Idaho (Ingelsk: Idaho; útspr.: ['aidəhoʊ], likernôch "aidehoo"), offisjeel de Steat Idaho (Ingelsk: State of Idaho), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Idaho, byneamd de Gem State (de "Ealstiennesteat"), leit yn it noarden fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Boise, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Idaho mei krapoan 217.000 km² de 39e steat. Idaho is in lanlike gebiet, dat benammen bekendstiet om syn natoerskientme.

Steat Idaho
State of Idaho
flagge wapen
Esto Perpetua
(Latyn, "Dat It Foar Ivich de Tiid Trochstean Mei")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting ID
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1890)
haadstêd Boise
grutste stêd Boise
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 1.634.464 (2014)
befolkingstichtens 7,4 / km²
oerflak 216.632 km² (0,98% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Gem State
tiidsône UTC –7 (diels –8)
simmertiid UTC –6 (diels –7)
webside www.idaho.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Idaho. Foar oare betsjuttings, sjoch: Idaho (betsjuttingsside).

It is ûndúdlik wêr't de namme 'Idaho' krekt weikomt. Doe't it Amerikaanske regear yn 'e 1860-er jierren in namme socht foar in nij territoarium yn 'e Rocky Mountains, kaam de eksintrike lobbyist George M. Willing mei de namme 'Idaho' op 'e lapen, dy't, sa sei er doe, yn it Sjosjoansk, in Yndiaanske taal, "de sinne komt út 'e bergen" of "fûnkelstien fan 'e bergen" betsjutte. Letter bewearde Willing lykwols dat er 'Idaho' gewoan sels optocht hie. Hoe dan ek, it regear keas foar de namme Kolorado-territoarium, en dêrmei hie it ferhaal út wêze moatten.

 
Utsjoch op Pocatello.

Guon ûndernimmende kolonisten yn it nije territoarium, dy't derop gokten dat it Idaho komme soe te hjitten, hiene tsjin dy tiid lykwols harren delsetting al Idaho Springs neamd, en yn 1861 waard yn it eastlike part fan it Washington-territoarium in county stifte dy't Idaho County neamd waard. Uteinlik krige it hiele eastlike part fan it Washington-territoarium (ynkl. Idaho County) yn 1863 de namme 'Idaho' taparte. Nettsjinsteande Willing syn letter bekentenis, werhellen withoefolle skoalboeken oant fier yn 'e tweintichste iuw syn eardere ferhaal oer de Sjosjoanske oarsprong fan 'e namme.

Oare teoryen oer de namme 'Idaho' binne dat it ôflaat is fan it Flakte-Apachske wurd ídaahę́ , dat "fijân" betsjut, en dat ek as lienwurd yn it Komantsjysk foarkaam. Om't de Sjosjoanen út Idaho de tradisjonele fijannen fan dy folken wiene, soe de namme troch oerdracht fan 'e bewenners op it lân kommen wêze kinne te slaan. Yn Idaho sels wurdt fierders gauris ferteld dat de namme fan 'e steat út 'e Nez Persé-taal komt en "lân fan mannich rivier" betsjut.

Idaho hat in oerflak fan 216.632 km², wêrfan't 0,98% út wetter bestiet. It súdlike twatrêde part leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6), wylst it trêdepart fan 'e steat benoarden de Salmrivier ta de Pasifyske Tiidsône heart (UTC –8, simmertiid –7). Troch in flater yn 'e wet lei súdlike Idaho foarhinne teoretysk yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), mar dat is yn 2007 korrizjearre. Idaho grinzget yn it noardwesten oan 'e steat Washington, yn it westen oan Oregon, yn it suden oan Nevada en Utah, yn it súdeasten oan Wyoming, yn it noardeasten oan Montana, en yn it noarden dielt it in koarte grins fan likernôch 75 km mei de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It smelle noardlike útstekkende part fan 'e steat stiet bekend as de Idaho Panhandle (it "pannehânsel fan Idaho").

 
In reliëflânkaart fan Idaho.

It lânskip fan Idaho is woast en foar in grut part ûnûntgûn. It Frank Church-River of No Return Wyldernisgebiet, is mei 930.000 ha bgl. it grutste oanienslutende beskerme wyldernisgebiet yn 'e legere 48 Amerikaanske steaten. Ferneamd binne de lavabêden fan it Nasjonaal Monumint Craters of the Moon, en de saneamde Balanced Rock, yn súdlik Idaho. De steat is fierhinne bercheftich, mei't er yn 'e Rocky Mountains leit. Dy bergen falle útinoar yn in stikmannich lytsere berchtmen: de Sawtooth-, Bitterroot-, Cabinet-, White Cloud-, Lost River-, Clearwater- en Salmrivierbergen. Inkeld de Idaho Panhandle leit wat leger, en yn is suden fan 'e steat foarmet de Flakte fan de Snake (yn it streamgebiet rivier de Snake) in langrutsen healmoannefoarmich leechlân tusken de bergen yn.

De wichtichste rivier fan 'e steat is de Snake, dy't in diel fan 'e grins mei Washington en Oregon foarmet. Dy rivier streamt û.m. troch de saneamde Hells Canyon, de djipste rivierkleau yn 'e Feriene Steaten, en fierderop spilet er oer de Shoshone-wetterfal, dy't heger is as de folle bekendere Niagara-wetterfal. De grutste marren fan Idaho binne de Pend Oreille-mar, de Coeur d'Alene-mar, de Bearemar en it American Falls Reservoir, dat in opslachmar is. It heechste punt yn 'e steat is Borah Peak, op 3.859 m boppe seenivo, en it leechste punt is Lewiston, mei in hichte fan 216 m boppe seenivo, dêr't de rivier de Clearwater útmûnet yn 'e Snake. Der binne yn Idaho 5 Yndianereservaten:

 
Yndianereservaten yn Idaho.

● it Duck Valley Yndianereservaat (dat útstekt oer de grins mei Nevada)
● it Fort Hall Yndianereservaat
● it Keur d'Alêne Yndianereservaat
● it Kûtenai Yndianereservaat
● it Nez Persé Yndianereservaat
It grutste dêrfan is it Nez Persé Reservaat, mei in oerflak fan 3.100 km².

Argeologyske fynsten bewize dat Idaho al 14.500 jier troch minsken bewenne wurdt. Yn 'e histoaryske perioaden waarden it suden fan it gebiet befolke troch de Westlike en Noardlike Sjosjoanen, en de krite dy't no de Idaho Panhandle foarmet troch de Nez Persé, Kûtenai, Keur d'Alêne en Kalispel. De ierste Jeropeeske besikers wiene Frânske pelsjagers, dy't in protte toponimen en etnonimen efterlieten. Sa komt de namme fan 'e steatshaadstêd Boise, fan it Frânske Boisé, dat "beboske" betsjut, wylst de namme fan 'e Nez Persé (nez percé) safolle betsjut as "trochboarre noazen".

 
De Shoshone-wetterfal yn 'e rivier de Snake.

Yn 'e jierren 1805 en 1806 teach de Ekspedysje fan Lewis en Clark twaris (hinne en werom) by de rivier de Clearwater lâns, dwers troch wat letter Idaho wurde soe, ûnderweis nei (en fan) de Amerikaanske westkust. De earste blanke delsetting op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Idaho wie Kullyspell House, in hannelspost fan 'e Noardwestlike Kompanjy (letter opgien yn 'e Hudsonbaaikompanjy) dy't yn 1809 oan 'e igge fan 'e Pend Oreille-mar stifte waard troch David Thompson. As ûnderdiel fan it grutte Oregon-territoarium waard Idaho lange tiid bestjoerd troch de Britske Hudsonbaaikompanjy, oant dat territoarium yn 1846 opspjalten waard yn in noardlik Britsk diel en in súdlik Amerikaansk diel.

Idaho waard as bestjoerlike ienheid skepen doe't presidint Abraham Lincoln op 4 july 1863 de wet ûndertekene wêrmei't it Idaho-territoarium stifte waard. Yn 't earstoan omfieme dat trouwens ek Montana en in grut diel fan it hjoeddeistige Wyoming. De earste permaninte, organisearre blanke delsetting yn Idaho wie Lewiston, dat yn 1860 stifte waard en yn 1861 stedsrjochten krige. Yn 1863 hie Idaho noch mar sa'n 17.000 ynwenners, want hoewol't it gebiet oan it ferneamde Oregon Trail nei de westkust lei, en in protte kolonisten der sadwaande trochhinne teagen, setten mar in bytsje har der nei wenjen.

 
De Redfish-mar yn sintraal Idaho.

De 1860-er oant en mei de 1880-er jierren wiene in ûnlijige tiid foar Idaho, û.m. troch de gaoatysk ferrinnende ferhuzing fan 'e haadstêd fan Lewiston nei Boise, de ferbittere striid tusken Demokraten en de Republikeinen en de ûntnimming fan it stimrjocht oan mormoanen, dy't troch dyselden foar de rjochter oanfochten waard, mar wêrby't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf Idaho yn 1877 yn it gelyk stelde. Fierders waard fanút Washington, D.C. besocht om Idaho op te spjalten tusken Washington, dat yn 1889 de status fan steat krige, en Nevada, dat al yn 1864 in steat wurden wie. Dat plan rûn lykwols op 'e non, en op 3 july 1890 waard Idaho as de 43e steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Op dat stuit hie de Idaho 88.548 ynwenners.

Oarspronklik wie fral de mynbou fan belang foar de ekonomy fan Idaho, mei't der yn 1866 by it plak Pierce goud ûntdutsen waard, wat in beheinde goudkoarts feroarsake. Boppedat bliek Idaho oer grutte foarrieden sulver te beskikken. Letter waard de lânbou lykwols folle wichtiger, en fan gefolgen waard Idaho ûnder de Grutte Depresje it swierst troffen fan alle steaten yn it Amerikaanske Noardwesten. Foar Idahooske boeren giene de ynkomsten yn dy snuorje omleech fan $686 jiers yn 1929 nei $250 jiers yn 1932. Resint hat Idaho war dien 'e ekonomy fan 'e steat te diversifiëarjen, troch mear yn te setten op it toerisme en de ynformaasjetechnology.

 
Utsjoch op it Steatskapitoal fan Idaho, yn Boise.

Idaho bestiet (sûnt 1919) bestjoerlik út 44 countys. De steatshaadstêd, Boise, leit yn Ada County, yn it súdwestlike part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Idaho bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Idaho, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Idaho, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Idaho fanwegen syn relatyf lytse befolking ek mar 2 sitten.

It politike lânskip fan Idaho wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Oarspronklik wiene yn Idaho de Demokraten fierwei yn 'e mearderheid, om't har der nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in protte Demokraten út it Suden en Midwesten nei wenjen setten. Tagelyk waarden de territoriale gûverneurs yn dy snuorje beneamd troch Republikeinske presidinten, sadat se sels yn 'e regel ek Republikeinen wiene. Dy tsjinstelling late ta ferbittere botsings, wêrûnder in ôffredingsoarloch wêrby't de Demokraten de skiephoeders en de Republikeinen de koweboeren stipen. Fan likernôch 1890 ôf hawwe de Republikeinen ornaris de grutste oanhing hân yn Idaho.

 
De weetrispinge yn Palouse.

It bruto steatsprodukt fan Idaho bedroech yn 2012 $58,2 miljard, wat omrekkene per lid fan 'e befolking útkomt op $36.472. De ekonomy fan Idaho stipet foar in grut part op 'e lânbousektor, en de steat produsearret likernôch in trêde fan alle jirpels dy't yn 'e Feriene Steaten ferboud wurde. Oare wichtige agraryske produkten binne weet en tsiis. Fierders is de boskbou yn Idaho fan grut belang, en teffens de dêrmei gearhingjende houtferwurkjende en papieryndustry. Yn 'e Idahooske yndustry wurde fierders ek masinery, gemyske produkten en elektroanika makke.

De steat stiet bekend as de Gem State ("Ealstiennesteat") om't hast eltse bekende soarte ealstien der yn 'e grûn sit; sadwaande is ek de mynbou wichtich, wêrby't teffens nei sulver dold wurdt. De haven fan Lewiston, op it plak dêr't de rivier de Clearwater gearfloeit mei de Snake, is it fierste plak yn it Amerikaanske binnenlân dat troch skippen fan 'e Stille Oseaan ôf te berikken is. Sûnt de 1990-er jierren hat men besocht en wreidzje de Idahooske ekonomy út op it mêd fan toerisme en ynformaasjetechnology. De elektrisiteit fan Idaho wurdt foar 75% opwekke troch wetterkrêftsintrales.

 
Befolkingstichtens yn Idaho.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Idaho yn 2014 1.635.000 ynwenners, wat in groei fan 4,3% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 7,4 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Boise, mei 212.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: Nampa (88.000), Pocatello (61.000) en Idaho Falls (59.000). It grutste plakken yn 'e Idaho Panhandle binne Coeur d'Alene (46.000) en Lewiston (37.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Idahooske befolking doe sa: 77,9% blanken; 11,2% Latino's; 1,4% Yndianen; 1,2% Aziaten; 0,6% swarten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 7,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Blanke Idahoosters binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (18,9% fan 'e totale Idahooske befolking), Ingelsen (18,1%), Ieren (10,0%), Angelsaksyske Amerikanen (8,4%), Noaren (3,6%) en Sweden (3,5%).

 
Hjerst yn Boise.

Idaho omfiemet 5 federaal erkende Yndianestammen. Dat binne:
● de Keur d'Alêne Stamme
● de Kûtenai Stamme fan Idaho
● de Nez Persé Stamme fan Idaho
● de Sjosjoanske en Bannock Stammen fan it Fort Hall Reservaat fan Idaho
● de Sjosjoanske en Pajût Stammen fan it Duck Valley Reservaat
Dizze stammen hawwe allegearre har eigen reservaat. Der binne yn Idaho gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

De offisjele taal fan Idaho is it Ingelsk, dat troch it oergrutte part fan 'e befolking as memmetaal sprutsen wurdt. De op ien nei grutste taal is it Spaansk, dat yn Idaho as memmetaal sprutsen wurdt troch likernôch 10% fan 'e befolking.

 
De tsjerke ('timpel') fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Idaho Falls.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 81% fan 'e befolking fan Idaho út kristenen, wêrûnder 63% protestanten, 18% roomsen en minder as 0,5% eastersk-otterdoksen. Yn 2010 wiene de grutste protestantske denominaasjes de (mormoanske) Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, mei rom 409.000 leden, en de Gearkomsten fan God mei 22.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2008 18% fan 'e befolking. Alle oare godstsjinsten mei-inoar foarmen likernôch 1% fan 'e befolking.

Idaho hat in lânklimaat, dat yn 'e hegere dielen fan 'e Rocky Mountains oergiet yn in heechberchtmeklimaat. Hoewol't de steat 560 km fan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ôf leit, kin de timperjende ynfloed fan 'e see yn Idaho noch altyd dúdlik fernommen wurde, mei't it klimaat der net sa kâld is as men yn in noardlike en bercheftige steat ferwachtsje soe. It westen fan Idaho hat drûgere simmers en wietere winters, wylst dat yn it easten krektoarsom is. It easten is trouwen in stik drûger, mei't it mear yn it reinskaad fan 'e Rocky Mountains leit. Simmerdeis kinne de temperatueren oerdeis oprinne oant boppe de 30 °C, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant fier ûnder it friespunt, mar yn 'e regel net foar langere perioaden. Rekôrtemperatueren wiene 48 °C, op 28 july 1934 yn Orofino, en –51 °C op 18 jannewaris 1943 op 'e Island Park-keardaam.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·