De steedhâlder wie eartiids de plakferfanger fan de lânshear. It wurd steedhâlder betsjut wurdlik plakbesetter, krektlik as it út it Frânsk ôfkomstige wurd luitenant (lieu-tenant, 'lieu' = stee, 'tenant' = hâldend). Binnen de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie it de titel fan de wichtichste funksjonarissen, de fertsjinwurdigers fan de gewesten en oanfierders fan de legers fan de Republyk.

Rol fan de steedhâlder

bewurkje seksje

Fan de 15e iuw oant de stifting fan de Bataafske Republyk yn 1795 wie it steedhâlderskip in machtige politike funksje yn de Nederlannen. Formeel besjoen oefene in steedhâlder yn ien as mear gewesten it gesach út, út namme fan de lânshear. Steedhâlders sieten yn de Steatsrie, koenen de gewestlike steaten byinoar roppe en sieten it rjochtskolleezje foar.

Yn de Midsiuwen wie der noch gjin sprake fan in dúdlike taakomskriuwing. Dat feroare yn de tiid fan keizer Karel V. Tegearre mei lânfâdesse Marije fan Hongarije kaam er mei in dúdlik pakket fan taken, benammen bedoeld om de ynfloed fan de steedhâlder te beheinen.

Steedhâlders yn de Republyk

bewurkje seksje
 
Freark Hindrik fan Oranje-Nassau hat steedhâlder west fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân en Oerisel.

Steedhâlders spilen in grutte rol by de opstân yn de Nederlannen. Nei de Tachtichjierrige Oarloch wie de steedhâlder net langer de plakbesetter fan de lânshear. De funksje fan steedhâlder waard yn it generaal lykwols yn eare hâlden, benammen as legeroanfierder. Elts gewest koe syn eigen steedhâlder kieze, mar almeast wienen der twa steedhâlders: Ien foar Fryslân en Grinslân en ien oar foar Hollân, Seelân en Utert. De oare parten fan de Republyk, lykas Gelre en Oerisel wikselen wat dit oangie tusken de steedhâlders. Dit ferskil ûntstie om't de noardlike gewesten Willem fan Oranje in sterke legerfunksje jaan woenen, oars as it ferstjinwurdigjen fan de gewestlike steaten, wylst Hollân dizze funksjes krekt gearfoege.

Willem II luts yn 1650 alle macht yn syn gewesten, Hollân, Seelân, Utert, Gelre en Oerisel, oan de steedhâlder. By syn ferstjerren dat jier wie syn soan noch net berne, dat de gewesten seagen harren kâns om de macht werom te nimmen, en beneamden gjin nije steedhâlder. Sadwaande ûntstie yn dy gewesten it Earste Steedhâlderleas Tiidrek. Dat duorre oant 1672, doe't yn it Rampjier wer behoefte ûntstie oan in sterke lieder, wêrtroch Willem III dochs noch ta steedhâlder beneamd waard. Fan doe ôf waard de funksje fan steedhâlder yn dy gewesten erflik ferklearre yn de manlike line.

Yn 1702 ferstoar Willem III sûnder bern en deselde gewesten besleaten op 'e nij om gjin steedhâlder te beneamen, wat it begjin wie fan harren Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek. Oan dat tiidrek kaam in ein doe't hieltiten mear gewesten Willem IV, erfgenamt fan Oranje en steedhâlder fan Fryslân, ta erfsteedhâlder beneamden. Fan 1747 ôf hie de Republyk foar it earst ien mienskipslike steedhâlder, erfsteedhâlder Willem IV. Hy ferfarre syn hof fan Ljouwert nei De Haach. Dat jier waard it steedhâlderskip ek erflik ferklearre yn de froulike line.

It tiidrek fan 'e steedhâlders yn de Nederlannen kaam ta in ein troch de stifting fan de Bataafske Republyk yn 1795.