De Salers (Frânsk: race de Salers of La Salers; meartal: Les Salers) is in koweras dat oarspronklik yn Cantal, yn it Sintraal Massyf yn Frankryk ûntstien is.

keppel Salers
Salers

It is in grut swier kobist, de ko wurdt 700 oant 750 kg swier en hat in skofthichte fan sa'n 1.40 meter. Sy hawwe in dikke mahony-reade of swarte facht, en lange lierefoarmige hoarnen. In lyts persintaazje wurdt berne sûnder hoarnen.

Yn de 19e iuw besocht de fokker Ernest Tyssandier d'Escous om it ras te ferbetterjen troch selektyf te fokken.

Salers waarden oarspronklik ek fokt as lûkdier, dat it is in saneamde dûbelddoelko dy't fral wurdearre waard om har fermogen om grutte temperatuerferskillen te fernearen, har fruchtberens dat fokken maklik makke, har molke (ek at der in keal wêze moast om melke te kinnen) en it fleis. In ko kin benei 3.000 kg molke meitsje dat in heech fethale hat. De molke wurdt fanâlds brûkt foar it meitsjen fan Appellation d'Origine Contrôlée (AOC) tsiis sa as Cantal-tsiis en Salerstsiis. De Salers wurde krúst mei de Charolais om moai keallefleis te krijen.

Anno 2005 wiene der sa'n 300.000 Salers yn Frankryk. Su wurde útfierd nei goed 25 lannen yn Europa, Noard-Amearika, Afrika en Oseaanje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje