntwikkelet in manear om nije wapens dy't basearre binne op 'e ûntlading fan enerzjy mei de Tesseract op te laden.
Underwilens besiket Steve Rogers, in behindige stek-yn-'e-bûs út New York, suver wanhopich om militêre tsjinst te nimmen yn it Amerikaanske Leger, om't er bittere graach syn lân tsjinje wol. Omreden fan syn ferskate sûnensswierrichheden wurdt er dêr lykwols kear op kear foar ôfwiisd. As er mei syn bêste freon, sersjant Bucky Barnes, in útstalling fan futuristyske technologyen besiket, dêr't it Leger in oanmeldingskantoar foar frijwilligers fêstige hat, beslút er it foar de sânde kear te besykjen. Mei't er Rogers syn petear mei Barnes ôfharke hat doe't Rogers útlei wêrom't er sa graach tsjinst nimme woe, soarget dr. Abraham Erskine derfoar dat er diskear oannommen wurdt.
Rogers wurdt yndield by de Strategyske Wittenskiplike Reserve (SSR), as ûnderdiel fan in topgeheim eksperimint om supersoldaten te kreëarjen. Dat eksperimint stiet ûnder lieding fan 'e Amerikaanske kolonel Chester Phillips, dy't bystien wurdt troch Erskine en de tsjeppe Britske ofsier Peggy Carter. Phillips is net bepaald ûnder de yndruk fan Rogers, mar Erskine bewissiget him derfan dat er mentaal de perfekte proefpersoan is en dat syn lichaamlike gebrekken wol oerbetterje sille as it eksperimint súksesfol is. Phillips leaut dêr neat fan en stelt Rogers op 'e proef troch in nephângranaat yn 'e groep rekruten te goaien. Wylst alle oaren fansiden springe en in sideplak opsykje, smyt Rogers him as iennichste boppe-op 'e granaat om syn maten te rêden. Dêrnei stimt Phillips yn mei Erskine syn kar.
De jûn foar it eksperimint komt dr. Erskine by Rogers en fertelt him dat, as it eksperimint súkses hat, hy it benammen opnimme moatte sil tsjin Johan Schmidt. Erskine is fan berte in Dútser, dy't neat mei it nazisme of Hitler te meitsjen hawwe woe. Ear't er de wyk naam nei de Feriene Steaten, waarden de resultaten fan syn jierren fan ûndersyk, mei dêrûnder it searum om fan in gewoane man in supersoldaat te meitsjen, yn beslach nommen troch Schmidt. Dy naam it searum sels yn, en waard dêrtroch in supersoldaat, mar it middel wie doe noch net ree foar gebrûk, sadat der ûnfoarsjoene bywurkings optreden dy't ûnomkearber wiene.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis ûndergiet Rogers it eksperimint troch ynjektearre te wurden mei it ferbettere searum fan Erskine en neitiid yn in soarte fan sarkofaach bestriele te wurden mei "fita-strielen". As er wer foar it ljocht komt, is er langer fan stal, mei folle mear spieren en in geweldich úthâldingsfermogen. Phillips is optein, mei't er fan doel is in hiele ienheid fan sokke supersoldaten oanmeitsje te litten. Heinz Kruger, in undercoveragint fan Schmidt, is lykwols yn 'e organisaasje fan Phillips ynfiltrearre troch him by it gefolch te jaan fan senator Brandt, dy't foar it Amerikaanske Kongres tafersjoch op it projekt hâldt. Kruger sjit Erskine dea, blaast in diel fan syn laboratoarium op en naait út mei de lêste reägearbuis mei it searum. Rogers giet him efternei en wit him nei in lange efterfolging te pakken te krijen, mar de reägearbuis tebrekt dêrby en Kruger docht selsmoard troch in syanidekapsule stikken te biten.
Mei Erskine dea en syn supersoldatesearum fuort, sjogge de Alliëarden tsjin jierren fan ûndersyk oan om 'e ferlern giene ynformaasje werom te winnen en itselde nivo fan ûntwikkeling wer te berikken. Phillips is bitter teloarsteld, mei't er fan miening is dat er mei mar ien supersoldaat neat kin. Hy wol Rogers yn in laboratoarium bestudearje litte om it searum werom te ûntwikkeljen, mar senator Brandt beslút Rogers ynstee yn te setten foar propagandadoelen. Hy betinkt foar Rogers it alter ego fan Captain America, in superheld dy't yn Hollywood-films en by optredens op it toaniel yn 'e hiele Feriene Steaten de nazys befjochtet en Hitler knock-out slacht.
Yn 1943, as er as Captain America op toernee is by de Amerikaanske troepen yn Itaalje lâns, heart Rogers min ofte mear by tafal dat de ienheid fan syn maat Bucky Barnes net weromkommen is nei in militêr treffen mei Schmidt en syn Hydra. Mei't er wegeret te leauwen dat syn freon dea is, lit er him troch Carter en de rike útfiner Howard Stark, de assistint fan Erskine, nei Eastenryk fleane, dêr't er mei in parasjute út it fleantúch springt. Rogers ynfiltrearret de fêsting fan Hydra, dêr't er ûntdekt dat Schmidt dêr kriichsfinzenen deawurkje lit as twangarbeiders. Hy befrijt de finzenen, ûnder wa syn maat Bucky. De finzenen meitsje guon fan 'e troch Zola ûntwurpen enerzjywapens bút en sette it yn 'e kant tsjin 'e soldaten fan Hydra. Schmidt sjocht al rillegau dat de striid ferlern is, en stelt in selsferneatigingsmeganisme yn wurking om 'e fêsting op te blazen. By in konfrontaasje mei Rogers foar't er útnaait, skuort er ynienen syn gesicht ôf, dat in masker blykt te wêzen. Dêrûnder sit in read, plassefoarmich antlit dêr't er de bynamme de Reade Skedel oan ûntlient. Schmidt en Zola ûntsnappe, wylst de hiele fêsting al yn 'e brân stiet. Rogers komt oan 'e ferkearde kant fan it fjoer fêst te sitten en moat in skynber ûnmooglike sprong weagje om te ûntsnappen.
Op 'e Amerikaanske basis hat Phillips Rogers al foar dea opjûn. Hy risselwearret krekt om Carter flink de mantel út te fegen foar har oandiel yn dit fiasko as Rogers mei de befrijde finzenen it kamp binnen marsjearret. Dan beseft Phillips einlings dat er mei Rogers goud yn 'e hannen hat. Hy lit 'Captain America' in eigen ienheid rekrutearje út 'e kriichsfinzenen dy't er befrijd hat. Rogers kiest Bucky, de blanke Amerikaan "Dum Dum" Dugan, de swarte Amerikaan Gabe Jones, de Japanske Amerikaan Jim Morita, de Ingelsman James Montgomery Falsworth en de Frânsman Jacques Dernier út. Mei dat team begjint er oanfallen út te fieren op oare bases fan Hydra, nei't er troch Stark tarist is mei in rûn skyld fan it tige seldsume mar ûnferwoastbere metaal 'fibranium'.
De folgjende jierren sabotearje Captain America en syn team alle aktiviteiten fan Hydra, ta argewaasje fan Schmidt. Underwilens begjinne Rogers en Carter fereale opinoar te reitsjen. Begjin 1945 docht it team in wraam op in trein fan Hydra. Hoewol't Captain America dêrby dr. Zola kriichsfinzen nimt, falt Bucky Barnes fan 'e trein yn in djippe berchkleau te pletter. By ûnderfreging troch kolonel Phillips slacht Zola troch en jout de lokaasje priis fan 'e lêste basis en tagelyk it haadkertier fan Hydra, yn 'e Alpen. Hy fertelt ek dat Schmidt him al in skoft neat mear gelegen lizze lit oan Hitler of syn oare oerhearrigen, en fan doel is om 'e hiele wrâld, Dútslân ynbegrepen, ûnder syn eigen hearskippij te bringen. Dêrta wol er massaferneatigingswapens ynsette tsjin 'e wichtichste haadstêden yn 'e wrâld, wêrûnder Washington, D.C. en Berlyn.
Om Schmidt tsjin te kearen ynfiltrearret Rogers, yn syn alter ego fan Captain America, lykme-allinne it haadkertier fan Hydra troch himsels finzen nimme te litten. As alle belangstelling fan Schmidt en syn trewanten op him rjochte is, kringt de rest fan it team de basis binnen. Wylst it team, Phillips en Carter de soldaten fan Hydra útskeakelje, ûntkomt Schmidt yn in reuseftich fleantúch dat tarist is mei stealthtechnology en oandreaun wurdt troch de Tesseract. Mei help fan Phillips en Carter, mei wa't er op it lêste momint in tút útwikselet, wit Captain America oan board fan it fleantúch te kommen. Hy wurdt gewaar dat Schmidt grutte Amerikaanske stêden as New York en Chicago ferneatigje wol en der ûntjout him in gefjocht tusken him en Schmidt. Dêrby rekket de húl fan 'e Tesseract stikken. Schmidt pakt it objekt mei bleate hannen beet, en wurdt yn in wjirmgat nei de romte sûcht dat dêrtroch iepengiet. De Tesseract baarnt troch de flier fan it fleantúch en falt yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan.
Mei't it fleantúch by it gefjocht te slim skansearre rekke is om te lânjen sûnder it risiko dat de bommen oan board ôfgeane, beslút Rogers dat er gjin oare kar hat as it yn see delstoarte te litten, deun by de Grienlânske kust. Fia in radioferbining siket er kontakt mei Carter om ôfskie te nimmen, wêrnei't er it fleantúch omleech stjoerd. Carter bliuwt yn triennen efter. Letter folget in Amerikaansk skip ûnder lieding fan Stark it enerzjyspoar fan 'e Tesseract en fynt it objekt werom. Hoewol't Stark befel jout om op deselde koers fierder te farren yn 'e hoop it fleantúch en Rogers werom te finen, slagget dat net.
Rogers wurdt wekker yn in sikehûskeamer dy't ynrjochte is 'e styl fan 'e 1940-er jierren. As er op 'e radio in ferslach fan in honkbalwedstryd heart dy't er yn 1941 sels besocht hat, wurdt er erchtinkend. Hy brekt út en ûntdekt dat er him befynt yn in fasiliteit fan 'e feilichheidstsjinst S.H.I.E.L.D., deunby Times Square yn New York. Mar it is net it New York dat er ken. S.H.I.E.L.D.-direkteur Nick Fury hellet him by en fertelt him dat er krapoan santich jier "sliept" hat (nei't men oannimme mei, beferzen yn it it fleantúch yn 'e poalsee lein hat). Yn in sêne dy't nei de ôftiteling folget, freget Fury de meiwurking fan Rogers by in misje mei wrâldwide impact.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Steve Rogers / Captain America | Chris Evans |
Johann Schmidt / de Reade Skedel | Hugo Weaving |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Peggy Carter | Hayley Atwell |
kolonel Chester Phillips | Tommy Lee Jones |
dr. Arnim Zola | Toby Jones |
Bucky Barnes | Sebastian Stan |
Howard Stark | Dominic Cooper |
dr. Abraham Erskine | Stanley Tucci |
Timothy "Dum Dum" Dugan | Neal McDonough |
Gabe Jones | Derek Luke |
Jim Morita | Kenneth Choi |
Jacques Dernier | Bruno Ricci |
James Montgomery Falsworth | J.J. Feild |
Heinz Kruger | Richard Armitage |
senator Brandt | Michael Brandon |
Nick Fury | Samuel L. Jackson (cameo) |
Gilmore Hodge | Lex Shrapnel |
Noarske koster | David Bradley |
Lorraine (soldate dy't Captain America ferliede wol) | Natalie Dormer |
Connie (fanke dêr't Bucky mei giet te dûnsjen) | Jenna Coleman |
hantekeningfreechster | Laura Haddock |
generaal | Stan Lee (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeAl yn april 1997 wiene der plannen om in superheldefilm oer Captain America te meitsjen. Dy rûnen op 'e non doe't Joe Simon, de striptekener dy't it personaazje betocht hie, yn 2000 in rjochtsaak tsjin útjouwerij Marvel Comics oanspande oer de fraach wa't de auteursrjochten op Captain America yn besit hie. Nei't dy saak yn 2003 skikt wie, woe Marvel earst in lisinje ferliene oan filmstudio Warner Bros. om in film oer Captain America te meitsjen. Filmprodusint David Maisel beprate de top fan Marvel lykwols om sa'n film sels te meitsjen. Dat waard mooglik makke troch in ynvestearring fan $525 miljoen dy't de bank Merrill Lynch yn Marvel die.
Captain America: The First Avenger waard regissearre troch Joe Johnston nei in senario fan Christopher Markus en Stephen McFeely. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber dat, ôfhinklik fan 'e boarnen oer dat ûnderwerp, $140 oant 216,7 miljoen bedroech. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Shelly Johnson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Captain America: The First Avenger setten op 28 juny 2010 útein en fûnen foar it grutste part plak yn it Feriene Keninkryk, mei bykommende opnamen yn New York en yn 'e Manhattan Beach Studios yn Manhattan Beach (Kalifornje). De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire en, yn mindere mjitte, yn 'e Shepperton Studios yn Surrey. De sênes yn Manhattan yn 'e 1940-er jierren waarden opnommen yn Manchester en Liverpool, beide yn Ingelân. De sênes wêryn't Captain America de kriichsfinzenen befrijt, waarden filme yn 'e eardere Royal Navy Propellant Factory fan 'e Britske Keninklike Marine yn Caerwent, yn Wales. Ek waard er filme yn 'e Skotske krite Fife.
Special effects
bewurkje seksjeOan Captain America: The First Avenger waarden yn 'e postproduksje hast 1.600 special effects tafoege. It bedriuw Lola Visual Effects, dat him spesjalisearre hat yn wat "digitale plastyske sjirurzjy" neamd wurdt, brûkte ferskate techniken om akteur Chris Evans der yn it earste part fan 'e film, foarôfgeande oan syn tranformaasje ta Captain America, útsjen te litten as in lyts, skriel mantsje. Foar it meastepart waard dat dien troch sênes teminsten trije kear op te nimmen: ien kear 'gewoan' mei alle akteurs; ien kear mei eltsenien behalven Evans; en ien kear mei allinnich Evans foar in greenscreen. It byld fan Evans allinnich waard neitiid digitaal ferlytse en yn 'e bylden fan 'e sêne mei alle oare akteurs plakt. Ien fan 'e oare brûkte techniken wie om Evans syn holle op it lichem fan syn (lytse, skriele) body double Leander Deeny te plakken (dy't ek yn 'e film figurearre as de barkeeper yn in Ingelske pub dêr't Captain America en syn team hinne geane om wat te drinken).
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Captain America: The First Avenger waard fersoarge troch Paramount Pictures. (Yn july 2013 giene de distribúsjerjochten, mei de oername fan 'e Marvel Studios troch dat bedriuw, oer op The Walt Disney Company.) De film gie op 19 july 2011 yn it El Capitan Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 22 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 july 2011 by platemaatskippij Walt Disney Records. Captain America: The First Avenger kaam op 25 oktober 2011 beskikber op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Captain America: The First Avenger oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde A.O. Scott fan The New York Times de film "behoarlik goed fermaak". Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau dat er fan 'e film genoaten hie. Dêr heakke er oan ta: "Ik wurdearre de settings en kostúms út 'e 1940-er jierren, dy't wer ris wat oars wiene as de gebrûklike generike grutstedske eftergrûnen. Ik bewûndere [ek] de manear dêr't regisseur Joe Johnston it ferhaal op ûntwikkele. […] As Marvel wiis is, brûke se dizze film en Iron Man as sjabloan [foar takomstige ferfilmings]." Yn it tydskrift Variety beskôge Peter Debruge Captain America: The First Avenger lykwols as in "formulemjittige prequel foar de oankommende Avengers-film fan Marvel."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Captain America: The First Avenger in frij heech goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 274 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei genôch pulpaksje, in oangename retrosfear en in hânfol poerbêste aktearprestaasjes is Captain America solide âlderwetsk kaskreakerfermaak." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Captain America: The First Avenger in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 43 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCaptain America: The First Avenger brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $176,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $193,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $370,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $140 oant 216,7 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $153,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeCaptain America: The First Avenger waard nominearre foar 7 Saturn Awards, in People's Choice Award, 11 Scream Awards, in MTV Movie Award, en 2 Teen Choice Awards. Dêrfan wûn de film inkeld de Scream Award foar bêste superheld (Chris Evans as Captain America). Filmkomponist Alan Silvestri wûn de BMI Film Music Award foar syn soundtrack.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Captain America: The First Avenger
- (in) Ynformaasje oer Captain America: The First Avenger yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |