Chianina
De Chianina is it grutste koweras fan de wrâld. De ko komt al foar op Etruskyske ôfbylden en ek Plinius de Alde hat it der al oer: it is it âldste koweras fan Itaalje. Chianina’s stamme oarspronklik út Toskane, Umbrje en midden-Itaalje. De namme Chianina komt fan de Chianadelling yn Toskane .
Bollen kinne oant 180 sm heech en 1500 kg swier wurde. De ko hellet in skofthichte fan 160 sm en in gewicht fan 800 kg. De bisten binne porslein-wyt, mar de keallen wurde ljochtbrún berne, earst nei sa’n trije moanne komt it wyt dêrtroch. It fleis fan de Chianina hat in bûtengewoane kwaliteit en wurdt yn Toskane faak as bistecca alla fiorentina oanbean.
It hoarnbist waard oarspronklik as wurkbist fokt, mar wurdt no allinne as fleisko hâlden en omdat er goed oer waarmte kin ek brûkt om mei kij út ûntwikkelingslannen te krusen.
It ras jidt as tige gefoelich en kin min oer feroaringen. Sa kin bygelyks feroarjen fan eigner al ferminderings fan fleisproduksje fan gefolgen hawwe.
1955 sette de Chianina-bolle "Donetto" yn Arezzo in gewichtsrekord mei 1740 kg . Op 8 novimber 2007 kaam de Chianina-okse "Fiorino" mei in skofthichte fan 2,05 m yn it Guinness Book of Records.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Foto fan Donetto, de swierste bolle fan de wrâld ±1955
- Skiednis fan de Chianina - Oklahoma State University (in)
- Ynformaasje oer fokken mei Chianina - Cattle.com (in)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chianina fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |