Haadmenu iepenje
Paleis fan Justysje yn Ljouwert

In gerjochtshôf of gerjochtshof berjochtet yn Nederlân rjochtsaken yn heger berop.

SakenBewurkje

In Gerjochtshôf berjochtet rjochtsaken op it mêd fan strafrjocht en boargerlik rjocht yn heger berop. Fierder wurde dêr ek belêstingsaken behannele. Fierder kin eltse belanghawwende by in strafber feit kleie by it hof oer it net nimmen fan in beslissing ta ferfolging troch de ofsier fan justysje, de saneamde 12 Sv proseduere.

Allinnich yn Ljouwert wurde ek saneamde WAHV- of Mulder-saken behannele. Dat is it heger berop tsjin beslissings fan de kantonrjochter út hiel it lân tsjin lytse ferkearsoertredings.

LokaasjesBewurkje

Der binne yn Nederlân fiif stêden dêr't in gerjochtshôf is: Amsterdam, Arnhim, De Bosk, De Haach en Ljouwert. Yn Ljouwert is it gerjochtshôf fêstige oan it Wilhelminaplein yn it steatlike Paleis fan Justysje.

RessortBewurkje

It rjochtsgebied fan in hof hjit in ressort. De ressorten binne opboud út arrondisseminten: