In fantasyfilm is in film dy't heart ta it fantasysjenre. Dat wol sizze dat it ferhaal boppenatuerlike eleminten befettet dy't yn it echt net foarkomme. Men kin dan tinke oan magy en tsjoenderij, mar ek oan mytyske wêzens lykas elven, dwergen of kabouters, of oan heldersjendheid of telekineze. Fantasyfilms kinne har ôfspylje yn in imazjinêre wrâld, mar ek yn 'e normale wrâld.

Definysje fan fantasyfilm bewurkje seksje

In dúdlike omskriuwing fan in fantasyfilm is hast net te jaan, mar almeast wurdt in film in fantasyfilm neamd wannear't in fantastysk elemint de boppetoan fiert, dus wannear't der eat bart dat ferbân hâldt mei it boppenatuerlike en dat yn werklikheid net kin. It fantasysjenre hat in soad oerienkomsten mei (benammen) science fiction, mar ek mei horror. In besibbe sjenre dat almeast net ta fantasy rekkene wurde, is de kung fu-film. Filmsjenres dy't meast wol as fantasy sjoen wurde binne de mearkefilm en de superheldefilm.

Fantasyfilms wurde faak ûnderferdield yn klassike en moderne fantasyfilms.

Klassike fantasyfilm bewurkje seksje

De klassike fantasyfilm spilet him meast ôf yn in op it Midsiuwske Jeropa basearre wrâld of in fiktive wrâld mei in ferlykber ûntwikkelingsnivo. Meast binne der noch gjin masines of fjoerwapens. Dêrfoar yn it plak wurdt faak tsjoenderij brûkt. De wrâld wurdt faak befolke troch typyske fantasywêzens as elven, feeën, dwergen, trollen en draken.

Foarbylden:

Moderne fantasyfilm bewurkje seksje

Moderne fantasyfilms binne ferbûn mei it literêre subsjenre fan urban fantasy en spylje har sawat yn de tiid fan no ôf, mar hawwe wol typyske fantasyskaaimerken lykas tsoenderij en mytyske wêzens.

Foarbylden:

Oare yndielings bewurkje seksje

Njonken dizze haadferdieling besteane der ek in soad subsjenres fan de fantasyfilm, en in protte fermingings mei oare filmsjenres, lykas de fantasy-aventoerefilm, de fantasy-detektivefilm, de fantasykomeedzjefilm, en de romantyske fantasyfilm.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.