De Llano Estacado (Ingelske útspr.: [ˈlaːnoʊ ɛstɒˈkaːdoʊ], likernôch: "laa-no es-ta-kaa-doo"; Spaanske útspr.: [′ʝano estaˈkaðo], likernôch: "jan-noo es-ta-ka-zoo") is in grut plato yn 'e Amerikaanske steaten Teksas en Nij-Meksiko. De namme komt út it Spaansk en betsjut "Ofbeakene Flakte". It gebiet hat in oerflak fan 83.000 km². Der wenje goed 1,2 miljoen minsken. De grutste stêd is Lubbock. De regionale ekonomy stipet benammen op fetweiderij en de ierdoaljeyndustry.

Llano Estacado
De noardwestlike râne fan 'e Llano Estacado
De noardwestlike râne fan 'e Llano Estacado
polityk
soarte gebiet plato
lân Feriene Steaten
steaten Teksas
Nij-Meksiko
grutste plak Lubbock (Teksas)
sifers
ynwennertal 1.230.000 (2013)
oerflak 83.000 km²
befolkingstichtens 14,8 / km²
oar
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
koördinaten 33° N 102° W
kaart
De noardwestlike râne fan 'e Llano Estacado
De Llano Estacado (read omrâne) yn 'e Amerikaanske steaten Teksas en Nij-Meksiko.

It Spaansktalige toponym Llano Estacado wurdt ornaris ynterpretearre as "Ofbeakene Flakte", hoewol't it ek wol oerset is as "Fortifisearre Flakte" of "Pallisadeflakte". Yn alle gefallen liket de namme te ferwizen nei de troch hege kliffen skerp ôfbeakene westlike, noardlike en fral eastlike rânen fan it plato. In alternative útlis wol hawwe dat eartiids pealtsjes brûkt waarden om rûtes oer de fierders skaaimerkleaze flakte ôf te beakenjen.

 
In ôfbylding mei beskade reliëf fan noardwestlik Teksas en eastlik Nij-Meksiko. De kliffen dy't de eastrâne fan 'e Llano Estacado foarmje, binne eastlik fan Amarillo en Lubbock goed te sjen.

De Llano Estacado foarmet it súdwestlikste diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in plato dat bestjoerlik sjoen ta it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Teksas en it easten fan 'e buorsteat Nij-Meksiko heart. Yn Teksas is de Llano Estacado ferdield oer twa geografyske regio's: it noardlike part leit yn 'e Teksaanske Panhandle, wylst it súdlike diel ta West-Teksas rekkene wurdt.

Yn it easten wurdt de Llano Estacado begrinzge troch de Caprock Escarpment, in hommels yn 'e flakte oprizend klif fan 100 m heech, dat oer ferskate hûnderten kilometers yn noard-súdrjochting rint. De noardlike ôffreding fan 'e Llano Estacado wurdt foarme troch de rivier de Canadian, dy't ûntspringt yn 'e Rocky Mountains fan noardlik Nij-Meksiko en it noarden fan 'e Panhandle fan Teksas yn east-westrjochting trochsnijt ûnderweis nei Oklahoma, dêr't er gearfloeit mei de Arkansas. Yn it westen wurdt de Llano Estacado begrinzge troch de Mescalero Escarpment oan 'e eastkant fan 'e Delling fan 'e Pecos. Allinnich yn it suden hat de Llano Estacado gjin natuerlike grins; dêr giet it plato ter hichte fan Big Spring (Teksas) stadichoan oer yn it Edwardsplato, dat nei it suden hast oan San Antonio ta rikt.

De Llano Estacado mjit likernôch 400 km fan noard nei súd en sa'n 240 km fan east nei west. It beslacht in oerflak fan 83.000 km² (grutter as de steat Indiana) en is dêrmei ien fan 'e grutste plato's fan Noard-Amearika. Ta de Llano Estacado heart it hiele of in diel fan it grûngebiet fan 33 countys fan Teksas en fan 4 countys fan Nij-Meksiko. It plato draacht fan it súdeasten nei it noardwesten op fan 900 m nei 1.500 m boppe seenivo, mei in suver unifoarme oprin fan 2 m de km.

De minsklike bewenning fan 'e Llano Estacado giet sa'n 10.000 jier tebek. De Yndiaanske folken dy't der yn 'e histoaryske perioade libben, wiene de Meskalearo-Apachen (Mescalero Apache) en de Lipan-Apachen (Lipan Apache). De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't it plato oandie, wie de Spaanske conquistador Francisco Coronado yn 1541.

Yn 'e iere achttjinde iuw wreiden de Komantsjen (Comanche), in nomadysk folk fan 'e súdlike Grutte Flakten, en harren bûnsgenoaten de Kajowa (Kiowa) en de Flakte-Apachen (Plains Apache), harren wengebiet út nei de Llano Estacado, wêrby't de Meskalearo-Apachen en de Lipan-Apachen nei it westen, resp. suden dreaun waarden. It plato kaam doe diel út te meitsjen fan 'e saneamde Komantsjearia, it lân 'e Komantsjen. Pas yn 1872 krong de kavalery fan it Amerikaanske Leger foar it earst troch ta de Llano Estacado, yn 'e foarm fan in ôfdieling ûnder befel fan kolonel Ranald S. Mackenzie. It plato bleau in bolwurk fan 'e Komantsjen oant de oerjefte fan 'e lêste frije troep fan dat folk yn 1875.

 
De kliffen fan 'e noardrâne fan 'e Llano Estacado yn Nij-Meksiko.

De ekonomy fan 'e Llano Estacado is benammen agrarysk. Der wurdt fral oan fetweiderij fan fleiskij dien. Dêrnjonken is der ek bou fan katoen, sorgum, stynske weet, pinda's, sinneblommen en grienten. Troch de drûchte fan it gebiet moat dêrfoar gebrûk makke wurde fan yrrigaasje út 'e Ogallala Akwifer, in ûndergrûnske wetterboarne. Yn it súdlike diel fan 'e Llano Estacado, oan 'e Teksaanske kant fan 'e steatsgrins, is ek de ierdoaljeyndustry fan belang. It mulpunt fan dy sektor yn West-Teksas is lykwols fêstige yn Midland, dat krekt súdlik fan 'e Llano Estacado leit. Yn 'e ienentweintichste iuw is fierders it opwekjen fan griene enerzjy troch grutte wynmoleparken fan grut belang wurden foar de ekonomy fan 'e Llano Estacado.

 
Lubbock, de grutste stêd op 'e Llano Estacado.

De Llano Estacado hie neffens gegevens út 2013 doe in befolking fan 1.230.000 minsken. De befolkingstichtens fan it plato kaam dêrmei út op 14,8 persoanen de km². De grutste stêd yn it gebiet is Lubbock, yn West-Teksas, mei (yn 2020) 264.000 ynwenners. De op ien nei grutste stêd is Amarillo, yn 'e Teksaanske Panhandle, mei 201.000 ynwenners.

De Llano Estacado hat in steppeklimaat dat karakterisearre wurdt troch lange hjitte simmers en kâlde winters. De trochsneed temperatuer oerdeis yn july, de waarmste moanne, bedraacht 32 °C. De delslach is relatyf beheind, mei trochinoar mar 580 mm jiers, en yn it westen mar 360 mm jiers. Wat der by 't simmer falt, giet frijwol folslein ferlern troch ferdamping, sadat de effektive delslach eins noch leger leit. Der komme op 'e Llano Estacado gauris stofstoarmen foar, in ferskynsel dat mooglik makke wurdt troch de drûchte, it gebrek oan reliëf en de losse toplaach fan 'e grûn, mei't der amper djipbewoartele planten groeie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.