The Lord of the Rings (filmtrilogy)
The Lord of the Rings is in Nijseelânsk-Amerikaanske filmsearje dy't bestiet út trije fantasy-aventoerefilms regissearre troch Peter Jackson. De trije films binne: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, út 2001, The Lord of the Rings: The Two Towers, út 2002, en The Lord of the Rings: The Return of the King, út 2003. Dy binne basearre op 'e romantrilogy The Lord of the Rings, út 1954-1955, fan 'e ferneamde Ingelske auteur J.R.R. Tolkien. The Lord of the Rings wurdt rûnom sjoen as ien fan 'e bêste en meast ynfloedrike filmsearjes dy't ea makke is. Elts fan 'e trije films waard mei lof ûntfongen troch de filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Mei-inoar wûnen de trije films 17 Oscars, 12 BAFTA's, 4 Golden Globes en withoefolle oare prizen. Tusken 2012 en 2014 ferskynde fan deselde makkers de prequel-filmtrilogy The Hobbit.
The Lord of the Rings | ||
betinker | J.R.R. Tolkien Peter Jackson | |
eigner | WingNut Films New Line Cinema Warner Bros. | |
lân | Nij-Seelân Feriene Steaten | |
begjinjier | 2001 | |
einjier | 2003 | |
films | ||
langspylfilms | ● The Fellowship of the Ring ● The Two Towers ● The Return of the King |
Eftergrûn
bewurkje seksjeDe filmtrilogy is basearre op 'e romantrilogy The Lord of the Rings, dy't de ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien yn 1954 en 1955 publisearre by útjouwerij George Allen & Unwin. Tolkien ferkocht de filmrjochten op 'e trilogy foar ivich oan 'e Amerikaanske filmstudio United Artists, dy't se yn 1976 oerdie oan Fantasy Films fan filmprodusint Saul Zaentz. Troch William L. Snyder, Peter Schaffer en John Boorman waard om 'e nocht besocht om ta in ferfilming te kommen fan it tige ta de ferbylding sprekkende wurk. Ek oare filmmakkers joegen blyk fan belangstelling foar in eventuele ferfilming fan 'e trilogy, ûnder wa Walt Disney en George Lucas. Yn 1978 makke Ralph Bakshi ûnder de titel The Lord of the Rings in lange tekenfilm oer it earste part fan 'e trilogy. Hoewol't dy kommersjeel súksesfol wie, brocht er ek wer net safolle op dat der automatysk in twadde diel kaam, en nei in rûzje mei Saul Zaentz kearde Bakshi it projekt de rêch ta. De film fan Bakshi brocht teenager Peter Jackson derta om 'e trilogy te lêzen.
Jackson en Fran Walsh woene yn 1995 in fantasyfilm meitsje op basis fan in orizjineel senario, mar koene gjin ferhaal betinke dat net fan it wurk fan Tolkien ôflaat liek te wêzen, dat úteinlik besleaten se om nei de filmrjochten fan The Lord of the Rings te ynformearjen. Sa kamen se by filmprodusint Harvey Weinstein fan Miramax Films telâne, dy't de rjochten fan Saul Zaentz oernommen hie, en dy't wol brea seach yn in ferfilming no't de special effects sa goed wurden wiene dat it in live action-film wurde koe. Jackson woe earst The Hobbit ferfilmje, in earder wurk fan Tolkien dêr't The Lord of the Rings by oanslút, en wie fan doel om fan dat boek en de lettere trilogy ien filmtrilogy te meitsjen. It die lykwols bliken dat de filmrjochten op The Hobbit op dat stuit net te besetten wiene. Dat, Jackson moast fan syn plan ôfsjen en him folslein talizze op The Lord of the Rings. Dan woed er dêr mar in hiele filmtrilogy oer meitsje, mar dat wie Miramax te riskant, dat der waard in kompromis sletten dat der twa films komme soene.
Doe't de senario's begûnen te foarderjen, waard lykwols dúdlik dat it projekt fier oer de budgetmooglikheden fan Miramax hinne gean soe. Weinstein woe de filmrige werombringe ta ien film. Jackson woe der dan in film mei in spyldoer fan fjouwer oeren fan meitsje, mar Miramax hold it by twa oeren. Jackson wie dêr net gelokkich mei, om't der by ien film fan twa oeren net te ûntkommen wêze soe oan it fuortsnijen fan grutte dielen fan Tolkien syn ferhaal. Weinstein gie der úteinlik mei akkoart om it projekt eventueel te ferkeapjen oan in oare studio, as Jackson der in gadingmakker foar fine koe, mar stelde dêrby tige ûngeunstige betingsten om 'e súksesfolle ferkeap ûnmooglik te meitsjen. Jackson wist lykwols yn in petear Robert Shaye, de algemien direkteur fan New Line Cinema, waarm te krijen foar syn projekt. Shaye stimde deryn ta om 'e ferfilming fan The Lord of the Rings oer te nimmen fan Miramax, mar allinne as Jackson der in filmtrilogy fan makke. Om't dat krekt wie wat Jackson dwaan woe, wiene se it gau iens.
Produksje
bewurkje seksjeMei de oername fan it filmprojekt troch New Line Cinema koene Jackson, Fran Walsh en Philippa Boyens yn 1997 echt los mei it senario foar de trije films. Yn 't earstoan wiene se fan doel der frijwat feroarings yn oan te bringen yn ferhâlding mei de boeken fan Tolkien. Sa soe de dwerch Gimli de hiele filmtrilogy troch alles byinoar flokke, en soe de elvinne Arwen op 'e kweeste gean mei it selskip fan 'e Iene Ring om in breanedige froulike haadrol te skeppen. Ek wie it de bedoeling dat hja in neakensêne mei har frijer Aragorn krije soe yn 'e puollen yn 'e Glitterjende Grotten yn Rohan. Letter waard dêr fan ôfsjoen om ynstee it ferhaal fan Tolkien hiel strikt te folgjen. De trije films waarden sûnder tuskenskoft efterinoar opnommen yn Nij-Seelân, tusken oktober 1999 en desimber 2000. Eltse film waard dêrnei foltôge mei in postproduksje dy't in jier duorre.
Films
bewurkje seksjeThe Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring.
Yn The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring barre der nuvere dingen yn it Goa, it lytse lantsje yn Midierde dêr't de hobbits yn frede en wolfeart libje. De hobbit Frodo Baggins (Elijah Wood) wurdt dêrtroch twongen om sûnder de ûnthjitten help fan 'e tsjoender Gandalf (sir Ian McKellen) mei syn freonen Samwise (Sean Astin), Merry (Dominic Monaghan) en Pippin (Billy Boyd) syn heitelân te ûntflechtsjen mei by him in ring dy't begeard wurdt troch Sauron, in machtige kweageast dy't oer it fiere keninkryk Mordor hearsket. Efterfolge troch de boppenatuerlike Swarte Ruters, mar holpen troch de omdoarmjende kriichsman Aragorn (Viggo Mortensen), witte se nei ferskate faaie aventoeren harren bestimming Rivendell te berikken. Dêr regearret Elrond de Healelf (Hugo Weaving), om waans dochter Arwen (Liv Tyler) Aragorn stiket.
By in beried komt yn Rivendell lykwols oan it ljocht dat de ring fan Frodo de ferlern waande Iene Ring fan Sauron is, dêr't er ferlet fan hat om syn hearskippij oer de hiele wrâld te fêstigjen. Der wurdt besletten dat it ding ferneatige wurde moat, wat inkeld kin troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch yn Mordor te smiten, dêr't er ek smeid wurden is. Frodo nimt de taak op him om 'e ring dêrhinne te bringen. Op syn nuodlike kweeste sil er bystien wurde troch Samwise, Merry, Pippin, Gandalf, Aragorn, de elf Legolas (Orlando Bloom), de dwerch Gimli (John Rhys-Davies) en de minsklike ridder Boromir fan Gondor (Sean Bean). Hja stekke ôf en wurde twongen om dwers troch it fan oarken besette dwergeryk Moarje ûnder de Diisbergen troch te reizgjen, dêr't Gandalf yn it gefjocht mei in balrog yn in djippe kleau falt. Nei in tuskenstop yn it elveryk Lothlórien, dêr't keninginne Galadriel (Cate Blanchett) regearret, wurdt it selskip yn 'e wyldernis oerfallen troch oarken. Frodo en Samwise flechtsje op eigen manneboet de rivier de Anduin oer om harren tocht nei Mordor te folbringen, wylst Boromir sneuvelet en Merry en Pippin troch de oarken finzennommen en ûntfierd wurde.
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring waard regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens en himsels. De film gie op 10 desimber 2001 yn premiêre, en brocht $887,9 miljoen op tsjin in budget fan $93 miljoen. The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring wûn gâns prizen, wêrûnder 4 Oscars (fan 13 nominaasjes) en 5 BAFTA's (fan 13 nominaasjes). De film waard ek nominearre foar 4 Golden Globes en wûn de Empire Award foar bêste film, de Saturn Award foar bêste fantasyfilm, de Satellite Award foar bêste film yn 'e kategory animaasje of mingde media, de Grammy Award foar bêste soundtrack, de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en de Nebula Award foar bêste senario.
The Lord of the Rings: The Two Towers
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Lord of the Rings: The Two Towers.
Yn The Lord of the Rings: The Two Towers ferfolgje Frodo (Elijah Wood) en Samwise (Sean Astin) harren gefaarlike tocht nei Mordor om 'e Iene Ring yn fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Tsjin harren wil dogge se dêrby as gids it sljochtsinnige en ferriedlike wêzen Gollum (Andy Serkis) op, dat de ring foar himsels begeart. Underwilens efterfolgje Aragorn (Viggo Mortensen), Legolas (Orlando Bloom) en Gimli (John Rhys-Davies) de oarken dy't Merry (Dominic Monaghan) en Pippin (Billy Boyd) ûntfierd hawwe troch de flakten fan Rohan. Dêr stjitte se op 'e kriichslju ûnder Éomer (Karl Urban), de kroanprins fan Rohan, dy't krekt mei de kloft oarken ôfweefd hawwe. Merry en Pippin binne yn 'e gaos ûntkommen nei it wâld Fangorn, dêr't se yn 'e kunde komme mei Beamburd en de inten (in soarte fan beamreuzen).
Gandalf (sir Ian McKellen), dy't syn aventoer ûnder de bergen oerlibbe blykt te hawwen, jout him wer by Aragorn, Legolas en Gimli, en befrijt Théoden (Bernard Hill), de kening fan Rohan, fan 'e boasaardige ynfloed fan 'e tsjoender Saruman (Christopher Lee), dy't oerrûn is nei Sauron. Neitiid smyt Saruman de legers oarken dy't er temûk opboud hat, yn 'e striid tsjin Rohan, mar yn in grutte fjildslach wurde dy ferslein troch de Rohirrim. Op oantrúnjen fan Merry en Pippin binne ûnderwilens de inten fanwegen kommen tsjin Saruman syn bolwurk Isengard, dat se mei de grûn lyk meitsje. Frodo, Samwise en Gollum treffe de tagong ta Mordor hermetysk ticht oan. Gollum seit dat er wol in geheim paad troch de bergen wit, en nei in moeting mei Faramir (David Wenham), de jongere broer fan Boromir, liedt er Frodo en Samwise dat út nei de pas fan Cirith Ungol, dêr't "sy" wachtet.
The Lord of the Rings: The Two Towers waard regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philppa Boyens en himsels. De film gie op 5 desimber 2002 yn premiêre, en brocht $951,2 miljoen op tsjin in budget fan $94 miljoen. The Lord of the Rings: The Two Towers wûn in grut tal prizen, wêrûnder 2 Oscars (fan 6 nominaasjes) en 3 BAFTA's (fan 10 nominaasjes). De film waard ek nominearre foar 2 Golden Globes en wûn de Empire Award foar bêste film, de Saturn Award foar bêste fantasyfilm, de Grammy Award foar bêste soundtrack, de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en de Nebula Award foar bêste senario.
The Lord of the Rings: The Return of the King
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side The Lord of the Rings: The Return of the King.
Yn The Lord of the Rings: The Return of the King liedt Gandalf (sir Ian McKellen) syn reisgenoaten Aragorn (Viggo Mortensen), Legolas (Orlando Bloom) en Gimli (John Rhys-Davies) mei kening Théoden fan Rohan (Bernard Hill) en dy syn erfgenamt Éomer (Karl Urban) nei Isengard, it bolwurk fan 'e fersleine ferrieder Saruman, dêr't se weriene wurde mei twa oare reisgenoaten, Merry (Dominic Monaghan) en Pippin (Billy Boyd). Neitiid set Gandalf mei Pippin ôf nei Minas Tirith, de haadstêd fan it súdlike keninkryk Gondor, dêr't de oanfal troch de legermachten fan 'e kweageast Sauron no elts momint ferwachte wurde. Wylst Minas Tirith belegere wurdt, rekket de steedhâlder Denethor (John Noble) syn ferstân kwyt en besiket himsels en syn swierferwûne soan Faramir (David Wenham) libben te ferbaarnen, eat dat Pippin mar krekt wit tsjin te kearen. Aragorn, Legolas en Gimli nimme de faaie Deadene Paden nei Gondor, ûnder de bergen troch. Merry jout him temûk mei de prinsesse Éowyn (Miranda Otto) by de legermacht fan kening Théoden fan Rohan as dy útriidt om Gondor te help te kommen.
Underwilens bringt it wêzen Gollum, dat op 'e Iene Ring longeret, Frodo en Samwise, yn harren kweeste om 'e ring yn Mordor te ferneatigjen yn 'e fjurren fan 'e Doemberch, nei de pas fan Cirith Ungol ta. Dêr komt lang om let syn ferrie oan it ljocht as er de beide hobbits nei de hoale liedt fan 'e reuseftige meunsterlike spin Shelob, dy't Frodo byt en ynjektearret mei gif. Inkeld oan it rislute yngripen fan Samwise is te tankjen dat de kweeste net yn in mislearring einiget. Hy wit de ferwûne en finzennommen Frodo te befrijen en tegearre reizgje se fierder troch de woastenije fan Mordor nei de Doemberch, dêrby efterfolge troch Gollum. Op 'e fjilden fan 'e Pelennor, by Minas Tirith, ferslane de Rohirrim en dy fan Gondor mei help fan in leger spûken dat Aragorn op 'e Deadene Paden gearroppen hat, de legers fan Sauron. Théoden sneuvelet, mar Merry en Éowyn deadzje de heksekening fan Angmar dy't it befel oer de legers fan 'e fijân fiert. Neitiid wurdt Aragorn, dy't ôfstammet fan deselde line as de útstoarne keningen fan Gondor, oan it haad fan it alliëarde leger steld. Hy liedt syn troepen nei de poarten fan Mordor, dêr't Sauron al syn legers derop loslit. In nederlaach driget, mar yn 'e tuskentiid hawwe Frodo en Samwise de Doemberch berikt, dêr't se de ring mei ûnbedoelde help fan Gollum ferneatigje en sa Sauron foargoed út 'e wrâld ferbalje.
The Lord of the Rings: The Return of the King waard regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philppa Boyens en himsels. De film gie op 1 desimber 2003 yn premiêre, en brocht $1.142 miljoen op tsjin in budget fan $94 miljoen. The Lord of the Rings: The Return of the King wûn gâns prizen, wêrûnder 11 Oscars (fan 11 nominaasjes), 4 Golden Globes (fan 4 nominaasjes) en 5 BAFTA's (fan 13 nominaasjes). De film wûn ek de Empire Award foar bêste film, de Saturn Award foar bêste fantasyfilm, de Grammy Awards foar bêste soundtrack en bêste liet yn in film, de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje en de Nebula Award foar bêste senario.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |