De Scream Awards wiene in groep Amerikaanske prizen op it mêd fan film dy't útrikt waarden troch de tillefyzjestjoerder Spike TV, dy't ek de útrikkingsseremoanje útstjoerde. De prizen stiene dêrom ek wol bekend as de Spike TV Scream Awards. De prizen leine har ta op films fan 'e sjenres science fiction, sjenre en horror. De earste útrikking fan 'e Scream Awards fûn plak yn 2006. Nei de útrikkingsseremoanje fan 2011 waarden de prizen om net bekend makke redens ôfskaft.

Scream Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-, fantasy- en horrorfilms
útrikt troch Spike TV
frekwinsje 1x jiers
datum oktober
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 2006
1e útrikking 2006
opheft 2011
offisjele webside
gjint

Wichtichste kategoryen bewurkje seksje

  • bêste science fiction-film
  • bêste fantasyfilm
  • bêste horrorfilm
  • bêste aksjefilm
  • bêste stripferfilming
  • bêste tillefyzjesearje
  • bêste akteur yn in science fiction-film
  • bêste aktrise yn in science fiction-film
  • bêste akteur yn in fantasyfilm
  • bêste aktrise yn in fantasyfilm
  • bêste akteur yn in horrorfilm
  • bêste aktrise yn in horrorfilm
  • gjalpkeningine (scream queen)
  • bêste heldhaftige optreden
  • bêste superheld
  • bêste smjunt
  • bêste trochbraakrol
  • ultime gjalp (ultimate scream)
  • meast memorabele skeining (most memorable mutilation)
  • sêne fan it jier (scene of the year; yn guon jierren de 'Holy Sh!t Award' of de 'Jump-from-Your-Seat Award' neamd)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.