Meunster (wêzen)

wêzen

Meunster of mûnster is in algemiene beneaming foar in ûnhuer en wanskepen organisme, dat grut fan stal en ornaris ek kweadaardich is. Yn 'e regel giet it dêrby om in mytysk wêzen, lykas in oger of in bûzeman. It kin yn oerdrachtlike sin ek ferwize nei in woest en gefaarlik bist of in mismakke minske. De wittenskiplike stúdzje nei meunsters en kulturele ideeën omtrint meunsters is de monstrofy. De beneaming 'meunster' komt fan it Latynske monstrum (mei deselde betsjutting), dat ôflaat is fan it tiidwurd moneo, "warskôgje". It giet tebek op 'e Midsiuwen, doe't men leaude dat uterlike lilkens wol wjerspegele wurde moast troch inerlike kweadaardigens. In meunster soe yn dy gedachtegong dus fuortendaliks syn boasaardige ynboarst oan 'e beskôger sjen litte.

It klassike filmmeunster Godzilla op in filmposter út 1954.

Meunsters komme in soad foar yn myten, leginden, mearkes en oare folksferhalen. Yn 'e Grykske en Romeinske mytology waarden meunsters oer it algemien sjoen as tekens fan godlike lulkens. Yn 'e bekende myte fan 'e minotaurus wegeret kening Minos fan Kreta en offerje de wite bolle dy't de god Poseidon him foar dat doel stjoerd hat. Poseidon wurdt dêrtroch lulk en soarget derfoar dat Pasifaé, de frou fan Minos, fereale rekket op 'e bolle. Hja hat seksuële omgong mei it bist, rekket swier en skinkt it libben oan in jonkje mei in de holle fan in bolle: de minotaurus. Oare meunsters út 'e Grykske mytology, lykas de Hydra fan Lerna en Medusa, binne gjin natuerlike wêzens, mar godheden. Hja lykje troch de âlde Griken urven te wêzen fan in earder Proto-Yndo-Jeropeesk heidendom, dat minder skerpe skiedslinen hie tusken geasten, meunsters en goaden.

Oare bekende 'klassike' meunsters binne bgl. de syklopen dy't foarkomme yn 'e Aldgrykske Odyssee fan Homearus; de wolf Fenrir en de wrâldslange út 'e Noardske mytology; Grendel yn it Midsiuwske Aldingelske epos Beowulf; de bûzehappert Jenny Greenteeth út 'e folkloare fan Ingelân; de oger út it mearke Jaap en de Beanestaak; en de Golem fan Praach út 'e Joadske folkloare. Yn 'e moderne tiid komme meunsters faak foar as antagonisten yn fiksje dy't ta de sjenres fan horror, fantasy of (soms) science fiction heart. Men kin dan tinke oan wearwolven, fampieren (bgl. Dracula), it Meunster fan Frankenstein, it Japanske seemeunster Godzilla, mummys en sombys.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.