Ko

(Trochferwiisd fan Bolle)

In ko (meartal: kij), kobist of hoarnbist (Bos taurus) is in sûchdier dat yn Nederlân foaral foar de produksje fan molke hâlden en yn it twadde plak foar de produksje fan fleis hâlden wurdt. In frouljus kobist is in ko, it manlik kobist is in bolle.
In molkko jout sa'n 25 liter molke deis. In ko wurdt likernôch 315 dagen yn it jier molken. Dit komt del op in trochsnee produksje fan 7875 liter molke de ko yn 't jier. Guon kij meitsje yn harren libben wol 100.000 liter molke.

Kij oan it Alddjip, Opsterlân
In ko yn in greide by Gorssel
Switserske ko

In ko kin yn prinsipe sa'n 20 jier âld wurde. Tsjintwurdich wurdt in ko lykwols yn 'e regel mar 8 oant 15 jier. In wyfke wurdt gewoan in ko neamd, in mantsje in bolle en in jong in keal. In froulik wurdt oantsjut as in kokeal, en in manlik keal as in boltsje. In heal folgroeid eksimplaar is in hokkeling (faak mei in hollanistyske ynterferinsje in pink neamd). It jongjen fan in In ko hjit kealjen. In ko dy't foar de earste kear kealle hat, is in rier (Nederlânsk: vaars). In ko dy't foar de twadde kear kealle hat is in twinter of twinterrier, en ien dy't foar de trêde kear kealle hat, is in trinter of trinterrier.

Kij yn Fryslân

bewurkje seksje

Oan de Harnzer Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske stamboekko foar. 'Us Mem' hjit it byld yn de folksmûle. Fryslân hat yndie in soad oan de ko te tankjen – mei har molke en bûter en mei it ferneamde Fryske stamboekfee hat de provinsje namme makke. Boppedat is de ko fanâlds ien fan meast konstante eleminten yn de Fryske skiednis. De ko wie der earder as de minsken dy’t harsels foar it earst Fries neamden. De mooglikheden foar it ûntstean fan kultuer wurde bepaald troch it lânskip. Archeologysk ûndersyk lit sjen dat krekt yn it noardwesten fan Europa, de kust fan de Noardsee by lâns, it oantal kij relatyf heech lei. Dat lei ek yn de reden, want hjir wiene de libbensomstannichheden foar it fee geunstich. Om genôch fretten te hawwen hat de ko op it kwelderlân ien bunder grûn nedich, tsjin seis hektare op sângrûn. Dit ferklearret ek it letter betreklik hege oantal bewenners fan it Fryske terpegebiet. It hat lang duorre oant it safier wie. De âldste bewenning yn it tsjintwurdige Fryslân datearret fan ûngefear 11000 foar Kristus. Troch de iistiid lei de see folle leger as tsjintwurdich en wie it lânskip noch in kâlde en bare toendra dêr’t minsken op rindieren jagen en fiedsel samlen. Pas nei de ein fan de leste Iistiid (±. 8.000 foar Kristus) feroare it klimaat sa dat der beammen begûnen te groeien. Dêrnei naam de bewenning geandewei ta, mar dizze bestie noch wol sa’n 5000 jier benammen út omreizgjende jagers en samlers.

De opkomst fan it boerebedriuw barde yn it lettere Fryske gebiet – want de minsken neamden harsels noch gjin Friezen – pas letter, ûngefear yn 3400 foar Kristus. De earste boeren wennen op it sân, ûngefear yn de tsjintwurdige Wâlden en Gaasterlân. Op grûn fan it ierdewurk dat fan harren weromfûn is, wurde se Trachterbeker-minsken neamd. Harren spoaren hawwe se efterlitten yn it gebiet fan Grut-Brittanje oant en mei Bulgarije. Se binne ek bekend wurden troch harren hunebêden. Fan dizze earste boeren is in (restaurearre) grêfheuvel te sjen by Bakkefean. It âldste bewiis fan de aktiviteiten fan dizze prehistoaryske boeren yn it tsjintwurdige Fryslân is fûn op in sânrêch by Boarnwert by Dokkum. Dêr fûnen archeologen in ikker dy’t datearret út ± 3000 foar Kristus. Dizze boeren hâlden fee en hiene ek wat bou. Harders lieten yn it foarjier en de simmer it fee weidzje yn fjilden oan de râne fan it sân of op de klaai. Yn de iuwen dêrnei naam de bewenning fan de sângrûnen yn de Wâlden ta, om yn it lêste desinnium foar it begjin fan de jiertelling wêr te minderjen. Troch in sterke groei fan it fean rekke hieltiten mear boerelân oerwoekere. Uteinlik rekken de Wâlden foar it meastepart ûntfolke en lutsen de minsken mei harren fee nei de tige fruchtbere kwelders – de tsjintwurdich yndike klaaistreken – dêr’t se terpen opsmieten om op te wenjen. Dat barde sûnt sawat 600 foar Kristus.

De kij út dy tiid wiene in stik lytser as ‘Us Mem’. Yn de rin fan de tiid hawwe der in soad ferskillende kij yn Fryslân omrûn: grut, lyts, readbûnt, mûsgriis, swart-wyt, blierkop oant en mei de Blonde d'Aquitaine. Mar al tûzenen jierren, ek doe’t der noch hielendal net fan Fryske grûn sprutsen wurde koe, hawwe der kij yn it lân stien. Sa is de ko ien fan de meast konstante ferskinings út de Fryske skiednis en dêrmei net allinnich in produsint fan molke, bûter en tsiis, mar ek fan Fryske identiteit.

Rasoantsjutting

bewurkje seksje

De kowerassen dy't yn Nederlân foarkomme wurde trije groepen yn ûnderskieden: melk-, dûbelddoel- en fleisrassen.

  1. Melkrassen: foar molkeproduksje. Fokdoel is mear molke- en aaiwytproduksje.
  2. Dûbelddoelrassen: foar molke- en fleisproduksje. Fokdoel is fan beide mear te krijen.
  3. Fleisrassen: foar fleisproduksje. Fokdoel is mear fleis.

De tabel jout de rassen en harren type-oantsjutting.

Ras-
oantsjutting
Rasnamme type Ras-
oantsjutting
Rasnamme type
ANG Angler Melkras NOR Normande Dûbeldoelras
AYS Ayrshire Melkras OD Oar dûbelddoel Dûbelddoelras
BF British Friesian Melkras PIN Pinzgauer Dûbelddoelras
FH Frysk-Hollânsk (ko) Melkras SAL Salers Dûbelddoelras
FR Frysk readbûnt Melkras TAR Rarantaise Dûbelddoelras
G (Grinzer) Blierkop Dûbelddoelras WBL Welsh Black Dûbelddoelras
GUS Guernsey Melkras AA Aberdeen Angus Fleisras
HF Holstein-Friesian Melkras AUB Aubrac Fleisras
JER Jersey Melkras BA Blonde d'Aquitaine Fleisras
LV Lakenvelder Dûbelddoelras BAZ Bazadaize Fleisras
NF New Zealand Friesian Melkras BBl Belgysk Wytblau Fleisras
NRB Noarsk readbûnt Melkras BRA Brahman Fleissras
OF Oar Friesian Melkras CHI Chianina Fleisras
OM Oar melktype Melkras CHL Charolais Fleisras
WR Witrik Melkras DEV Devon Fleisras
ZRB Sweedsk readbûnt Melkras DIK Groubil Fleisras
ABO Abondance Dûbelddoelras GAL Galloway Fleisras
BR Belgysk readbûnt Dûbelddoelras GAS Gasconne Fleissras
BS Brown Swiss Dûbelddoelras HER Hereford Fleisras
BV Braunvieh Dûbelddoelras HI Highland Fleisras
DEX Dexter Dûbelddoelras LIM Limousin Fleissras
DR Deensk readbûnt Dûbelddoelras MAR Marchigiana Fleisras
FLV Fleckvieh Dûbelddoelras MA Maine Anjou Dûbelddoelras
MON Montbéliarde Dûbelddoelras PIM Piemontese Fleisras
MRY Maas-Ryn-Isel Dûbelddoelras ROM Romagnola Fleisras
MSH Milking shorthorn Dûbelddoelras VRB Ferbettere readbûnt fleisfeeras Fleisras