República de Colombia
Flagge fan Kolombia Wapen fan Kolombia
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kolombia
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Bogota
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt Kolombiaanske peso (COP)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 20 july
Lânkoade COL
Ynternet .co
Tillefoan 57

Republyk Kolombia is in lân yn it noardwesten fan Súd-Amearika. De haadstêd is Bogota.

It lân wurdt begrinze troch de lannen:

 
De besnijde piken fan de Nevado del Tolima fulkaan, 5,200 meter.

De haadstêd en grutste stêd fan it lân is Bogotá. Oare grutte plakken binne: Medellín, Cali, Barranquilla en Cartagena.

Kolombia hat in soad rivieren; it grutstepart rint yn en nei it easten. De wichtichste rivieren yn it noarden binne de Meta, de Vichada en de Gûaviare (allegear yn it streambekken fan de Orinoko). Yn it westen fan it lân streamt de Magdalena, troch de dellings fan de Andes en de Kauka.

 
Geografyske yndieling fan Kolombia

Kolombia falt rûchwei yn seis geografyske gebieten útien:

  • De noardlike útrinners fan de Andes yn it westen fan it lân, dêr't it meastepart fan de grutte stêden lizze, lykas de miljoenstêden Bogotá, Medellín en Cali.
  • In eastlike leechflakte oant de Karibyske See, dêr't ek inkele wichtige befolkingsintra binne, lykas Cartagena en Barranquilla.
  • De Pasifyske kust
  • De flakten (llanos) fan de Orinoco.
  • It oerwâld yn it uterste súdeasten dat 54 % fan it Kolombiaanske oerflakte beslacht en benammen út reinwâld bestiet en by it Amazônegebiet heart.
  • Stikmannich eilannen yn de Karibyske See en yn de Grutte Oseaan.

It klimaat is sawat oeral tropysk sûnder grutte skommelings yn temperatuer.

 
Prekolumbiaanske kultueren

Yn it prekolumbiaanske tiidrek waard it gebiet bewenne troch ynhiemske yndiaanske folken, dêr't guon fan in heech beskavingsnivo berikten. De âldste minsklike resten dy't fûn binne geane tebek nei likernôch 16.400 jier lyn. Nei de ûntdekking fan Amearika yn 1499 troch de Jeropeanen waard Kolombia healwei de 16e iuw troch de Spanjerts ferovere en kolonisearre. Selsstannigens fan Spanje folge yn 1819 en it lân krige yn 1886 har earste grûnwet.

It tsjintwurdige Kolombia bestiet sûnt 1928. Nei 1948 barden der in rige militêre kûps, folge troch de diktatuer fan Rojas Pinilla (1953-1957). Nei syn fal hawwe liberalen en konservativen it saneamde "Front fan Nasjonale Herfoarming" foarme en om bar regeard. Yn 1974 wiene de earste frije presidintsferkiezings.

It grutste part fan de befolking wennet yn it Andesgebiet en it Karibyske kustgebiet. Sa'n 49% fan de Kolombianen wennet yn stêden. Inkeld in lyts persintaazje fan de befolking is fan ynhiemske yndiaanske komôf. Likernôch de helte bestiet út mestizen, 43% is blank en 13% is fan Afrikaanske komôf.

It meastepart fan de befolking sprekt Spaansk dat ek de offisjele taal fan it lân is, yn it kustgebiet Karibysk Spaansk.

It meastepart fan de Kolombianen is Roomsk-katolyk, wylst de yndiaanske stammen yn de reinwâlden meast oanhingers fan natoergodstsjinten binne.