Orinoco
De Orinoco (Spaansk: Rio Orinoco, útsprutsen as: [oɾiˈnoko], likernôch: "orinoko") is in rivier yn it noardlike diel fan Súd-Amearika. It is ien fan de langste rivieren fan dat wrâlddiel mei in lingte fan 2.140 km fan syn boarne yn it Parimaberchtme oant syn mûning yn 'e Atlantyske Oseaan. De ôfwetteringskrite, bytiden bekend as Orinoquia, beslacht sa'n 880.000 km², mei 76,3% yn Fenezuëla en de rest yn Kolombia. De Orinoco is de op twa nei grutste rivier yn de wrâld neffens wetterôffier. De rivier sels en syn sydrivieren binne wichtich foar ferfier yn eastlik en ynlânsk Fenezuëla en de gersflakten (llanos) fan Kolombia. It miljeu yn it bekken fan de Orinoco hat in ryk ferskaat oan floara en fauna.
Orinoco Rio Orinoco | ||
De streamkrite fan de Orinoco | ||
geografy | ||
lân | Kolombia Fenezuela | |
ûntspringt yn | Parrimaberchtme, Fenezuëla | |
lokaasje boarne | Cerro Delgado-Chalbaud | |
mûnet út yn | Atlantyske Oseaan | |
lokaasje mûning | Delta Amacuro | |
sifers | ||
lingte | 2140 km | |
hichte boarne | 1047 m | |
hichte mûning | 0 m | |
ôfwetteringsgeb. | 880.000 km² | |
ôffier (mûning) | 37.000 m³/s |
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûning fan de rivier de Orinoco yn de Atlantyske Oseaan waard neamd troch Kolumbus op 1 augustus 1498 yn syn tredde reis. De boarne fan de rivier by Cerro Delgado-Chalbaud, yn it Parimaberchtme, waard pas ûntdutsen yn 1951, 453 jier letter. De boarne, tichteby de Fenezolaansk-Brazyljaanske grins op 1047 meter hichte boppe seenivo (2°19′05″N 63°21′42″W), waard ûntdutsen troch in groep Fenezolaanske en Frânske ûntdekkers.
De delta fan de Orinoco en de sydrivieren yn de eastlike flakten, lykas dy fan de Apura en Meta, waarden yn de sechtjinde iuw ûntdutsen troch Dútske ekspedysjes ûnder Ambrosius Ehringer en syn opfolgers. Yn 1531 fear Diego de Ordaz oant de rivier de Meta. Antonio de Berrio fear de rivier de Casanare del oant de rivier de Meta en doe fear er de Orinoco del oant Santa Ana de Coro. De Ingelskman Walter Raleigh fear de rivier del mei de hoop en sykje de mytyske stêd El Dorado en naam Antonio de Berrio yn 1595 finzen om ynformaasje te krijen dêroer. Hy berikte de savannegebieten.
Alexander von Humboldt ferkende de bekken yn 1800. Hy skreau in soad oer de floara en fauna yn it gebiet.
De earste brêge oer de Orinoco wie de Angostura-Brêge by Ciudad Bolívar, dy't yn 1967 reekaam. Yn 2006 waard in twadde brêge dien makke by Ciudad Guayana, dy't de Orinoquia-Brêge hjit.
Geografy
bewurkje seksjeDe rin fan de Orinoco foarmet in wide bôch om de Guyanaskyl hinne en is ferdield yn fjouwer parten:
- Boppe-Orinoco, is 242 km lang, dy't fan it plak dêr't it ûntspringt nei de streamfersnellings Raudales de Guaharibos rint en troch bercheftich gebiet yn noardwestlike rjochting rint.
- Midden-Orinoco, is 750 km lang en ferdield yn twa parten; it earste part, dat likernôch 480 km lang is, rint yn westlike rjochting oant it plak dêr't de rivieren de Atabapo en Guaviare mei de Orinoco gearkomme by San Fernando de Atabapo; it twadde part, dat likernôch 270 km lang is, rint yn noardlike rjochting by de Fenezolaansk-Kolombiaanske grins del, dêr't de rivier in kleau foarmet yn de westlike diel fan it Heechlân fan de Guyanaskyl, en dêrnei oer de streamfersnellings de Atures rint by it gearkommen mei de rivier de Meta by Puerto Carreño.
- Leech-Orinoco, is 959 km lang, dat troch in flakte, dêr't it in soad reint, rint yn noardeastlike rjochting fan de Atures oer Piacoa by Barrancas.
- Delta Amacuro, is 200 km lang en fiert ôf yn de Golf fan Paría en de Atlantyske Oseaan. It is in tige grutte delta, dat in oerflak fan 22.500 km² hat en dat op syn wiidst 370 km wiid is.
By de mûning, foarmet de Orinoco in brede delta, dy't hûnderten sydtakken en -rivieren hat, dy't troch in sompich gebiet fan 41.000 km² mei bosken rinne. Yn it reinseizoen kin de Orinoco wol 22 km breed en 100 m djip wurde.
De measte rivieren yn Fenezuëla binne sydrivieren fan de Orinoco. Nijsgjirrich is dat it kanaal de Casiquiare in "natuerlike kanaal" is dy't de Orinoco ferbynt mei de rivier de Amazône.
Nijsgjirrich
bewurkje seksje- It liet Orinoco Flow fan de Ierske sjongster Enya
- It ferhaal fan Robinson Crusoe fan Daniel Defoe spilet him ôf yn de delta fan de Orinoco
Sydrivieren
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|