Romagnola
Romagnola is in fleiskoweras út de regio Emilia-Romagna yn Itaalje.
It ras wurdt yn it foarste plak fokt om it fleis en waard yn it ferline ek faak as lûkdier brûkt. Romagnola's binne wyt as griis mei swarte pigmintplakken en hawwe omheech steande hoarnen. Keallen wurde mei in reade facht berne, mar wurde rillegau griis. Iere jierren '70 (20e iuw) binne der in stikmannich nei Skotlân útfierd. Tsjintwurdich komt it ras ek foar yn Grut-Brittanje, Ierlân, Noard- en Súd-Amearika, Austraalje, Nij Seelân en Afrika.