Nij-Meksiko (Ingelsk: New Mexico, útspr.: [nu: 'mεksɨkoʊ], likernôch: "Nûû Meksikkoo"; Spaansk: Nuevo México, útspr.: ['nweβo 'mexiko], likernôch: "nweebo chikoo"; Navaho: Yootó Hahoodzo, útspr: [jo:to haho:dzo], likernôch: "jooto hahoodzo"), offisjeel de Steat Nij-Meksiko (Ingelsk: State of New Mexico; Spaansk: Estado de Nuevo México), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Meksiko, byneamd Land of Enchantment ("Lân fan Betsjoening"), leit yn 'e regio fan it Amerikaanske Súdwesten. De haadstêd is Santa Fe, mar de grutste stêd is Albuquerque. Neffens in skatting út 2014 hie de steat goed 2 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 36e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Meksiko mei goed 315.000 km² de 5e steat. Nij-Meksiko in tinbefolke gebiet, dat bekend stiet om syn woastinen en syn Yndiaanske en Latino-kultueren.

Steat Nij-Meksiko
State of New Mexico (Ingelsk)
Estado de Nuevo México (Spaansk)
flagge wapen
Crescit eundo
(Latyn, "Geandewei wurdt it grutter")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting NM
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1912)
haadstêd Santa Fe
grutste stêd Albuquerque
offisjele taal Ingelsk (de facto)
Spaansk (semy-offisjele status)
sifers
ynwennertal 2.085.572 (2014)
befolkingstichtens 6,6 / km²
oerflak 315.194 km² (0,2% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme Land of Enchantment
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.newmexico.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nij-Meksiko (betsjuttingsside).

Namme bewurkje seksje

Der wurdt gauris tocht dat Nij-Meksiko ferneamd is nei it oangrinzgjende Meksiko, in lân dêr't it 27 jier lang diel fan útmakke (fan 1821 oant 1848). Mar dat is net wier. Nij-Meksiko waard yn 1563 sa neamd troch iere Spaanske ûntdekkingsreizgers, mear as 250 jier foar't Meksiko as ûnôfhinklik lân syn namme oannaam (earder hiet Meksiko Nij-Spanje en wie it in Spaanske koloanje). Feitlik waard Nij-Meksiko ferneamd nei it Azteekske Ryk, dat yn it Azteeksk Mexica hiet, om't de Spanjerts mienden dat Nij-Meksiko Yndiaanske kultueren fan ferlykbere monetêre rykdom omfieme.

 
It wite sân fan it Nasjonaal Monumint White Sands.

Geografy bewurkje seksje

Nij-Meksiko hat in oerflak fan 315.194 km², wêrfan't 0,2% út wetter bestiet. It leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6), en grinzget yn it noarden oan 'e Amerikaanske steat Kolorado, yn it westen oan 'e steat Arizona, en yn it súdeasten en easten oan 'e steat Teksas. Yn it uterste noardeasten hat it fierders in 55 km lange grins mei de Oklahoma Panhandle, in útstykjend diel fan 'e steat Oklahoma. Yn it súdwesten, dêr't Nij-Meksiko tsjin Meksiko oan leit, hat de steat syn iennichste ynternasjonale grins.

Nij-Meksiko hat in fierhinne fjouwerkantige foarm; inkeld yn it súdwesten stekt it grûngebiet in eintsje nei it suden ta út. Dat diel fan 'e steat wurdt dêrom wol de Hakke fan Nij-Meksiko neamd. De eastgrins mei de Oklahoma Panhandle leit persiis op 103° westerlingte, en dy mei Teksas leit 5 km mear nei it westen ta. De westgrins mei Arizona leit op 109°03′ westerlingte, en de noardgrins mei Kolorado leit persiis op 37° noarderbreedte. Yn it uterste noardwesten foarmet de grins, dy't dêr bestiet út twa rjochte linen dy't inoar kruse, in fjouwersteatepunt (de saneamde Four Corners), dêr't it grûngebiet fan Nij-Meksiko, Kolorado, Arizona en Utah gearkomt. It eastlike twatrêde part fan 'e Nijmeksikaanske súdgrins is mei de buorsteat Teksas, wylst it westlike trêdepart tsjin 'e Meksikaanske steaten Chihuahua (90%) en Sonoara (10%) oan leit.

 
De dripstiengrotten fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns.

Nij-Meksiko is in tige drûge steat, mei mar 650 km² oerflaktewetter. It lânskip fariëarret fan it útstrutsen, rôzekleurige woastynlân fan 'e Chihuahuawoastyn en mei kleauwen trochsniene heechflakten (mesa's) oant de Grutte Flakten yn it easten en de hege mei snie bekape bergen fan 'e Rocky Mountains. Nettsjinsteande Nij-Meksiko's imago fan drûchte wurdt in oansjenlik part fan 'e steat oerdutsen mei nullewâlden, benammen yn it bercheftige noarden. Tsientûzenen fjouwerkante kilometers fan it grûngebiet fan 'e steat hawwe in beskerme status as nasjonaal wâld. It Sangre de Cristo-berchtme, de súdlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains, rint rûchwei fan noard nei súd troch de fierhinne ûnoantaaste wyldernis fan noardeastlik Nij-Meksiko.

De steat leit trochinoar op 1.735 m boppe seenivo, mei as heechste punt Wheeler Peak, yn 'e Rocky Mountains, op 4.013 m. It leechste punt is it oerflak fan it Red Bluff Reservoir, in opslachmar oan 'e grins mei Teksas, op 867 m. De wichtichste rivier fan 'e steat is de Rio Grande, dy't fierder streamôf, yn Teksas, de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko foarmet. Oare oansjenlike rivieren binne de Pecos, de Canadian, de San Juan en de Gila. Nij-Meksiko hat in protte natoerskientme, lykas de dripstiengrotten fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns, by Carsbad, en it wite sân fan it Nasjonaal Monumint White Sands, by Alamogordo.

Der binne yn Nij-Meksiko 23 Yndianereservaten, dy't mei-inoar in oansjenlik part fan it grûngebiet fan 'e steat beslane:

 
Yndianereservaten yn Nij-Meksiko.
 
Yndiaanske ruïnes yn Chaco Canyon.

Skiednis bewurkje seksje

De ierst bekende minsklike bewenners fan Nij-Meksiko wiene de Paleo-Yndianen fan 'e Clovis-kultuer. Letter yn 'e prehistoarje waard noardlik en sintraal Nij-Meksiko behearske troch de Anasazy, de foarâlden fan 'e moderne Pûeblo-Yndianen, wylst it suden ta it ferspriedingsgebiet fan 'e Mogollon-kultuer hearde. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen it gebiet berikten, yn 'e midden fan 'e sechstjinde iuw, waard Nij-Meksiko bewenne troch de sedintêre Pûeblo-Yndianen en de nomadyske Navaho, Apachen en Jût (Ute).

 
In lânkaart mei dêrop oanjûn de fersprieding fan 'e histoaryske Yndiaanske kultueren: yn giel de Hohokam-kultuer; yn grien de Mogollon-kultuer en yn rôze de Anasazy, de foarâlden fan 'e hjoeddeiske Pûeblo-Yndianen.

Fan 1540 oant 1542 teach de Spaanske conquistador Francisco Vásquez de Coronado troch it gebiet dat letter Nij-Meksiko kaam te hjitten, dêr't er omdôch socht nei de heimsinnige Sân Gouden Stêden fan Cibola, dy't beskreaun wiene troch de roomske frater Marcos de Niza. Yn 1563 waard de namme Nuevo México optocht troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Francisco de Ibarra, dy't it uterste noarden fan 'e koloanje Nij-Spanje ferkende op 'e sneup nei goudminen, en syn befinings foarstelde as 'in nij Meksiko' (d.w.s. in gebiet dat it Ryk fan 'e Azteken yn rykdom belykje koe). Hoewol't letter bliken die dat dat net wier wie, bleau de beneaming stykjen, ek doe't it gebiet yn 1595 de status fan provinsje krige. By syn oanstelling yn 1598 bekrêftige de earste provinsjale gûverneur, Jean de Oñate 'Nij-Meksiko' as de offisjele namme fan 'e Provinsje Santa Fe yn Nij-Meksiko.

Datselde jiers, 1598, makke Oñate ek in begjin mei de kolonisaasje fan 'e nije provinsje, troch de stifting fan 'e (no net mear besteande) delsetting San Juan de los Caballeros, oan 'e igge fan 'e Rio Grande. Om it gebiet foar kolonisten tagonklik te meitsjen, liet Oñate El Camino Real de Tierra Adentro ("De Keninklike Wei fan it Binnenlân") oer in ôfstân fan 1.100 km nei it noarden trochlûke, fan Santa Bárbara, yn 'e provinsje Chihuahua, nei syn eigen ôfhandige provinsje. Yn 1607 waard oan 'e foet fan it Sangre de Cristo-berchtme de stêd Santa Fe stifte, dy't foarbestimd wie om 'e haadstêd fan Nij-Meksiko te wurden.

De Spaanske kolonisten wisten mei harren heechhertich fanwegen kommen de oars net oarlochssuchtige Pûeblo-Yndianen wolfergoed tsjin har yn it harnas te jeien, mei as gefolch de Pûeblo-Opstân, dy't yn 1680 útbriek. Dy rebûlje wie tige súksesfol, en de Spanjerts wiene twongen om Santa Fe en frijwol al harren oare delsettings yn Nij-Meksiko foar in perioade fan tolve jier op te jaan. Nei de dea fan 'e Pûeblo-lieder Popé wist Diego de Vargas Nij-Meksiko yn 1692 lykwols wer ûnder Spaansk bewâld te bringen. Wylst se Santa Fe ta in regionaal hannelssintrum ûntjoegen, stiften de weromkearende kolonisten yn 1706 út 'e omlizzende delsettings wei Albuquerque, dat útgroeie soe ta de grutste stêd yn 'e provinsje.

 
De provinsje Nij-Meksiko as ûnderdiel fan Meksiko (1821-1848).

Doe't de Spaanske koloanje Nij-Spanje yn 1821 syn ûnôfhinklikheid fan it memmelân wûn en ûnder de namme Meksiko selsstannich waard, gie Nij-Meksiko mei oer nei it nije lân, al lei it dêrbinnen alhiel oan it fuottenein, krektlyk as earder yn Nij-Spanje. Doe't yn 1836 de oanbuorjende Meksikaanske provinsje Teksas ûnder ynfloed fan Ingelsktalige kolonisten út 'e Feriene Steaten de ûnôfhinklikheid útrôp en de Republyk Teksas waard, makke dat nije lân oanspraak op alle gebiet yn 'e provinsje Nij-Meksiko dat eastlik fan 'e Rio Grande lei. De iennichste wraam dy't de Teksanen op Nij-Meksiko diene, wie lykwols de Teksaanske Santa Fe-ekspedysje fan 1841, dy't folslein mislearre en einige mei it kriichsfinzen nimmen en opsluten fan it foltallige Teksaanske leger troch de provinsjale milysje fan Nij-Meksiko.

De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de Frânske koloanje Louisiana rekkene, dy't yn 1863, by de Frede fan Parys, yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.

 
Nije arsjitektuer yn Santa Fe dy't him spegelet oan 'e tradisjonele boustyl fan 'e Pûeblo-Yndianen.

Nei't yn 1848 it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo in ein makke oan 'e twajierrige Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, wie Meksiko twongen om syn hiele noardlike grinsregio, wêrûnder ek de provinsje Nij-Meksiko, ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. Neitiid joech Teksas by it saneamde Kompromis fan 1850 yn ruil foar in bedrach fan $10 miljoen syn oanspraken op it eastlik diel fan Nij-Meksiko op, sadat op 9 septimber 1850 it Territoarium Nij-Meksiko stifte wurde koe. Dêrta hearde net inkeld de tsjintwurdige steat Nij-Meksiko, mar ek de steat Arizona, it uterste súdeasten fan Nevada en in stripe fan súdlik Kolorado. Yn 1853 skaften de Feriene Steaten fierders troch de saneamde Gadsden-oankeap fan Meksiko it tsjintwurdige Arizona besuden de rivier de Gila en de Hakke fan Nij-Meksiko oan, in gebiet dat doe ek ta it Amerikaanske territoarium kaam te hearren.

 
It Territoarium Nij-Meksiko fan 1850 oant 1866 (de pearze omlining jout it diel fan it territoarium oan dêr't de Konfederaasje ûnder de Boarger-oarloch oanspraak op makke).
 
It Territoarium Nij-Meksiko fan 1886 oant 1912.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) spile Nij-Meksiko in lytse rol yn it front bewesten de Mississippy, om't de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika oanspraak makken op 'e súdlike helte fan it Territoarium Nij-Meksiko (in gebiet dat oan 'e grins fan Kalifornje ta rikte). De Konfederaasje besocht dêr in eigen territoarium te foarmjen, dat Arizona komme moast te hjitten (net te betiizjen mei it lettere Amerikaanske territoarium mei dy namme).

Under de ambisjeuze Nij-Meksikokampanje foelen Konfederearre troepen út Teksas ûnder lieding fan generaal Henry Hopkins Sibley it gebiet begjin 1862 binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de Slach by Glorieta Pass twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn april by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei Noardlike troepen ûnder kolonel Edward R.S. Canby, dat bekend kaam te stean as de Slach by Albuquerque. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út Kolorado en Kalifornje, holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it Noardlike Leger tsjinnen.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard it oarspronklike Territoarium Nij-Meksiko yn 1866 midstwa spjalten yn twa lytsere mar ûngefear likegrutte territoaria, Nij-Meksiko en Arizona. Tagelyk waard de súdpunt fan Nevada oan dy steat tawiisd. By it Kompromis fan 1850 wie de hjoeddeiske grins tusken Nij-Meksiko en Teksas fêstlein. Dêrby waard troch in flater fan in lânmjitter de Permian-dobbe, de stêd El Paso ynbegrepen, tawiisd oan Teksas. It Territoarium Nij-Meksiko makke jierrenlang om 'e nocht oanspraak op dat gebiet, oant it der yn 1911 fan ôfseach ûnder de kampanje om as folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen te wurden. Dat barde op 6 jannewaris 1912, wêrmei't Nij-Meksiko de 47e steat fan 'e Feriene Steaten waard.

 
Wheeler Peak, it heechste punt fan Nij-Meksiko.

Yn 1928 brocht de ûntdekking fan ierdoalje wolfeart yn Nij-Meksiko, mar benammen yn Lea County en it stedsje Hobbs, dêr't de earste oaljeboarne oanboarre wie. Dy produsearre sânhûndert fetten deis en wie oant 2002 yn produksje. Under de Twadde Wrâldoarloch waard yn Nij-Meksiko te Los Alamos yn it dêr fêstige Nasjonaal Laboratoarium Los Alamos de atoombom útfûn, dy't foar it earst test waard op 'e Trinity site, yn 'e Nijmeksikaanske woastyn tusken Socorro en Alamogordo, op wat no it Militêr Oefenterrein White Sands is.

Bestjoer bewurkje seksje

Nij-Meksiko bestiet bestjoerlik út 33 countys. De steatshaadstêd, Santa Fe, leit yn Santa Fe County, sitewearre yn it middennoarden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Meksiko bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Legislatuer fan Nij-Meksiko, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 42 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Nij-Meksiko, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twa senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Nij-Meksiko 3 sitten.

 
Santa Fe, de haadstêd fan Nij-Meksiko.

It politike lânskip fan Nij-Meksiko wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Nij-Meksiko wurdt beskôge as in swingsteat, dêr't sawol de Demokraten as de Republikeinen by ferkiezings in mearderheid winne kinne. Hoewol't it fierhinne in plattelânsgebiet is en plattelânsbewenners meast op 'e Republikeinske Partij stimme, wurdt dat feit yn it gefal fan Nij-Meksiko yn lykwicht holden troch in oar feit, nammentlik dat in grut part fan 'e befolking út Latino's bestiet, dy't trochstrings op 'e Demokratyske Partij stimme.

Ekonomy bewurkje seksje

It bruto steatsprodukt fan Nij-Meksiko lei yn 2010 op $80 miljard. Yn 2007 bedroech it bruto steatsprodukt omrekkene per lid fan 'e befolking $31.474. De ekonomy fan 'e steat moat it benammen hawwe fan 'e lânbou, de oaljeyndustry en it toerisme, hoewol't der yn 'e krite om Albuquerque ek in protte high-techyndustry is, benammen op it mêd fan 'e loft- en romtefeart. Ek binne der yn 'e steat in protte callcenters fêstige. Wat de oalje-yndustry oangiet, is Nij-Meksiko de op twa nij grutste oaljeprodusearjende steat fan 'e Feriene Steaten. Yn 2006 kaam fan alle Amerikaanske ierdoalje 3,4% út Nij-Meksiko, en fan alle ierdgas 8,5%.

 
It Albuquerque International Balloon Fiesta, in ballonfeest dat jierliks yn Albuquerque holden wurdt.

Mar wylst de wichtigens fan oalje en gas stadichoan ôfnimt, waakst it toerisme krekt oan. Toeristen besykje Nij-Meksiko benammen fanwegen de natoerskientme. De dripstiengrotten fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns, by Carsbad, en it wite sân fan it Nasjonaal Monumint White Sands, by Alamogordo, nimme dêr in wichtich plak by yn. Oare grutte publykslûkers binne de histoaryske Yndiaanske delsettings, de pueblo's, en de Yndiaanske kasino's. Fierders komt der in soad folk ôf op it Albuquerque International Balloon Fiesta, in ballonfeest dat jierliks yn Albuquerque holden wurdt, lûkt ek Roswell in protte toeristen, dêr't yn 1947 in bûtenierdsk romteskip delstoart wêze soe.

Demografy bewurkje seksje

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Nij-Meksiko yn 2014 2.085.572 ynwenners, wat in groei fan 1,28% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 6,6 minsken de km². Fan 'e befolking fan Nij-Meksiko wie yn 2010 51,4% berne yn Nij-Meksiko sels, wylst 37,9% berne wie yn in oare Amerikaanske steat, 1,1% yn Porto Riko of oare Amerikaanske territoaria, en 9,7% yn it bûtenlân.

 
Befolkingstichtens yn Nij-Meksiko.

De grutste stêd fan 'e steat is Albuquerque, mei goed 550.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: Las Cruces (101.000), dat tsjin 'e súdgrins mei Teksas oan leit en diel útmakket fan 'e stêdekloft fan El Paso; Rio Rancho (92.000), in foarstêd fan Albuquerque; de steatshaadstêd Santa Fe (70.000); en it ufologysk sintrum Roswell (49.000).

Etnisiteit bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Nijmeksikaanske befolking doe sa: 46,3% Latino's; 40,5% blanken; 9,4% Yndianen; 2,1% swarten; 1,4% Aziaten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke Nijmeksikanen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (9,8% fan 'e totale steatsbefolking) en Ingelsen (7,2%).

De Latino's foarmje yn Nij-Meksiko de grutste befolkingsgroep, mar net de mearderheid fan 'e befolking. Wol is harren persintaazje fan 'e befolking fan Nij-Meksiko (46,3%) it heechste fan alle Amerikaanske steaten. It meastepart fan harren (83%) is lânseigen yn 'e steat; d.w.s. dat harren foarâlden der al wennen doe't Nij-Meksiko yn 1848 by de Feriene Steaten kaam te hearren. De mearderheid fan 'e Nijmeksikaanske Latino's beweart ôf te stamjen fan 'e oarspronklike Spaanske kolonisten dy't har yn 'e sechstjinde, santjinde en achttjinde iuw yn 'e krite nei wenjen setten. Dizze saneamde Hispano's fan Nij-Meksiko libje tsjintwurdich benammen yn it noardlike part fan 'e steat. Latino's yn súdlik Nij-Meksiko binne faker resinte ymmigranten út Meksiko (16,3%) en Midden-Amearika wei.

De Yndianen fan Nij-Meksiko binne benammen Navaho, Apachen en Pûeblo-Yndianen. Nij-Meksiko hat ien fan 'e grutste Yndiaanske befolkings fan alle Amerikaanske steaten. Yn absolute termen wenje allinnich yn Kalifornje, Oklahoma en Arizona mear Yndianen as yn Nij-Meksiko, en prosintueel meitsje Yndianen yn Nij-Meksiko nei Alaska it grutste oanpart yn 'e befolking út fan alle Amerikaanske steaten. Fan gefolgen is sawol de ynfloed fan 'e Latino's as dy fan 'e Yndianen sichtber yn 'e flagge fan Nij-Meksiko, dy't mei read en giel de tradisjonele Spaanske kleuren hat, mei as sintraal symboal it sinne-embleem fan 'e Zia Pûeblo.

 
Albuquerque, de grutste stêd fan Nij-Meksiko.

Nij-Meksiko omfiemet 24 federaal erkende Yndianestammen.

 
De Steatsuniversiteit fan Nij-Meksiko.

Dizze stammen hawwe elts har eigen Yndianereservaten, op 'e Fort Sill Apache Stamme nei, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw nei Oklahoma deportearre waard, mar no besiket om him wer yn syn âlde heitelân te fêstigjen. Fierders waarden yn 2007 de Genízaro troch de Legislatuer fan Nij-Meksiko erkend as in lânseigen groep, wat de wei frijmeitsje moat foar de úteinlike erkenning fan in Genízaro-stamme op steats- of mooglik op federaal nivo.

Taal bewurkje seksje

Nij-Meksiko hat net in offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is. De oarspronklike grûnwet, út 1912, skreau in twatalich bestjoer foar, wêrby't steatswetten sawol yn it Ingelsk as it Spaansk publisearre wurde moasten. Dy ferplichting waard neitiid twaris bekrêftige, yn 1931 en op 'e nij yn 1943. It wie oant 1935 tastien om ûnder formele sittings fan it steatskongres Spaansk te sprekken, mar likegoed waard altyd al fan alle steatsfunksjonarissen easke dat se it Ingelsk goed yn 'e macht hiene. Lju dy't it Spaansk as memmetaal hawwe, meie foar rjochtbank en gerjochtshôf yn dy taal de eed ôflizze en tsjûgenis dwaan, en Nijmeksikanen dy't inkeld Spaansk sprekke (en hielendal gjin Ingelsk) komme likegoed yn oanmerking foar sjueryplicht as twataligen en lju dy't Ingelsk mar gjin Spaansk sprekke. Op it mêd fan it ûnderwiis is yn 'e steatsgrûnwet fêstlein dat de steat twatwalich ûnderwiis oanbiede en Spaansktalige leararen oanstelle moat yn skoaldistrikten dêr't de mearderheid fan 'e befolking Spaansktalich is.

 
De autosnelwei Interstate 25, op Santa Fe ta ridend.

Party saakkundigen wol hawwe dat Nij-Meksiko oant 1953 formeel in twatalige steat wie, mei gelikense rjochten foar it Ingelsk en it Spaansk, mar oaren bringe dêrtsjinyn dat it Spaansk sûnt 1848 altyd al de twadde fioele spile. Wer oaren binne fan miening dat it Ingelsk en Spaansk yn Nij-Meksiko de facto noch altyd gelikense rjochten hawwe as nasjonale talen, om't yn 'e steatsgrûnwet oan gjinien taal de status fan offisjele taal taparte wurdt. Yn elts gefal is Hawaï de iennichste Amerikaanske steat dy't syn twataligens by wet fêstlein hat.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hat fan 'e befolking fan Nij-Meksiko 28,8% it Spaansk as memmetaal en 4,1% it Navaho. Sa'n 64% is fan hûs út Ingelsktalich. De Hispano's fan Nij-Meksiko, it lânseigen diel fan 'e Latino-befolking fan 'e steat, sprekke Ingelsk of Nijmeksikaansk-Spaansk. Dat lêste is in dialekt fan it Spaansk dat karakterisearre wurde kin as in tige behâldende foarm dy't weromgiet op it Kastyljaansk út 'e santjinde iuw. Yn 1995 fierde Nij-Meksiko in twatalich folksliet yn: O' Fair New Mexico / Mi Lindo Nuevo México. Yn 2008 waard it earste Navaho-talige skoalboek ynfierd foar it iepenbier ûnderwiis.

 
De San Miguel-kapel yn Santa Fe, de âldste tsjerke fan Nij-Meksiko, boud yn 1610.

Godstsjinst bewurkje seksje

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 75% fan 'e befolking fan Nij-Meksiko út kristenen, wêrûnder 42% roomsen en 33% protestanten. Yn 2010 wiene de grutste protestantske denominaasjes de Súdlike Baptistekonvinsje mei goed 113.000 leden, de (mormoanske) Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen mei krapoan 68.000 leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei rom 36.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2008 22% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene it joadendom en it boedisme (elts mei 2%). De oanhingers fan alle oare religyen mei-inoar makke 3% fan 'e Nijmeksikaanske befolking út.

Klimaat bewurkje seksje

Nij-Meksiko hat in klimaat dat oer it algemien drûch oant tige drûch is en klassifisearre wurde kin as in woastynklimaat mei hjir en dêr eilantsjes fan steppe-, lân- en heechberchtmeklimaat. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan 38 °C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter sakket oant tusken de 10 en 15 °C oerdeis. Rekôrtemperatueren wiene 50 °C, op 27 juny 1994 yn 'e neite fan Loving, en –46 °C op 1 febrewaris 1951 te Gavilan. Nij-Meksiko kriget jiers yn trochsneed mar 350 mm delslach.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
             Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia