Kjeld

(Trochferwiisd fan Kâld)

Kjeld is it tsjinstelde fan waarmte. It byhearrende eigenskipswurd is kâld. Mei betrekking ta temperatuer is kjeld lykwols in relatyf begryp, dat gearhinget mei subjektive persepsje. As eat in legere temperatuer hat yn ferhâlding mei de temperatuer fan wat oars, is it kâlder, mar net needsaaklikerwize kâld. In foarbyld: airconditioning ferleget simmerdeis, by hege temperatueren bûtendoar, de temperatuer binnendoar. As men dan fan bûten komt, bygelyks út 'e hjitte sinne yn in koele winkel, dan kin it suver kâld oanfiele. Soe deselde binnendoartemperatuer ek by 't winter hanthavene wurde, dan soe it by it binnengean fan 'e winkel just waarm oanfiele, om't de bûtendoartemperatuer dan folle leger wie.

It sniedek op it Poalplato fan Antarktika, dat bekend stiet om 'e kjeld dy't der hearsket.

De leechste temperatuer dy't bestiet, is it absolute nulpunt, dat definiëarre wurdt as 0,00 K op 'e skaal fan Kelvin, dy't de absolute termodynamyske temperatuer werjout. Dat komt oerien mei –273,15 °C op 'e skaal fan Celsius en –459,67 °F op 'e skaal fan Fahrenheit. It wurklik wier berikken fan dy alderleechste temperatuer is oant no ta ûnmooglik bleken, mar it is wittenskippers wol slagge om in temperatuer krekt deroppe te berikken: 10–12 K.

Om't it begryp 'temperatuer' eins itselde is as de hoemannichte termyske enerzjy dêr't eat oer beskikt (d.w.s. de kinetyske enerzjy fan 'e willekeurige bewegings fan 'e gearstallende molekulen en molekúldielen), hat in foarwerp minder termyske enerzjy as it kâlder is en mear as it waarmer is. As it mooglik wêze soe om in stikje matearje ôf te kuoljen ta it absolute nulpunt, soe alle beweging op molekulêr nivo ophâlde. Alle gearstallende dieltsjes soene dan yn 'e klassike sin folslein yn rêst wêze en it stikje matearje soe hielendal net mear oer termyske enerzjy beskikke. De kwantummeganika leart lykwols dat matearje sels op it absolute nulpunt noch nulpuntenerzjy hat fanwegen it ûnwissichheidsprinsipe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.