It Fleckvieh-koweras ûntstie yn 1830 doe't Simmentalers fan Switserlân ymportaerre waarden yn Beieren en Eastenryk om de pleatslike dûbelddoelrassen te ferbetterjen. Yn dy tiid wie de Simmental ferneamd om har molkproduksje, mar sy waarden frijwat let folwoeksen en wiene groubonkerich. Yn 1920 waard it stamboek yn Súd-Dútslân oprjochte en waard it Fleckvieh fokt as in apart dûbelddoelras yn Súd-Dútslân, Eastenryk en letter ek yn dielen fan Itaalje and Frankryk.

Fleckvieh-ko
Fleckvieh-ko zur Mast

It stribjen fan de fokkers is no it krijen fan in dûbelddoelko, dy't goed yn it fleis sit en ek in soad molke jout. Om dat te berikken is in strang fok- en testprogramma ûntwikkele. Dy systematyske oanpak makket dat it Fleckvieh in modern dûbelddoel ras is, dat foldocht oan de ekonomyske easken fan hjoed de dei.[1].

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelinks om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Betterfarming