Enya, pseudonym fan Eithne Ni Bhraonain (Gweedore, 17 maaie 1961), is in Iersk sjongster, lietsjeskriuwster en muzikant.

'Enya' fertsjintwurdiget eigentlik trije persoanen: Eithne self, Roma Ryan dy't de teksten skriuwt en Nicky Ryan dy't de albums produsearret. Wrâldwiid hat Enya mear as 75 miljoen platen ferkocht.