Ferbettere readbûnt fleisfeeras
Ferbettere readbûnt fleisfeeras is in jong fleistypysk koweras, it iennichste yn syn soarte dat oarspronklik út Nederlân komt.
De oarsprong fan it ras leit yn it dûbeltdoelras Maas-Ryn-Isel (MRIJ). Mei dat ras is der fokt op bisten mei mear bespiering en sa is it nije ras ûntstien: Ferbettere readbûnt fleisfeeras. Sûnt 1 maart 1988 hat dit ras syn eigen stamboek.
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe bisten fan dit ras binne readbûnt, lykas it MRIJ-ras. Der binne twa typen, de A-rjochting (mei luksebespiering) en de B-rjochting (net groubil). By beide types wurdt stribbe nei in sa leech as kin tal befallings mei problemen (dy't benammen by groubilkij geregeldwei foarkomme).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |