Conquistador
Conquistador (meartal: conquistadores), Spaansk foar "feroverder", is de beneaming dy't de Spanjerts joegen oan de iere Spaanske oermasterers fan de Nije Wrâld. Dat wienen soldaten, ûntdekkingsreizgers en aventoerslju dy't in grut part fan Latynsk-Amearika en de Filipinen fan de 15e oant de 17e iuw ûnder Spaansk bewâld brochten.
Neidat Kolumbus Amearika ûntdutsen hie, stjoerde Spanje der al gau ekspedysjes hinne, om de "Nije Wrâld" te kristenjen. Dy ekspedysjes waarden foar it meastepart laat troch hidalgos dy't ta de ferearmoede adel hearden. Sy hopen yn Latynsk-Amearika harren fortún meitsje te kinnen, eat dat yn Jeropa net mooglik wie. In soad conquistadores kamen út Ekstremadoera.
Ynearsten waard troch de conquistadores de ynlânske befolking tige min behannele. In protte Yndianen waarden troch harren deade, mishannele of ta slaaf makke. De Yndiaanske stêden waarden ferneatige en dêrtroch binne in soad wichtige kultuersintra fan ûnder oaren de Inka's en de Maya's ferdwûn.
List fan conquistadores en Spaanske ûntdekkingsreizgers
bewurkje seksjeNamme (regio fan ferovering of ûntdekking, tiidrek fan ferovering of ûntdekking)
- Diego de Almagro (Perû, 1524-1535, Sily, 1535-1537)
- Pedro de Alvarado (Kuba, 1511, Meksiko, 1518-1521, Gûatemala 1523-1527, Perû, 1533-1535, Nij-Galysje, 1540-1541)
- Lucas Vásquez de Ayllón (eastkust fan Noard-Amearika, 1524-1527)
- Vasco Núñez de Balboa (Panama, 1510-1519)
- Nuño Beltrán de Guzmán (Nij-Galysje, 1529-1536)
- Sebastián de Benalcázar (Ekwador en Kolombia, 1533-1536)
- Álvar Núñez Cabeza de Vaca (súdwesten fan de Feriene Steaten, 1527-1536, Súd-Amearika, 1540-1542)
- Francisco Hernández de Córdoba (Yucatán, 1517)
- Francisco Hernández de Córdoba (Nikaragua, 1524 - 1526)
- Francisco Vásquez de Coronado (súdwesten fan de Feriene Steaten, 1540-1542)
- Hernán Cortés (Mexico, 1518-1522, Hondueras, 1524, Baja California, 1532-1536)
- Bernal Díaz (Yucatán, 1517-1518, Meksiko 1519-1521)
- Nikolaus Federmann (Fenezuela, 1530-1535, Kolombia 1535-1539)
- Juan de Grijalva (Yucatán, 1518)
- Gonzalo Jiménez de Quesada (Kolombia, 1536-1537, Fenezuela, 1569-1572)
- Francisco de Montejo (Yucatán, 1527-1546)
- Pánfilo de Narváez (Jamaika, 1509, Kuba, 1512, Florida, 1528)
- Diego de Nicuesa (Panama, 1506-1511)
- Cristóbal de Olid (Hondueras, 1523-1524)
- Francisco de Orellana (Amazône, 1541-1543)
- Francisco Pizarro (Perû, 1509-1535)
- Gonzalo Pizarro (Perû, 1540-1542)
- Juan Ponce de León (Puerto Riko, 1508, Florida, 1513 en 1521)
- Gonzalo de Sandoval (Meksiko, 1519-1527)
- Hernando de Soto (súdeasten fan de Feriene Steaten, 1539-1542)
- Martin de Ursua (El Petén yn noard Gûatemala), 1696-1697)
- Pedro de Valdivia (Sily, 1540-1552)
- Diego Velázquez de Cuéllar (Kuba, 1511-1519)
- Miguel López de Legazpi (Filipinen, 1565-1572)
- Martin de Goiti (Manilla, 1569)