Todd McCarthy

Todd McCarthy (Evanston (Illinois), 16 febrewaris 1950) is in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, publisist en dokumintêremakker. Hy hat yn syn karriêre skreaun foar û.m. de tydskriften Variety, The Hollywood Reporter en Deadline Hollywood.

Todd McCarthy
persoanlike bysûnderheden
echte namme Todd McCarthy
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 16 febrewaris 1950
berteplak Evanston (Illinois)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, filmhistoarikus,
publisist
jierren aktyf 1975 – no
offisjele webside
Todd McCarthy op Twitter

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

McCarthy waard yn 1950 berne yn Evanston, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as de soan fan Daniel McCarthy, in rancher en projektûnwikkeler, en dy syn frou Barbara, in selliste by it symfony-orkest Evanston Symphony Orchestra. Nei de middelbere skoalle folge er in oplieding oan 'e Universiteit fan Stanford, yn Kalifornje, dêr't er yn 1972 ôfstudearre.

KarriêreBewurkje

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, ferhuze McCarthy nei Los Angeles, dêr't er belutsen rekke by de filmyndustry fan Hollywood. Fan 1974 oant 1975 wurke er foar de filmstudio Paramount Pictures as in assistint fan filmeditor Elaine May. Yn dy hoedanichheid wied er behelle yn 'e montaazje fan 'e film Mickey and Nicky, dy't yn 1976 yn 'e bioskoop kaam. Fan 1975 oant 1977 wied er haad fan reklame en publisiteit by New World Pictures.

Yn 1975 ferskynde ûnder redaksje fan McCarthy en Charles Flynn Kings of Bs: Working within the Hollywood System, in boek oer de grutte regisseurs fan 'e B-films. Datselde jiers begûn er ek te wurkjen as filmkritikus foar it tydskrift The Hollywood Reporter, mar yn 1976 waard er alwer ûntslein. Yn 1977 wied er haadredakteur fan 'e Ingelsktalige edysje fan Le Film Français. Yn 1978 waard er oannommen as redakteur fan Film Comment. Yn 1979 krige McCarthy wurk as filmkritikus by it blêd Daily Variety, dêr't er bleau oant 1989.

Yn 1990 skreau er it senario foar de dokumintêre Preston Sturges: The Rise and Fall of an American Dreamer foar it tillefyzjenetwurk PBS, dêr't er in Emmy Award foar wûn. Hy regissearre sels ek fjouwer dokumintêres oer de filmkeunst: Vision of Light (1992), Claudia Jennings (1995), Forever Hollywood (1999) en Man of Cinema: Pierre Rissient (2007). Visions of Light waard troch de National Society of Film Critics en de New York Film Critics Circle útroppen ta de bêste dokumintêre fan it jier. Forever Hollywood draaide mear as tsien jier lang yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood.

Fierders wie McCarthy ek aktyf as publisist. Sa skreau er it boek Howard Hanks: The Grey Fox of Hollywood (2000) oer filmprodusint en regisseur Howard Hanks. Ek publisearre er Fast Women: The Legendary Ladies of Racing (2007) en yn it Frânsk Des Ovnis, des Monstres et du Sexe: Le Cinéma Selon Roger Corman (2011). It wurd foarôf fan Painting with Light, fan kameraregisseur John Alton, wie ek fan syn hân.

Yn 1991 joech McCarthy him as filmkritikus wer by it tydskrift Variety, dêr't er bleau oan maart 2010, doe't er dêre it langst tsjinjende stêflid wie. Nei't er in healjier foar IndieWire skeaun hie, waard er yn oktober 2010 op 'e nij oannommen troch The Hollywood Reporter, as haadfilmkritikus ûnder Janice Min. Yn april 2020 ferlear er dy baan, wêrnei't er letter dat jiers geregeldwei begûn te skriuwen foar Deadline Hollywood.

PriveelibbenBewurkje

McCarthy troude op 4 july 1993, doe't er 43 jier wie, mar dokumintêremakster Sasha Alpert. De brulloft fûn plak op 'e famyljeranch fan 'e McCarthy's yn Pagosa Springs yn Colorado.

PublikaasjesBewurkje

  • 1975 – Kings of Bs: Working within the Hollywood System (red., mei Charles Flynn)
  • 2000 – Howard Hanks: The Grey Fox of Hollywood
  • 2007 – Fast Women: The Legendary Ladies of Racing
  • 2011 – Des Ovnis, des Monstres et du Sexe: Le Cinéma Selon Roger Corman
  • 2013 – wurd foarôf by John Alton, Painting with Light

DokumintêresBewurkje

  • 1990 – Preston Sturges: The Rise and Fall of an American Dreamer (inkeld senario)
  • 1992 – Vision of Light
  • 1995 – Claudia Jennings
  • 1999 – Forever Hollywood
  • 2007 – Man of Cinema: Pierre Rissient

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.