In stamboek is in list mei ôfstammingsynformaasje fan bisten. Dêrby kin it gean oer bygelyks kij, hynders, hûnen of sels reuzepanda's dy't yn dieretunen holden wurde, mar ien stamboek giet altyd mar oer ien bistesoarte of bisteras. Men ûnderskiedt in iepen en in sletten stamboek. In sletten stamboek befettet inkeld registrearre bisten dêr't de ôfstamming fan bekend is, wylst yn in iepen stamboek ek bisten fan bûten opnommen wurde kinne, dy't in ûnbekende ôfstamming hawwe.

Bioskoopsjoernaal út 1962 oer de keuring fan Frysk stamboekfee.

Yn Nederlân binne de measte stamboeken foar fee en oare domestisearre bisten iepen stamboeken. De bêste bisten, op in feekeuring kard troch saneamde karmasters, wurde registrearre yn in helpstamboek of register, wêrnei't harren neikommelingen yn it stamboek opnommen wurde kinne. Dêrby wurdt fermelden hoe't it bist derút sjocht, wat de lichemsmjitten binne en, as dat fan tapassing is, hokker produksjesifers oft it bist hat (bygelyks by molkfee). Berten fan jongfee wurde byholden yn it 'jongfeeboek'.

As sokke registers teminsten inkele desennia beslane, kin sprutsen wurde fan in ôfstammingslist, of yn it Ingelsk fan in pedigree. Dêryn kin dan opsocht wurde wat de âlden en pakes en beppes fan 'e hjoeddeistige stamboekbisten binne. As in stamboek langernôch funksjonearret, kin it in boarne fan genetyske ynformaasje wêze. Faak wurdt in eigentlik stamboek lykslein mei de organisaasje dy't sa'n stamboek beheart. Bekende stamboekorganisaasjes binne bygelyks it Keninklik Frysk Hynste Stamboek en it Frysk Kowestamboek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.