Kolorado

(Trochferwiisd fan Colorado)
State of Colorado
Flagge fan Kolorado Gjin wapen
Ofkoarting CO
Haadstêd {{{Haadstêd}}}
Tiidsône -7
Algemien
Oerflakte 269.837
Befolking 4.601.403
Oare ynformaasje
Tatreden 1 augustus 1876
Oantal countys 64


Kolorado is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Denver. De namme fan Kolorado komt út it Spaansk en betsjut "kleure".

Foardat de Jeropeanen kamen waard Kolorado bewenne troch Yndianestammen as de Ute, Cheyenne en Comanche. Yn 1803 kaam in part yn besit fan de Feriene Steaten wylst de rest nei ôfrin fan de Meksikaans-Amerikaanske Kriich yn hannen fan de FS kaam yn 1848.

Resintere skiednis fan it gebiet is benammen beynfloede troch de Kolorado Gold Rush fan 1859, dy't nei in grutte taname fan de befolking late. In protte delsettings dy't yn dy tiid boud waarden, feroaren letter yn spûkstêdsjes doe't nei ferrin fan tiid it goud oprekke of de merk ynstoarte. Lykwols hawwe guons it oerlibbe as gok- of sky-plak.

Yn 1861 waard it Colorado Territory foarme, mar it stribjen nei statehood soe fertrage wurde troch in twifeljend "Congress". Op 1 augustus 1876 waard Kolorado de 38e steat fan de Feriene Steaten.

Yn 1864 wie der in gewelddiedich treffen tusken de Yndianen en de Feriene Steaten, de saneamde Kolorado-oarloch, dy't troch de Amearikanen wûn waard en resultearre yn de ferwidering fan alle Yndianen út Kolorado nei Yndianereservaten yn Oklahoma.

Kolorado grinzet oan de steaten Wyoming, Nebraska, Kansas, Oklahoma, Nij Meksiko, Arizona en Utah en har oerflakte is 269.837 km² grut wêrby it eksakt rjochthoekich is. Troch de kromming fan de ierde is lykwols de súdgrins in myl of wat langer as de noardgrins. Trochstrings leit de steat 2073 meter boppe seenivo. It heechste punt is de top fan Mount Elbert (4399 m).

It eastlike part fan Kolorado heart ta de Grutte Flakten, wylst it westen dominearre wurdt troch de Rocky Mountains. Hjir ûntspringe grutte rivieren as de Kolorado en de Rio Grande. It meastepart fan de ynwenners wennet lâns de eastrâne fan de Rockies, yn in smelle stripe dy't de Front Range neamd wurdt, wêr't troch de noard-súd highway I-25 trochhinne rint.

Nasjonale parken

bewurkje seksje

Colorado kent  parken dy't troch de Nasjonal Park Service beheard wurde.

Kolorado beskikt foaral oer in drûch klimaat. Benammen it easten is skrok mei sawat 300 dagen sinne. It meastepart fan de delslach falt yn de foarm fan snie, rein is seldsum. Yn de bergen falt by 't winter wol in protte snie. Yn de winter is it yn treflik gebiet om te skyen. Mar it wetter floeit ôf nei it westen ta.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Yn de bergen by Colorado Springs, de Cheyenne Mountain stiet de NORAD-bunker. It stêdsje South Park út de tekentelsjerige mei deselde namme leit yn Kolorado. De soaprige Dynasty spile him ôf yn Denver.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·