The Hobbit: The Desolation of Smaug
The Hobbit: The Desolation of Smaug is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it middelste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: De Woastenije fan Smaug". It is it ferfolch op The Hobbit: An Unexpected Journey, út 2012, en it twadde diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't sels wer in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings.
It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't troch de tsjoender Gandalf behelle is yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. The Hobbit: The Desolation of Smaug krige foar it meastepart positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wie yn 'e bioskopen in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar trije Oscars en wûn ferskate oare prizen. It lêste diel fan 'e trilogy, The Hobbit: The Battle of the Five Armies, kaam út yn 2014.
Plot
bewurkje seksjeProlooch
bewurkje seksjeThe Hobbit: The Desolation of Smaug iepenet mei in koarte prolooch dy't yn 'e gronology fan 'e filmtrilogy spilet foarôfgeande oan it earste diel. De dwerch Thorin Ikeskyld, de erfgenamt fan it Keninkryk fan 'e Ienlike Berch, arrivearret yn 'e herberge De Stegerjende Kêde yn Bree. Hy is oer de Alde Súdwei noardoan kommen, nei't er Dunlân trochkrúst hat op 'e siik nei syn heit Thráin, dy't yn dy oarde sinjalearre wie. Thorin wurdt op 'e hakken sitten troch inkele hiermoardners, mei't der sûnder syn witten in priis op syn holle set is troch de nekromantikus fan Dol Guldur, in ferrinnewearre fêsting yn it súdlike Brimsterwâld dy't eins ferlitten wêze moatte soe. Yn Bree ferlieze de hiermoardners harren belangstelling foar Thorin as er selskip kriget fan 'e tsjoender Galdalf de Grize. Dyselde sit yn noed oer de draak Smaug. De machten fan it kwea sammelje harren wer en it moat tsjin eltse priis foarkommen wurde dat Smaug him dêr ek by jout.
Gandalf bepraat Thorin dêrom en besykje de Ienlike Berch werom te winnen fan Smaug, dy't it âlde dwergekeninkryk al 171 jier beset hâldt. Gandalf wol dat Thorin de legers fan 'e dwergen gearbringt om dy put te klearjen, mei't de oare dwergekeningen trou sward hawwe oan 'e Kening ûnder de Berch, sa't de titel fan 'e hearsker fan 'e Ienlike Berch is. Thorin bringt him yn 't sin dat se trou sward hawwe oan 'e besitter fan 'e Erkenstien, in reuseftige ealstien fan ûntstellende skientme dy't yn 'e minen ûnder de Ienlike Berch opdold is, en de Erkenstien is mei alle oare rykdommen fan 'e Ienlike Berch yn 'e hannen fan Smaug fallen. Gandalf antwurdet dat se dêrom earst sjen moatte de Erkenstein te stellen. Dêrfoar hawwe se in ynbrekker nedich, en hy wit krekt wêr't se ien fine kinne dy't foar dy rol geskikt is.
De Woastenije fan Smaug
bewurkje seksjeNei harren nuodlike oertocht oer de Diisbergen (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey) is it selskip arrivearre yn Rhovanion, it Wyldlân. De selskipslju binne Gandalf, Thorin, de tolve oare dwergen (Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur) en de hobbit Bilbo Baggins, dy't Gandalf útornearre hat as ynbrekker. Se wurde efterfolge troch in kliber oarken ûnder lieding fan Azog de Besmoarger, dy't Thorin syn pake Thror deadien hat en dy't Thorin eigenhandich in earm ôfslein hat. Tusken harren bestiet sadwaande in ûnfersoenbere fijânskip. Ta oermjitte fan ramp is der no ek noch in reuseftige bear op harren spoar kommen. Gandalf liedt harren nei de relative feilichheid fan it hûs fan kunde fan him ta. It blykt te gean om Beorn, in hûdwikselder dy't himsels feroarje kin fan in man yn in bear. It is deselde as de reuseftige bear dy't harren efternei siet. Gandalf seit dat Beorn as bear ûnberekkenber is, mar dat der mei him te praten falt as er syn minsklike stal oannimt. Dêr blykt er gelyk oan te hawwen. As Beorn de oare moarns as man thúskomt, fertelt er harren dat er in hekel hat oan dwergen, mar net sa'n grouwélige hekel as oan oarken. Dêrom biedt er harren syn help oan.
Underwilens is Azog dy nachts ûntbean by de nekromantikus yn Dol Guldur, dy't him oarderet om syn oarken te risselwearjen foar oarloch. Hy draacht dêrnei de jacht op Thorin-en-dy oer oan syn soan Bolg. Op liende hynders fan Beorn en begelaat fan 'e bear berikt it reisselskip dy deis de râne fan it troch kwea alhiel ferwoeksen Brimsterwâld. Dêr treft Gandalf nijeftige graffity yn 'e Swarte Sprake fan Mordor oan op âlde ruïnes. Mei kriget er in telepatysk boadskip fan Galadriel, de elvekeninginne fan Lothlórien, dy't him oantrunet de grêftombe fan 'e heksekening fan Angmar te ûndersykjen, waans swurd koartlyn troch de tsjoender Radagast de Brune oantroffen is yn Dol Guldur. Gandalf beslút dan dat Thorin-en-dy sûnder him fierder moatte. Der rint in âlde, fan 'e elven oanleine wei troch it Brimsterwâld. Gandalf hjit Thorin-en-dy om dat paad del te gean en der út noch yn net fan ôf te wiken, want it kwea yn it wâld beset de sinnen sa, dat se it dan nea wer weromfine sille. Dêrnei set er ôf op syn eigen boadskip en lit harren allinne efter.
Bilbo stelt foar en tsjoch om it Brimsterwâld hinne, mar Thorin en de oare dwergen lizze him út dat se dan twahûndert myl nei it noarden ta reizgje moatte of mear as twa kear sa fier nei it suden. Behalven dat se dan geandefoets in maklike proai foar de oarken wêze soene, dogge se har dat ek net oan tiid, want se moatte de Ienlike Berch uterlik op 'e Dei fan Dúrin berikke. Thorin hat nammentlik fia Gandalf in kaai fan in ferburgen sydpoarte fan 'e Ienlike Berch fan syn heit Thráin krigen, mei in plattegrûn dêr't op stiet dat it kaaisgat inkeld te finen wêze sil as it "beskynd wurdt troch it lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin". Dat, se hawwe gjin oare kar as om it elvene paad troch it Brimsterwâld te aventoerjen. Ienris tusken de beammen reitsje se lykwols al rillegau paadbjuster. Nei't se ferskate dagen yn rûntsjes omrûn hawwe, wurde se oanfallen troch de grutte spinnen fan it Brimsterwâld, dy't harren ferdôvje en bewuolje yn spinreach.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Bilbo is de iennichste dy't wit te ûntsnappen mei de help fan 'e elfske dagge dy't er út 'e skathuorde fan 'e trollen krigen hat (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey). As er der in spin mei stekt, kryt dy: "Au, au, dat stekt!" en Bilbo beslút syn 'swurd' dan de namme Stek te jaan. Nei syn ûntsnapping docht er de goudene ring om 'e finger dy't er yn 'e grotten yn 'e Diisbergen fûn hat en dy't him ûnsichtber makket (sjoch: The Hobbit: An Unexpected Journey). Op dy wize slagget it him om al syn reismaten te befrijen. As de spinnen foar it ferstân krije wat der bart, falle se mei man en macht de dwergen oan. Underwilens is Bilbo syn ring kwytrekke. Hy slachtet in spin ôf om it sieraad werom te krijen en as er neitiid wat ta himsels komt, begjint er foar it earst te begripen wat in dûnkere ynfloed de ring op him útoefenet.
De restearjende spinnen wurdt mei ôfweeft troch de boskelven fan it noardlike Brimsterwâld, dy't oanfierd wurde troch de elvinne Tauriel en Legolas, de soan kening Thranduil. Tauriel rêdt dêrby de dwerch Kíli fan 'e dea, mei as gefolch dat Kíli fuortendaliks smoarfereale op har wurdt. De dwergen wurde lykwols finzennommen troch de elven, dy't harren meifiere nei de sealen fan kening Thranduil. Bilbo, dy't net opmurken is, hat de ring wer omdien en folget harren ûnsichtber nei binnen ta. As Thorin foar kening Thranduil brocht wurdt, easket Thranduil yn ruil foar syn stipe in diel fan 'e skat fan Smaug op. It is Thorin lykwols noch net fergetten dat Thranduil de dwergen fan 'e Ienlike Berch 171 jier lyn syn rêch takearde doe't se syn help brek wiene nei't Smaug harren út harren keninkryk ferdreaun hie. Hy wol dan ek neat mei Thranduil te krijen hawwe. Fan gefolgen wurdt er mei syn reismaten yn 'e tsjerkers fan it paleis opsletten oant er him betinkt. Thranduil hâldt him foar dat hûndert jier mar in amerijke is foar de ûnstjerlike elven.
Under syn finzenskip komt Kíli troch lange petearen better yn 'e kunde mei Tauriel, dy't syn gefoelens liket te beäntwurdzjen. Hja sit der sels ek wat nuver foar, mei't Legolas in ûnbeäntwurde leafde foar har opfette hat, wylst syn heit Thranduil der neat fan witte wol dat syn soan trouwe sil mei in sljochtwei boskelvinne. Underwilens ûntdekt Bilbo, yn syn ûnsichtber omdoarmjen troch de sealen fan Thranduil, in mooglike ûntsnappingsrûte yn 'e kelders, dêr't lege wynfetten troch in lûk omleech litten wurde om al driuwende yn in beek nei de Boskrivier te streamen. Dêre wurde se dan opfandele troch minsklike keaplju út Esgaroth-oan-de-Langmar. Bilbo wit de kaaien fan 'e sellen te besetten en lit de dwergen frij. Hy liedt harren nei de kelders ta dêr't er harren allegear yn in fet pleatsnimme lit om dan it lûk te iepenjen.
De dwergen driuwe yn 'e fetten fuort, mar tsjin dy tiid hat Legolas harren ûntsnapping al opmurken. Hy en Tauriel sette de efterfolging yn. Underwilens wurde Bilbo en de dwergen bûten de elfske gerjochtichheid opwachte troch Bolg en syn oarken. De dwergen en de elven komme sa oan deselde kant te fjochtsjen, wêrby't Kíli yn syn skonk rekke wurdt troch in oarkske pylk. It is oan 'e help fan Legolas en Tauriel te tankjen dat de dwergen it faaie libben derôf witte te rêden. Se berikke de Boskrivier, dêr't de fetten opwachte wurde troch in skûtsjeskipper dy't fan Bard hjit. Hy lit him troch de dwergen omkeapje om harren Esgaroth-oan-de-Langmar binnen te smokkeljen, dat yn 'e folksmûle 'Marstêd' neamd wurdt.
Yn 'e tuskentiid binne Legolas en Tauriel mei Narzug, in oark dy't se finzennommen hawwe, weromkeard nei de sealen fan 'e boskelven. Dêr wurdt de finzene befrege troch Thranduil sels. Narzug fertelt dat er ien fan 'e dwergen, "de swarthierrige bôgesjitter", rekke hat mei in fergiftige pylk, dat dy sil net lang mear libje. Tauriel ferliest dêrop har selsbehearsking en wurdt troch Thranduil fuortstjoerd. Neitiid bringt Narzug op 'e fragen fan 'e elvekening út dat in kweadaardige master fan 'e oarken weromkommen is te Dol Guldur en dat de oarloch op it punt stiet om út te brekken. Thranduil tinkt dat er de kommende stoarm trochstean kin troch syn keninkryk fan 'e bûtenwrâld ôf te sluten, dat hy stjoert Legolas om 'e poarten te fersegeljen. De poartelju fertellen Legolas lykwols dat Tauriel derút gien en ôfset is, en Legolas giet har efternei. As er har ynhellet, fertelt se him dat se it net iens is mei Thranduil syn belied fan isolasjonisme en dat se fan doel is de dwergen werom te finen en harren te helpen. As blykt dat Legolas har dat idee net ûntprate kin, jout er him by har.
Underwilens ûndersykje Gandalf en in oare tsjoender, Radagast de Brune, de grêftomben fan 'e heksekening fan Angmar en de oare Nazgûl, dy't leech blike te wêzen. Dêrop reizgje se nei Dol Guldur ta, dêr't Gandalf de ruïnes fan 'e âlde fêsting binnengiet. Radagast stjoert er nei Galadriel ta om har om help te freegjen. De ruïnes blike grôtfol oarken en wearwolven te sitten, en Gandalf moat drave foar syn libben. Op syn flecht wurdt er opkeard troch de nekromantikus, dy't gjin gewoane minske is, mar de âlde kweageast dy't foargoed ferslein tocht wie: nimmen oars as Sauron sels. Hy oermasteret Gandalf en set him finzen. Ut syn koai wei sjocht de tsjoender in mânsk leger oarken út Dol Guldur ôfsetten nei it noardeasten.
De dwergen wurde Marstêd, in plak dat folslein behearske wurdt troch de korrupte master fan Marstêd en syn trewanten, ynsmokkele troch Bard. Dyselde nimt harren mei nei syn eigen hûs, dêr't er as widner mei syn soan Bain, in opslûpen jonge, en syn beide dochters Sigrid en Tilda wennet. De dwergen hawwe yn harren elfske finzenskip al har wapens en pakkelaazje ferlern, en hoewol't Bard harren wol oan mantels helpe kin, lizze alle wapens yn Marstêd efter slot en skoattel yn it arsenaal. As Thorin, Bilbo en de dwergen dêr dy nachts ynbrekke, wurde se op 'e die trappearre en foar de master brocht. Thorin, dy't ûnthjitten docht fan rykdom en wolfeart, kin de man mei wurden wol oer, ek al keart Bard him no tsjin him. Hy hat ûnderwilens foar it ferstân krigen wa't Thorin is en wat syn bedoeling is, en hy is deabenaud dat Thorin troch Smaug wekker te meitsjen en op te stokeljen doem oer Marstêd bringe sil. De master, dy't inkeld tinke kin oan goud, harket lykwols net nei him. Krekt oarsom, hy beskuldiget Bard derfan dat er op syn posysje út is, mei't er ôfstammet fan Girion, de lêste kening fan Dol. (Dat wie in minsklike stêdsteat dy't foar de poarten fan 'e Ienlike Berch lei oant er 171 jier lyn troch Smaug ferwoastge waard.)
De master fan Marstêd rist Thorin-en-dy út om harren misje te folbringen. De oare moarns, op 'e Dei fan Dúrin, sette Thorin en Bilbo mei acht dwergen ôf. Kíli moat omreden fan syn oanboazjende wûne yn Marstêd efterbliuwe, en syn broer Fíli en Óin wegerje syn side te ferlitten. Bofur, dy't syn roes útsliept, mist letterlik de boat en is twongen him by de oare trije efterbliuwers te jaan. Tsjin 'e ein fan 'e dei melde de fjouwer dwergen harren wer by it hûs fan Bard, mei't Kíli sjendereagen efterútbuorket en nimmen oars harren helpe wol. Bard lit harren deryn, mar kin de ferswakjende dwerch fierder net helpe. Hy hat boppedat oare soargen, mei't er troch tadwaan fan Thorin in oanfal fan Smaug ferwachtet. It docht bliken dat de lêste swarte pylk, in fan 'e dwergen makke wapen dêr't in draak mei deade wurde kin, 170 jier lang as erfstik fan âlder op âlder yn syn famylje trochjûn wurden is. Bard set mei syn soan Bain ôf nei in reuseftige bôge dy't fêst yn in toer montearre is, mar ûnderweis wurdt er troch de master en dy syn nearzige assistint Alfrid yn in mûklaach lokke, bewusteleas slein en yn it tichthûs smiten. Bain wit feilich fuort te kommen mei de swarte pylk.
Thorin-en-dy hawwe earder dy deis de Ienlike Berch berikt, dêr't se mei de plattegrûn fan Thorin en it skerpe gesichtsfermogen fan Bilbo it plak fan 'e ferburgen sydpoarte ûntdekke. As de sinne ûndergiet, besykje de dwergen wanhopich it kaaisgat te finen, dat neffens de geheime ynskripsje op 'e plattegrûn inkeld te sjen wêze soe as it "beskynd wurdt troch it lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin". Se kinne it lykwols net fine, en as de sinne oer de kym sakke is, jouwe it mismoedich oer. Bilbo is de iennichste dy't net opjaan wol, en as letter de moanne opkomt, docht syn trochsettingsfermogen fertuten, mei't it "lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin" gjin sinneljocht, mar moanneskyn blykt te wêzen. Bilbo ropt de dwergen werom, en se ûntslute de sydpoarte mei de kaai fan Thorin en geane deryn.
Dan komt it op it oandiel fan Bilbo yn 'e kweeste oan: hy moat súntsjes yn 'e berch delgean en mank de skathuorde fan Smaug de Erkenstien fine en stelle, en dan werombringe by Thorin. De skathuorde blykt lykwols alderûnbidichst te wêzen en it sykjen gjin begjinnensein oan. It omstappen fan Bilbo oer al it goudjild makket al rillegau de reuseftige draak wekker út syn slommer. Yn syn driigjend petear mei Bilbo makket Smaug dúdlik dat er al lang útriddenearre hat wat Thorin fan doel is, en teffens dat er him bewust is fan 'e weropstanning fan Sauron, dy't him yntrigearret. Bilbo besiket Smaug te fluch ôf te wêzen troch syn ring om te dwaan en ûnsichtber te wurden, mar Smaug syn noas lit him net bedrage. Bilbo naait út en sjocht dan mank it goud en de oare rykdommen in mânske ljochtsjende ealstien dy't inkeld de Erkenstien wêze kin.
Yn 'e nacht wurdt Marstêd ynfiltrearre troch de oarken fan Bolg, dy't op 'e siik binne nei de dwergen. Se ûntdekke Bofur, dy't derop útgien is om atelas te finen, in genêskrêftich krûd dat troch de Marstedsjers net as sadanich weromkend en ynstee oan 'e bargen fuorre wurdt. De oarken folgje Bofur werom nei it hûs fan Bard, dêr't Kíli, Fíli en Óin tahâlde mei inkeld Bard syn dochters Sigrid en Tilda. As se lykwols it hûs binnenfalle, wurde se sels oanfallen troch Tauriel en Legolas, dy't harren nei Marstêd ta folge binne. De beide elven meitsje koart wurk fan 'e oarken. Legolas set de útnaaiende oerbliuwers efternei en folget harren werom nei Bolg. Hy deadet alle oare oarken, mar Bolg wit te ûntkommen. Legolas set him op it hynder efternei. Underwilens is Tauriel yn it hûs fan Bard efterbleaun, dêr't se de atelas brûkt om 'e fergiftige wûne fan Kíli te genêzen. Neitiid grypt in dwyljende Kíli har hân beet en ferklearret har syn leafde.
Yn 'e berch jouwe Thorin en de oare dwergen har by Bilbo as dúdlik wurdt dat de draak wekker is. By in lange efterfolging lokje se Smaug nei de ûnen ta, wêrnei't Thorin de draak manipulearret om dy mei syn eigen fjoer oan te stekken. Se brûke de ûnen om in reuseftich gouden stânbyld te jitten; as se de mal dêr mei opsetsin te gau fan ôfhelje, barst it noch floeibere goud út it binnenste troch de tinne laach fan stjurre goud oan 'e bûtenkant hinne krekt as Smaug der lyk foar stiet, en spielt oer de draak hinne. De hoop dat se Smaug yn it goud ferdrinke of deasiede kinne, komt lykwols net út, en it makket de draak inkeld nidiger. Om harren in leske te learen, fljocht Smaug fuort mei de bedoeling om Marstêd plat te brânen, wylst Bilbo him yn ûntsteltenis neisjocht.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bilbo Baggins | Martin Freeman |
Gandalf de Grize | sir Ian McKellen |
Thorin Ikeskyld | Richard Armitage |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Balin | Ken Stott |
Tauriel | Evangeline Lilly |
Legolas | Orlando Bloom |
Bard de Bôgesjitter | Luke Evans |
Azog de Besmoarger | Manu Bennett |
Kíli | Aidan Turner |
Smaug de draak | Benedict Cumberbatch (inkeld stim) |
Thranduil | Lee Pace |
master fan Marstêd | Stephen Fry |
Radagast de Brune | Sylvester McCoy |
Dwalin | Graham McTavish |
Fíli | Dean O'Gorman |
Dori | Mark Hadlow |
Nori | Jed Brophy |
Ori | Adam Brown |
Óin | John Callen |
Glóin | Peter Hambleton |
Bifur | William Kircher |
Bofur | James Nesbitt |
Bombur | Stephen Hunter |
Bolg | Lawrence Makoare |
Beorn | Mikael Persbrandt |
Alfrid, de assistint fan 'e master fan Marstêd | Ryan Gage |
Bain, soan fan Bard | John Bell |
de nekromantikus (Sauron) | Benedict Cumberbatch (inkeld stim) |
Galadriel | Cate Blanchett |
Galion | Craig Hall |
Braga, kaptein fan 'e wacht fan Marstêd | Mark Mitchinson |
Narzug, de oark dy't befrege wurdt troch Thranduil | Ben Mitchell |
Fimbul, de ûnderbefelhawwer fan Azog | Stephen Ure |
Elros, kaptein fan 'e elfske Wâldlângarde | Robin Kerr |
Sigrid, dochter fan Bard | Peggy Nesbitt |
Tilda, dochter fan Bard | Mary Nesbitt |
Feren | Simon London |
Bill Ferny, in hiermoardner yn Bree | Dallas Barnett |
inkeld yn 'e extended cut fan 'e film | |
Thráin II | Antony Sher |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Hobbit: The Desolation of Smaug waard krekt as The Hobbit: An Unexpected Journey, it foargeande diel fan 'e Hobbit-filmtrilogy, regissearre troch Peter Jackson nei in senario fan Fran Walsh, Philippa Boyens, himsels en Guillermo del Toro. Dat skript wie loskes basearre op it middelste part fan 'e roman The Hobbit, fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien, út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken fan Tolkien syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't Jackson-en-dy sels optocht hiene. Ta dy lêste kategory hearden bgl. de elvinne Tauriel en har trijehoeksferhâlding mei Legolas en Kíli, dy't yn it wurk fan Tolkien net foarkomme.
As produsinten wiene Carolynne Cunningham, Zane Weiner, Walsh en Jackson by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, Metro-Goldwyn-Mayer en WingNut Films. The Hobbit: The Desolation of Smaug wie in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan $191,2 miljoen foar beskikber wie.
De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, de filmmontaazje die Jabez Olssen en de filmmuzyk waard fersoarge troch Howard Shore mei meiwurking fan it Nijseelânsk Symfony-orkest. De films fan 'e Hobbit-trilogy waarden oanslutend opinoar filme, krekt sa't Jackson dat tsien jier earder ek dien hie mei de Lord of the Rings-films. De opnamen begûnen op 21 maart 2011 op lokaasje yn Nij-Seelân en einigen nei 266 filmdagen op 6 july 2012. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Hobbit: The Desolation of Smaug waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 2 desimber 2013 yn Los Angeles yn premiêre, wêrnei't er op 11 desimber iepene yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk, op 12 desimber yn dy yn Nij-Seelân en op 13 desimber yn dy yn 'e Feriene Steaten. The Hobbit: The Desolation of Smaug waard op 7 april 2014 útbrocht as digitale download en op dvd en blu-ray, yn twa ferzjes: de bioskoopedysje fan 161 minuten en in director's cut mei 25 minuten oan bykommend materiaal.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Hobbit: The Desolation of Smaug krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't better oer dizze film te sprekken wiene as oer it foargeande diel fan 'e Hobbit-trilogy, The Hobbit: An Unexpected Journey. Sa parte Nick de Semlyen fan it Britske tydskrift Empire de film 5 fan 5 stjerren ta en skreau: "[Dizze film] is in ûnbidige ferbettering yn ferliking mei it foargeande diel, en nimt ús aventoerslju mei op ûnbekend terrein […]." Yn it Amerikaanske tydskrift Time neamde Richard Corliss The Hobbit: The Desolation of Smaug "in treflike prestaasje" en ien fan 'e tsien bêste films fan 2013. Justin Chang fan Variety skreau: "Nei in hobbeljend begjin mei An Unexpected Journey klaut de Hobbit-trilogy fan Peter Jackson wer oerein yn dit folle spannender en doelbewustere twadde haadstik."
Neffens Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter "fertsjintwurdiget hast alles […] in ferbettering yn ferhâlding mei it earste diel fan 'e trijedielige ferfilming troch Peter Jackson fan 'e dierbere kreaasje fan J.R.R. Tolkien." Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech The Hobbit: The Desolation of Smaug 4 fan 5 stjerren, en neamde de film "mysterieus en nuver" mei lykwols in "joviale kwaliteit dy't The Hobbit ûnderskiedt fan 'e earnstigere Rings-films." Yn Total Film stelde Matt Maytum fêst dat de film neffens him te lijen hie fan "wiffens yn 'e middelste akte", mar hy hie lof foar de "opwinende aksje", de "geweldige fisuele effekten" en "ien ûnbidige draak."
Peter Travers, dy't The Hobbit: The Desolation of Smaug resinsearre foar it blêd Rolling Stone, wie der net wei fan en joech de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy fûn dat de film "in bytsje minder lang en in bytsje minder saai" wie as it foargeande diel, en priizge de digitale kreaasje fan Smaug de draak. Oan 'e oare kant hied er frijwat krityk op 'e eigenmachtige opfolling troch de filmmakkers fan wat eins mar in part út in frijwat tinne roman wie. Yn The Daily Telegraph hie Robbie Collin noch minder bewûndering foar The Hobbit: The Desolation of Smaug, dêr't er mar 2 fan 5 stjerren oan joech. Hy moast neat hawwe fan 'e trijehoeksferhâlding tusken Legolas, Tauriel en Kíli dy't Jackson-en-dy yn it ferhaal yntrodusearre hiene. Hy skreau dêroer: "Faaks dat in protte lju soks wier sjen wolle yn in filmferzje fan The Hobbit, mar litte we teminsten akseptearje dat Tolkien dêr nei alle gedachten net ien fan west hawwe soe."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Hobbit: The Desolation of Smaug in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 247 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol noch altyd wat dwerseide troch "middenpart"-ferhaalproblematyk en in formidabele lingte, fertsjintwurdiget [dizze film] in twadde haadstik mei mear selsfertrouwen en mear spanning foar de Hobbit-searje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Hobbit: The Desolation of Smaug in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 44 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThe Hobbit: The Desolation of Smaug brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $258,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $702,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $960,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $191,2 miljoen betsjut dat in winst fan $769,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Hobbit: The Desolation of Smaug de op trije nei meast opbringende film fan 2013 en de op 33 nei meast opbringende film aller tiden. Lykwols koe de film syn foargonger The Hobbit: An Unexpected Journey net belykje, dy't mear as $1 miljard opbrocht.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2014 waard The Hobbit: The Desolation of Smaug nominearre foar trije Oscars, yn 'e kategoryen bêste fisuele effekten, bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing. By de BAFTA's waard de film nominearre foar twa prizen, foar bêste fisuele effekten en bêste fisazjy. De film waard ek nominearre foar in Grammy Award foar bêste liet skreaun foar fisuele media (I See Fire fan Ed Sheeran).
The Hobbit: The Desolation of Smaug wûn de Empire Awards yn 'e kategoryen bêste science fiction- of fantasyfilm en bêste manlike nijynkommeling (Aidan Turner yn 'e rol fan Kíli), en waard nominearre yn nochris fiif oare kategoryen, wêrûnder dy foar bêste film. By de Saturn Awards sleepte de film acht nominaasjes yn 'e wacht, wêrfan't er ien wûn, foar bêste produksje-ûntwerp (Dan Hennah). The Hobbit: The Desolation of Smaug wûn ek de MTV Movie Award foar bêste gefjocht (Orlando Bloom as Legolas en Evangeline Lilly as Tauriel tsjin 'e oarken), en waard nominearre foar trije oare MTV Movie Awards, in Satellite Award, twa Annie Awards en in Kids' Choice Award.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e filmtrilogy The Hobbit
- (in) Ynformaasje oer The Hobbit: The Desolation of Smaug yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|